Abe de Vries

It ynhâldlik bysûndere fan Fryske literatuer – Oer de krityk op it ‘Wolkeboek’

logo.ensafh

It ferskinen fan in nije literatuerskiednis kin foar in literatuer in wichtich momint wêze. It is it momint dat de tiid dêr’t sa’n skiednis yn ferskynt, rekkenskip freget oan it literêre ferline dat er beskriuwt. It is it momint dat in aktuele stân fan saken yn de literatuerwittenskip syn ambysjes jilde litte kin foar de bestudearre literatuer oer. It is in momint fan wierheid foar skriuwers, streamingen, tydskriften, tema’s, ideeën. Mar mei in nije literatuerskiednis drukt it hjoed net allinnich syn stimpel op it juster. Dat hjoed besiket – as it goed is, as it hjoed syn taak en funksje folslein ferstiet – ek de wei nei de takomst sjen te litten.
De besprekken fan Joke Corporaal, Goffe Jensma, Rieuwert Krol en Ernst Bruinsma – alle fjouwer wittenskippers – fan it yn 2007 ferskynde oersjochwurk Zolang de wind van de wolken waait jouwe de marserjochting oan dêr’t it neffens dizze skriuwers hinne moatte soe mei it beskriuwen fan de Fryske literatuerskiednis. Corporaal (Us Wurk 56-3/4, 2007), Jensma (It Beaken 69-3/4, 2007) en ek Krol (Farsk 100, septimber 2007) wolle ta op in literatuerskiednis dy’t de ferbannen mei de Nederlânske literatuer better sjen lit as dat it ‘Wolkeboek’ dien hat. Corporaal wol hawwe, ‘de muorren om de Fryske literatuer (ynklusyf Fryske literatuerskiednis )’ moatte om, en ek Jensma ‘kin der net ûnder wei dat de Fryske literatuer (..) altyd yn in ferhâlding stien hat ta oarstalige literatueren.’
In oar wichtich kritykpunt dat dizze wittenskippers – Corporaal, dy’t Akademy-lid is en in biografy oer Anne Wadman skriuwt, en Jensma dy’t sûnt koart heechlearaar Frysk oan de Ryksuniversiteit Grins is – nei foarren bringe, is de te grutte konsintraasje yn it boek op skriuwers en harren primêre literatuer. Te min omtinken is der foar de relaasjes tusken skriuwers (netwurken), de kultuer-filosofyske achtergrûn dêr’t skriuwers út wei wurke hawwe, en foar it maatskiplik fjild dêr’t Fryske literatuer yn funksjonearret (taal, subsydzjes, bibleteken ensfh.).
‘Tefolle giet [it boek] derfan út dat de Fryske literatuer in besteand, op himsels draaiend systeem is: in autonome literatuer mei alles derop en deroan,’ skriuwt Jensma, dy’t dy autonomy ‘mar hiel relatyf en diskutabel’ fynt. ‘It bysûndere fan de Fryske literatuer soe neffens my folle better útkomme en ek begrepen wurde as jo de saak ek út in lange-termynperspektyf wei en op in systematyske manier oanpakt en krekt yn in breder kultuerhistoarysk ramt set hienen.’
Opfallend, yn it ljocht fan dizze krityk, is dat it de ambysje fan it redaksjoneel team dat it Wolkeboek skreaun en gearstald hat, no krekt ek wie om it idee woartelsjitte te litten dat de Fryske literatuer yn in relaasje stiet ta de Nederlânske. De omskriuwing ‘een andere Nederlandse literatuer’ stiet nota bene yn de earste sin fan it foaropwurd. De Fryske literatuer, stiet dêr, ‘is herkenbaar en dichtbij maar toch anders, met een eigen geschiedenis’. Mei oare wurden, de Fryske literatuer is net samar lyk te skeakeljen mei de Nederlânske, is dêr gjin yntegraal ûnderdiel fan (allinnich al om’t hy him fan in oare taal betsjinnet), mar it is ek wer net sa dat der praat wêze kin fan twa folslein ferskillende wrâlden.
