Gerrit de Vries

Begrypst my wol

logo.ensafh

 

mear as
myn petry-skaaltsje
myn siedferedelingsbedriuw

bisto myn steunhoas
as myn ieren spatte
ik mar wat omstroffelje
myn keunstgebit
ik moat dochs ite
myn fjoertoer
as ik it paad
bjuster bin

do bist myn batterijlader
myn dialyzefilter
myn pompstasjon

loegje op myn golle
hekkelje myn sleatswâl
ikkerje my
as myn fuorgen
oerrinne

begrypst my wol
of moat ik sizze
leafste

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmailLês fierder
Gerrit de Vries

Oanreitsje

logo.ensafh

 

wat docht it my

as buiewolken
leadgrize loften skowe
op wite wynfearren
dûnker driigjend
it lân yn rôlje

wat ferrekt it my

as fûl de wyn
kâld de hagel
my om ’e kop slacht
it fel read
oan stripen giselt
mei tûzen nullen stekt
de lea ferklommet

it docht my sear

as de pine
myn hert raant
myn hûd it iis yn
frisse triennen
fan de holle
baarnt

wat kin it my skele

as de sinne troch my
ljochtet
yn tûzen kleuren
in reinbôge brekt
de kleuren my
op en ôf gean

as it sa fielt
as ik dy do my
wy inoar

oanreitsje

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmailLês fierder