Li Yannian, Piter Boersma

in liet

logo.ensafh

der wennet in moaie frou yn noardergea
yn dizze wrâld is dy frou sûnder wjergea
se ferdylget in stêd ast ien kear omsjochst
se ferdylget de steat ast it nochris dochst
fansels ferdylget se de steat en de stêd
fynst net wer sa’n moaie frou om mei op bêd

Oersetting/bewurking: Piter Boersma

(De oersetting/bewurking berêst net op it Sineeske orizjineel, mar is makke op basis fan de frije oersetting fan W.L. Idema dy’t stiet yn syn standertwurk Spiegel van de klassieke Chinese poëzie. Li Yannian libbe sa’n 150 jier foar Kristus. Hy wie in sjonger oan it hof fan keizer Wu.)

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmailLês fierder