Jelle Zwart

Jirpels

logo.ensafh

Men seit, de jirpels fan hjoed
komme dy fan juster net benei.
Striemin, jo kinne it gjin iten neame.

Glêzich, as sjippe like glêd,
fertoarkje hja jin ta ûnnocht,
ta smots, neat gjin kôgjen nut.

Ea preaunen de earmen fan Tsjom
it goud fan ekers, droech griene
klaaifrucht ta in goed waarm miel.

De soarchmagnaten dy’t only
tinke yn produkten, de bek fol pasta
by it glês reade wyn. Sy, sy

hawwe nea in goeie jirpel sjoen
of preaun, witte net wat poerbêst
docht ta in weardich âld bestean.

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmailLês fierder
Jelle Zwart

Merke

logo.ensafh

Simmer en
bluisterich de wyn
waait romte.
Romte rûnom
switterich liif.
Waait it sicht oer de
buorden fan wyt bier,
op froulju.

Har foegen skarlúnsk.
En ‘t weelderich
brún, heind yn ‘t
blommich kleed,
swart ferve hier.

Watte? Do.
Ja, watte. Ho!

Brio, de brêge
farkelest mei
dyn pûn rikke iel
dy frij fan harren skel lûd.

It jûchhei fan
hoeratroela’s.
Old-timers opkommendewei.

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmailLês fierder
Jelle Zwart

Troch de iene

logo.ensafh

En it kaam
oer my
dat myn ferstoarnen
fan it lêste jier
rûnom my stienen.

Seinen, soademiter
op do libbest noch.

En ik net
de swarte plastic
pûden út de
Libanon, fan
Pangandaran
yn kûlen lein.

Fan myn netflues
krije koe. Net
it sacht flanel
fan treast, it
ivich libben.
Net de hurde
bjinder fan dea
= = dea.

Seach lang
yn ‘t ljocht fan
felle sinne, oant
swart in skerm
oer myn eagen kaam.

Op it kante grien
fan myn floeiblêd
skriuwt
it andert ea
yn wyt.

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmailLês fierder
Jelle Zwart

De wite hoed

logo.ensafh

Stil leit de wite hoed.
Dûnset, sweeft of
farkelet net fan ‘t wetter.
Hoedet gjin holle,
heint gjin gûnen
foar muzyk.
Smoarget net.

Leit op huoddeplank
en rydt sa troch de stêd.
Dêrhinne, lâns de âlve diken.
Lichtet kwier himsels
foar kreaze froulju.
Somtiden mei in glimk,
in âld en eptich minske.

In bleate holle efter it stjoer
fynt paad. De wite hoed
syn master.

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmailLês fierder
Jelle Zwart

It hat sa west

logo.ensafh

Fan hynderterpen
de droechten yn folle see
faai heech it wetter.
 
 

In fynst fan minsken
oars foar ‘t ferstân de happen
misbegryp op ‘t Waad.
 
 

Technyk har brekken
natuer har oare wetten
gjin fan beide ‘t paad.
 
 

Seis hynderfroulju
fan âldtiids de ynstinkten
har dyk ta behâld.

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmailLês fierder
Jelle Zwart

Fakuüm

logo.ensafh

Hoe koe ik mei
myn stomme harsens
fjouwer wynflessen oanbrekke
wylst ik mar twa fakuümkoarken
ha?

Hoe yn de oerdied fan fjouwer
krystdagen yn 2006 nei
Freek net it tafal
treffe hjir it andert op
te finen?

Wêrom sleepten myn skuon
troch it gers yn de tún
fanwegens stront omt
kleed by efterdoar al
smoarch wie?

Wêrom komt der diskear
gjin wetter út de kraan
kin ik myn hannen
net waskje, is myn broek
te goed om ôf te feien?

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmailLês fierder
Jelle Zwart

Fakuüm

logo.ensafh

Hoe koe ik mei
myn stomme harsens
fjouwer wynflessen oanbrekke
wylst ik mar twa fakuümkoarken
ha?

Hoe yn de oerdied fan fjouwer
krystdagen yn 2006 nei
Freek net it tafal
treffe hjir it andert op
te finen?

Wêrom sleepten myn skuon
troch it gers yn de tún
fanwegens stront omt
kleed by efterdoar al
smoarch wie?

Wêrom komt der diskear
gjin wetter út de kraan
kin ik myn hannen
net waskje, is myn broek
te goed om ôf te feien?

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmailLês fierder
Jelle Zwart

Hy die syn jas

logo.ensafh

Hy die syn jas
en frege kapstok har
te dragen.
Hoed sweefde fierder
oer ‘t grien tapyt en foel
yn sliep neist ivich moai in liif
dat har al deljûn hie en net mear
fan syn dreamen wist.

De oare deis
waard wekker. Hong sinne
efter grys it kleed.
Sweefde fierder wite hoed
oer ‘t grien tapyt op siik nei
wat ier opstien wie en efter
in feal gerdyn ferdwûn.
Fan deade dreamen makke.

De jas tsjin kjeld
útrêst fan de kapstok
droegen, rôp hoed.
Swalken rûn dampeal
op it leechlân ta. It grien
tapyt de hjerst út nei in
waarme winter.Wêr bleau
it skoft fan it moaie wiif fan snie.… Lês fierder