Nyk de Vries

Motorman & 39 oare proazagedichten | 2

logo.ensafh

2. SEEMANSKERTIER

Hieltyd wer siet ik mei dy rothierren yn ‘e noas. Op it lêst besocht ik se mei in fjoeroanstekker út te baarnen, mar it mislearre. Ik krige in abses en foar’t ik it wist rûn ik om mei in grutte fettige smetlape yn ‘t gesicht. Op ‘e sneup nei wat ôflieding makke ik op in jûn in rûngong troch it seemanskertier. Yn in kafee makke ik in praatsje mei in blondine en it die bliken dat se model wie. Sy dronk mei in reidsje fan har Martini en redenearre mar troch oer de bibel. ‘Dy stiennen tafels,’ sei se, ‘dat wie eins net iens sa dom besjoen.’… Lês fierder

Nyk de Vries

Motorman & 39 oare proazagedichten | 3

logo.ensafh

3. KARNAVAL

In donkere wein kaam oanriden en in lyts famke stapte út. Se krige in tas oanrikt en fleurich ferklaaid as clowntsje rûn se it skoalplein oer. Mar karnaval wie pas oare wike. It famke wie as iennichste sminkt en de hiele moarn moast se treasteleas gûle. Tsjin healwei fjouweren helle har mem har wer op. Dy skrok raar doe’t se it ferhaal hearde en wiidweidich en mei triennen yn ‘e eagen fertelde se wat dy moarn allegear ferkeard gien wie. Se hie miskien better swije kind. Dingen útlizze, dat kinne we allegear hiel goed.

(Foarpublikaasje 3 fan 3, út de bondel dy’t útkomme sil op 26 augustus 2007 op de Dag van de Uitmarkt, yn Paradiso, Amsterdam.)Lês fierder