Jetze de Vries

Frou mei deade hoeke

logo.ensafh

do iepenest as in skutdoar
kom deryn, seist
mar de doar komt werom

sjoch in skaad
wat oer it dek beweecht
as in swarte flagge

it wetter siert
bist bewolke, twa
ienpersoanssekjes dobberje
dream tee

ik skôgje in skilderij – de klaai fan it gesicht
in trui sjongende boarsten

der falle wurden fan skrale takken
pak in pear fan ’e grûn
hâld se tsjin it rút

blaas sêft, fang noch in pear op
slok se ien foar ien yn
fertarjend ta in fers

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmailLês fierder
Jetze de Vries

In tin boek

logo.ensafh

 

Yn de side fan in tin boek fûn ik him, de goudbek
mei fêstplakte wjukken, krekt as de kat

tsjin my oer, wist ik nea fan syn flecht en lânskip
lûde túnman mei syn rop, krekt as de kat

dy’t my op ‘e skurte springt – it skaad fan de keamer
slút mear en mear as in blom tsjin it ljocht

slommerjend hûs, eachgatten, sykjend nei stikken
loft

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmailLês fierder
Jetze de Vries

Eilânman

logo.ensafh

In man leit mei syn bêste each nei de muorre, syn bline each waakst
as oerspande soldaat, droege skulpen bin ferjitten hoe’t rûzjen
sjongt – miskien driuwt der in deidream lâns, yn rustreade boat
heupheech yn in plasse, ik druk op de knop by de papegaai
skrikst op troch ûnbekende hannen, in iepen
mûle heakket oan it lêste fleis
hjir driuwt myn heit

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmailLês fierder