André Looijenga

Ynhâld + Redaksjoneel Ensafh 3, 2017

logo.ensafh

Redaksjoneel

Op 28 july 2016 stie ik op it Drimon Festival yn Struga (yn Masedoanië). Yn in parkje op in kalme simmerjûn haw ik dêr yn it Ingelsk wat ferteld oer it Frysk en yn it Frysk in pear fan myn gedichten foardroegen. Letter op ’e jûn trede, ûnder deselde beammen en foar itselde publyk op noflike sitsekken oer, de Roemeenske dichter Denisa Duran (*1980) op. Se lies dêr gedichten foar út har bondel Sunt încă tânără (‘Ik bin noch jong’), ûnderstipe fan byld en muzyk. Ik wie fuort ûnder de yndruk fan har ynholden foardracht. Grûneftich klinkend Roemeensk, dat mei syn doffe î’s en ă’s en syn ús suver fertroude opgeande twalûden oa en ie, in hoedener, yntimer lûd hat as it Masedoanysk.… Lês fierder

Jelma Knol

Pykje Fjouwer, printeboek oer skriezepyk troch Lida Dykstra

logo.ensafh

Pykje Fjouwer, it printeboek mei in moai ferhaal oer de skries fan Lida Dykstra en yllustratrise Ina Hallemans wie my ferline jier spitigernôch ûntgien. Mar wy sitte noch altiten yn de goede tiid fan it jier, dus alle reden om dit boek no oan te tugen en mei de bern te lêzen.

It ferhaal giet oer it lêste aai fan in skriezenêst dat útkomt, de earste trije piken binne al op de wrâld. Op boartlike en fernimstige wize bringt Lida Dyktra in pear triedden byinoar yn dit ferhaal. Pykje Fjouwer is de lêste yn ’e rige en stiet der eins allinnich foar.… Lês fierder