Jelma Knol

De moeder de vrouw by moderne Fryske skriuwsters (diel 1)

logo.ensafh

De moeder de vrouw is de titel fan de Nederlânske Boekewike yn maart 2019. Dat wie hjir thús oanlieding foar in petear boppe de dampende boarden suerkoal. Hoe soest dat yn it Frysk oersette, moeder de vrouw, wie de fraach. Mem de frou seist net. It is gewoan ‘mem’, fûn de taalkundige yn ’e hûs. De moeder de vrouw as útdrukking foar it ynstitút yn de húshâlding hat yn it Frysk eins gjin synonym. Of it soe de baas wêze moatte, gniisde de taalkundige. Okee, de baas, yn dat wurd soest ek noch wat irony lizze kinne en sa wurdt de moeder de vrouw yn it Nederlânsk fansels ek brûkt.… Lês fierder

Anne Feddema

Anne Feddema út Kollum?

logo.ensafh

Alwer sa’n tritich jier lyn hold ik ta op Ateliers ’63 yn Haarlim, tsjintwurdich ‘de Ateliers’ yn Amsterdam, boartersplak foar de oanstoarmjende keunstpjutten, de kulturele, byldzjende elite, nó en doe ek al, al fernimst fan hiel wat minsken net in soad mear, sa giet dat. Fan my al, want ik haw in KOLLUM! In miening dy’t der ta docht, dy’t ik mei wurden skilderje ynstee fan ferve. Mar hoe bin ik mei it ferskynsel ‘kollum’ yn ’e kunde kaam?

Dan moat ik ek werom nei myn Haarlimske tiid. Op in stuit, yn tiid en romte, wie ik folslein útpoept.
De subsydzje fan WVC of CRM, dat wit ik net goed mear, dy’t wy as dielnimmers oan Ateliers ’63 krigen, wie skjin op.… Lês fierder

Baukje Zijlstra

In kattelibben

logo.ensafh

Wat is dat dochs mei skriuwers en katten? Hiele boeken binne deroan wijd (Dagboek van een poes fan Remco Campert is de earste dy’t my yn it sin komt), en ik kin my sa in tal ferneamde foto’s foar de geast helje fan skriuwers mei harren kat (Natalia Ginzburg bygelyks, of Hemingway, of Colette). En wa wie it ek al wer dy’t sei: ‘Ik skriuw allinnich mar sa’n soad omdat ik in kat haw, dy’t de hiele tiid op myn skoat sit, sadat ik neat oars dwaan kin’? Eins hawwe katten alles dat nedich is om in roman te skriuwen: yn it foarste plak in ûnfersteurbere rêst, yn it twadde plak de alertens om ta te slaan as de tiid dêr ryp foar is.… Lês fierder

Grutte gedichtejûn yn Marktzicht te Drachten

logo.ensafh

Grutte gedichtejûn yn Marktzicht te Drachten

Frysk literêr tydskrift Ensafh organisearre wer in Grutte Gedichtejûn. Dat op op in stoarmige freedtejûn kamen in lytse fjirtich dichters yn it o sa smûke Marktzicht te Drachten om foar it ynteressearre publyk poëzy foar te dragen. Dichters fan alderhanne statuer, gender, tongfal en poëtika kamen efter de mikrofoan.
Ineke van der Heide presintearre koart har bondel Broek mei bûsen, dy’t earder dy dei ‘offisjeel’ presintearre wie. Hja mocht fan ’e organisaasje justjes langer oan it wurd om sa it boek syn gerak te jaan. Alle dielnimmende dichters mochten in eksimplaar mei nei hûs ta nimme.… Lês fierder