Josse de Haan

Gjalpen fan it hert – in analyze

logo.ensafh

It hat kritika Elsbeth Etty west dy’t sei: ‘Op faceboek en Twitter kan de literaire wereld er soms uitzien als een zichzelf constant feliciterende massa.’ Wat my oanbelanget hearre de kritiken op it mêd fan proaza en poëzy yn de measte deiblêden ek by dy lokwinskjende wrâld. Yn De Groene Amsterdammer is Kees ’t Hart noch âlderwetsk kritysk sa’t it eins heart. Hy hat dan ek in gedegen literêre oplieding hân, is sels skriuwer en syn styl fan skriuwen noeget út. Nei de bek prate hat er nea dien. Skriuwer en lêzer ha wat oan syn kritiken.
Wiene Anne Wadman yn it ferline, en letter ús generaasje fan de sechtiger en santiger jierren soms tige kritysk, no is de strikt literêre krityk dêr’t literêre arguminten in rol spylje oangeande tema’s, metafoaren, styl, foarm en problematyk yn in roman faak fier te sykjen.… Lês fierder

Jaen

Op ’e baan

logo.ensafh

Wy ride op ’e baan en
ik groetsje by de toer

dy op dyn hege post
wy streekje en ik streekje

de desennia troch oant
datsto wer mei ús rydst

wy op ús memmens
molketintsje tasette

ús melde by de heiten
dy’t prizen te ferdielen ha

de pakes fan ’e dyk ôf ús
earste skekken achtslaan en

wite reek jaand beslisse:
(dit útsprekke mei de pink

as piip tusken de tosken)
‘It sit der yn, dat kinst wol sjen!’… Lês fierder

Hidde Boersma

Duko 2

logo.ensafh

Boele hie mei Duko ôfpraat om in kâld glês bier te drinken op in terraske. Se soene inoar treffe ûnder de kastanje op it plein. Boele wie moai op ’e tiid en hy kaam op it idee om yn ’e beskutting fan ien fan de finsterbanken fan it stedhûs ôf te wachtsjen hoe’t Duko oankomme soe by de kastanje. It koe noch maksimaal in minút as fiif duorje foar’t Duko kaam, want Duko wie meast aardich op tiid foar syn ôfspraken. Yn ’e binnenbûse hie Boele in appel en dy helle er foar it ljocht. Hy roste de appel even lâns syn jas en sette de tosken deryn.… Lês fierder

Toyo Shibata

Jûnskimer / Sikehûskeamer

logo.ensafh

Jûnskimer

de lêste hap
fan it jûnsiten
dat de help klearset hat
en ik doch de skoattel ta

op dat stuit hear ik
hoe’t by de buorlju
de hiele húshâlding
fleurich laket

(oersetting: André Looijenga)

*

Sikehûskeamer

de âldste bin ikke
mei fiifennjoggentich
dan fjouwerennjoggentich
njoggenentachtich
seisentachtich
fjouwer froulju op in keamer

op dagen dat
ús famyljes op besite binne
it hûs fol âlderein
en op ’e gong
filefoarming fan rollators

ik
mei al dy laitsjende stimmen
yn ’e rêch
hingje oan ’e earm fan myn soan
sjoch by it rút wei
nei de kleare himel

(oersetting: André Looijenga)Lês fierder

Friduwih Riemersma

Boekpromoasje

logo.ensafh

De ferkeaper op de lapemerk rôp: ‘Ine mine… trampoline!’ Ik woe him freegje oft syn gerdynstof better ferkeapet at er ûnsin oer de merk raast. Mar ik hold my stil, it docht ommers bliken dat in ekspressive aksje likegoed in ynstrumintele funksje hawwe kin yn de ferkeap fan in produkt. Quentin Tarantino fertelde op Channel 4 News net hoe prachtich at syn nijste film is, mar hy spuide nei de ynterviewer haatlikheden dy’t op Youtube yn noch gjin fiif dagen oardelmiljoen views opbrochten. Boeken, dat wol sizze romans, komme net sa gau op it nijs as films, mar ik seach dat boekpromoasje tsjintwurdich wol mei fideomedia giet.… Lês fierder

Tryntsje van der Steege

Nij op ’e planke – febrewaris 2013

logo.ensafh

Proaza

Rommert Tjeerdsma

Om Doutzen

KFFB, Dokkum 2013
ISBN 97890 7491 8947
Ferkeappriis € 16,

Fryslân midden yn ‘e tritiger jierren fan de foarige ieu. It is krisistiid, rûnom hearsket earmoede en de measte minsken hawwe it dreech om troch de tiid te kommen. Alle dagen steane lange rigen wurkleazen foar it stimpellokaal. In flues fan doffe berêsting hinget oer it lân, it liket wol as sil it nea wer oars wurde.
Doutzen, in jonge frou, wennet mei har âlden efterôf yn it lân, dêr’t har heit mûnder en lytsboer is. Hja fielt har ûnwennich yn dy iensume oarde en langet nei it fertier en de drokte fan de stêd, dêr’t se wolris by omke en muoike útfanhuzet.… Lês fierder