Eric Hoekstra

Midfrysk Goud i | 4. Giacomo Vredeman: ûndogenske fersen op muzyk (10-11)

logo.ensafh

Lytse swiete

Lytse swiete as wy tegearre boartsje,
is der op ’e wrâld gjin grutter nocht.
Do seiste, kom gouden, ik sis, kom hartsje,
De iene wol al dat de oare docht.
Do seiste, kom gouden, ik sis, kom hartsje,
De iene wol al dat de oare docht.

Tjalle, wolste boartsje?

Tjalle, wolste boartsje?
Doch dan de doarren ta.
Oars ha ik gjin nocht,
want as ien it sjocht.
Wat stieste sa?
Tjalle, Tjalle, wolste boartsje,
doch dan de doarren ta.

Dizze beide sankjes sprekke fierhinne foar harsels. Opmerklik is dat der yn de sankjes likefaak in frou as in man oan it wurd is.… Lês fierder