Daam de Vries

Ofskie

logo.ensafh

De titel fan dizze kollum ha ik al moannenlang yn ’e holle en earder ha ik op myn eigen bloch al oankundige dat sa’nsoartige titel der mooglikerwize wol oan siet te kommen. As it my goed heucht wie dat op 12 oktober ferline jier, mar dat ha ik no – tongersdei 30 april 2015, 00.40 oere – net neisjoen.

Ofrûne moandeitejûn krekt foar tsienen gie de telefoan. Us omke dy’t doe al in pear dagen op stjerren lei kundige neffens de ferpleging oan dat er fan doel wie der út te piken en hoewol’t soks net it meast heuchlike barren is wolle de bruorren en susters dêr dan graach by wêze, wat goed te begripen is.… Lês fierder

Daam de Vries

Segen yn ’t nije jier, fertel dat de happes mar

logo.ensafh

‘Segen’ sil wol wer net goed wêze mar ús beppe wie in Wâldpyk en ik fyn dat wy har al wat yn eare hâlde moatte. Net dat ik fierder wat dan ek mar oan nijjier ôfwinnen dien ha. Gjin nocht oan.

Tsjintwurdich moatte jo jin foar sokke aksjes ôfjaan nei in feesttinte. No bin ik foar in soad dingen geskikt, mar dêr net foar. Jo moatte dêr stean, de drank wurdt net by jin brocht, raze mei buorman of –frou kin noch krekt, prate is ûnmooglik. Jo moatte de muzyk dy’t spile wurdt ferplicht moai fine en as klapper begjinne poerfrjemde lju jo oan de hannen om te skuorren of noch slimmer: it mindere slikwurk.… Lês fierder

Daam de Vries

Narjende plofhinnen

logo.ensafh

‘Peste’ stiet yn it Frysk Hânwurdboek mei as earste ferklearring: ‘op gemiene wize pleagje’. Ik woe it – as it jim goed is (en ek as dat net sa is) – mar op ‘narjen’ hâlde. ‘Peste’ is grif frekwinter en gongberder en, noch wichtiger, mear fan dizze tiid mar dat nukt my neat.

Puber docht puber dea.

Noch net sa lang lyn, wike as wat, heechút in pear moanne of in fearnsjier. Lân yn oerstjoer. Triennen. Alderhanne lilk folk. Telegraaf der by, de ‘dieder’ yn fol ornaat op de foto, frijwat behyplik balkje oer de eagen dat mear op in splinter liket en – nei’t myn grafysk each miende te merkbiten –mei sa’n tweintich persint transparânsje.… Lês fierder

Daam de Vries

.kul

logo.ensafh

It wie juster in heuglike dei, Fryslân hat him sûnder oarlogjen ôfskaat fan de rest fan de wrâld. Wêr fine jo soks hjoeddedei noch?

Wy binne in eigensinnich folk sa liet de deputearre witte dat wy dogge hjir gjin punt-frl mar pompeblêd-frl. Dat is alderprachtichst want de winst sit him net allinnich yn de ôfskieding mar ek yn it feit dat de eigen taal yn de URL’s brûkt wurde kin. No noch in fatsoenlik toetseboerd sadat jo dat pompeblêd oanklikke kinne krekt lykas de Æ of æ.

Ik ha ek al berjocht fan myn provider hân en in domein reservearre. Gjin respons.… Lês fierder

Daam de Vries

Wynboeren

logo.ensafh

Elk folk hat rjocht op syn eigen oanslaggen. Sa ha wy by de gearkomsten fan Tsjil altyd Tuc-koekjes mei aai. En de foarsitter krijt wyn. Sa’n flesse krijt er fansels net op want hy moat meast noch in loop fan de klaai nei de wâlden dwaan, dat wat net fertroud is nimt er mei nei hûs. Soks is protokolêr fêstlein, likegoed as dat it lêste punt fan de wurklist altyd is: ‘Ofwaaid praat’. Kom dêr yn oarstalige oarden ris om.

Fryslân, it bêste lân fan d’ierde. See, bosk, sân, moude en tige fruchtdragend: molke, tsiis, ierdappels. Dêr moatte jo wat mei!… Lês fierder

Daam de Vries

Sa’n reservaat hoecht om my no ek wer net

logo.ensafh

Wy ha rommelmerk hân. Dat is in soartemint fan kultureel heechstantsje dat al in fjirtich jier giet en dêr’t gjin bidboek fan is. En ek gjin draaiboek. Fan de opbringst kin de dirigint fan de brassband al rejaal in jier lang betelle wurde. Myn beskieden rol is û.o. te soargjen foar wat papiereboel mei prizen en oare nuttige ynformaasje. Moast doe’t de saak hong in lytse korreksje op oanbrocht wurde. Dat diene se yn it Frysk.

Us pleatslike gruthannel yn fleisguod hat in nije kuolauto. Dy brûke wy altyd fergees. Dy nije auto stiet alles yn it Frysk op oanjûn.

In Yndonesysk type hat in lokaal figuer hjir útsegene om’t dy har yn it Hollânsk oanspriek.… Lês fierder

Daam de Vries

Knoffeljende bekkens

logo.ensafh

De meast deprimearjende wize fan it merkbiten en benammen fan it mjitten fan muzikale glâns is wol it konkoers. Ha ris meimakke dat myn blaasmaat yn de bus in epilepsy-oanfal krigen. Dat is no net daliks de meast gaadlike opmaat nei in mei ynmoed brochte muzikale jefte mar seit tagelyk hielendal neat oer de reis en benammen net oer de wille yn de oanrin fan goed tsien wike.

Yn dy tiid wie it noch sa dat de konkurrinsje dêr wat begryp foar opbringe koe en waard yn ûnderling oerlis nei de lotting útmakke dat wy as lêste blaze koene en as it my goed heucht ek noch kampioen waarden.… Lês fierder