Foarpublikaasje Baukje Zijlstra ‘De koma-korrektor’

logo.ensafh

Krekt op it stuit dat Betty Vonk, korrektor by in krante, dwaande is in boek te skriuwen oer it Indië-ferline fan har heit Siemen Vonk, rekket er yn koma. Siemen hat him yn 1945 oanmelden as oarlochsfrijwilliger foar Indië, mar hat dêr tidens in aksje in befel wegere. Wylst Siemen – fertize yn hallusinaasjes – yn it sikehûs leit, giet Betty op ûndersyk út nei it wêrom fan dy wegering. Dêrfoar giet se ûnder oaren op besite by in âld kammeraat fan har heit, Jappy, dy’t mei him yn Indië sitten hat.

Wilens is der by de krante in reorganisaasje geande dy’t Betty twingt sels ek in kar te meitsjen.Lês fierder

Baukje Zijlstra

Boeken earst

logo.ensafh

Goed nijs foar it boekefak: Van der Velde oerwaget om boekhandel Schaaf yn Dokkum oer te nimmen, miskien folge troch in nije boekhannel yn Harns en wa wit yn noch oare plakken; dit om der foar te soargjen dat ek lytsere plakken harren boekhandel behâlde kinne. Dêrby soe ûnder oaren in gearwurking mei de pleatslike biblioteken wichtich wêze, benammen troch se te freegjen harren boeken fia Van der Velde oan te skaffen. Mar fansels komme der dan ek fuortendaliks oare foarmen fan gearwurking yn it sin, lykas tegearre aktiviteiten organisearje en inoars rûmten brûke.

It soe hartstikke moai wêze as dat slagje soe, want it gat dat in sletten boekhannel yn in stêd achterlit, is net allinnich fysyk – wer in leech pân yn in winkelstrjitte – mar ek geastlik – wer in kultureel hert dat ophâldt fan klopjen.… Lês fierder

Baukje Zijlstra

In grutte lytse-stedsroman

logo.ensafh

Op himsels is it in wûnder dat ik noch wat haw mei de Fryske literatuer, want ik fielde my no net fuortendaliks oansprutsen troch al dy boereromans út de Fryske kanon dy’t op de lêslist stienen foar it eksamen Frysk, sa’n tritich jier ferlyn. Al dy oersaaie românses dy’t yn it foarste plak basearre wienen op de bunders lân fan it mantsje en de heupbreedte fan it wyfke: ik hie der neat mei. En as der alris in boeresoan teology studearje soe, gie er binnen in pear moanne ten ûnder oan de ferdoarne ferliedings fan de grutte stêd, wat dan yn de measte gefallen ek noch Grins wie: sukkel.… Lês fierder