Yn feite wize Corporaal en Jensma derop, dat skriuwers en redaksje fan it Wolkeboek dizze ambysje net foldwaande realisearje hawwe kind, en dêr hawwe se in punt dêr’t de literatuerhistoarje yn ’e takomst mar op omhaffelje kin. Mar nei myn smaak is it ek in punt dat wat al te maklik skoard wurdt, likegoed as dat it Wolkeboek him wat al te maklik fan it ûnderwerp ôf makke hat. Wa’t in dreech begryp as de ‘autonomy fan in literatuer’ ûndersykje wol, hat te krijen mei sawol formele as ynhâldlike kritearia dy’t formulearre en dêrnei tapast wurde wolle, en noch it Wolkeboek noch syn kritisi jouwe har yn myn eagen foldwaande rekkenskip fan dy opdracht.
As Jensma in idee jaan wol fan wat der neffens him mist yn it Wolkeboek as it oer de nei-oarlochske perioade giet, dan komt er inkeld mei kanttekeningen dy’t de formele kant fan de saak beljochtsje. Hy merkt dan op dat guon skriuwers sawol oan it Frysktalige as it Nederlânsktalige literêre sirkwy dielnamen, hy sinjalearret de meartalichheid fan guon (hjoeddeistige) skriuwers en hy wiist op it lêsgedrach fan literatuerleafhawwers yn Fryslân, dy’t altyd noch mear Nederlânsktalige as Frysktalige literêre wurken oantuge, en dizze trije kanttekeningen jouwe him it oardiel yn dat de autonomy fan de Fryske literatuer ‘hiel relatyf en diskutabel’ is.
Wat yn dizze hiele diskusje yn it each rint, is hoe’t alle dielnimmers tebekskrilje foar it ynhâldlike aspekt fan it bysûndere fan de Fryske literatuer. It Wolkeboek lit wat dat oanbelanget (haadstik 1, earste alinea) in oar it wurk dwaan. It hiele ûnderwerp wurdt oan kant skood mei in ferwizing nei in stik fan Willem Winters yn 1999 yn Hjir. ‘Op zijn speurtocht door honderd Friese romans uit de twintigste eeuw kwam auteur Willem Winters onder andere veel platteland tegen en frequent gebruik fan zegswijzen. Maar een concrete omschrijving geven van het eigene van de Friese literatuur bleek “een vraagstuk zo glad als een aal”,’ skriuwt ynlieder Teake Oppewal.
As Winters telle wol hoe faak Fryske dúmkes foarkomme op Fryske teeskoattelkes yn Fryske romans moat hy dat witte, mar nei myn idee lit in yngeande, systematyske, literatuerhistoaryske behanneling fan de ynhâldlik ferskillen (en oerienkomsten) mei de Nederlânsktalige literatuer wat tema’s, motiven en kultuerhistoaryske achtergrûn oanbelanget noch altyd op him wachtsje. Ek Corporaal en Jensma meitsje oan dit ûnderwerp gjin wurden smoarch, al liket Jensma in lyts oansetsje te jaan mei syn pleit foar in skiedskriuwing fan de Fryske literatuer dy’t tagelyk in skiedskriuwing is fan it Frysk as skriuwtaal. Mar efkes better besjoen beheart ek dy fraach – nei de fan âlds sterke bân tusken Fryske literatuer en Fryske taal – ta de formele kant fan it ûndersyk cq. ta de minderheidstalige realiteiten.
Omtinken foar de ynhâldlike kant soe betsjutte dat sjoen wurdt nei bygelyks de dominânsje fan de eksperimintele roman yn Fryslân nei 1945, wat yn de Nederlânske literatuer lang net sa it gefal west hat. It soe omtinken ynhâlde foar it eksistinsjalisme as beskiedende ‘geastlike achtergrûn’ fan in protte Fryske skriuwers nei 1945, wat yn de Nederlânske literatuer folle minder oan ’e oarder wie. Men soe wize kinne op it sterke kompleks fan ‘Fernweh’ en ‘Heimweh’ yn de Fryske literatuer, dêr’t ik sels noch wolris in stik oer skriuwe wolle soe. Men soe wize kinne op de hjir yn Fryslân folle muoisumere ferhâlding tusken tradysje en eksperimint yn de poëzij. Men soe wize kinne op de gruttere ynfloed, te uzes, fan de goed-fout-fraachstikken om WO II hinne. Der leit sokssawat as in ‘postmodern gat’ yn ‘e Fryske literatuer.
Sa sille der noch wol mear belangrike ynhâldlike (aksint-)ferskillen fûn wurde kinne. Allinnich, as der gjin ûndersyksfraach formulearre wurdt, en gjin ûndersyksprogramma lansearre wurdt, dan bliuwe wy literêr-histoarysk besjoen ta de dúmkes feroardiele.
Allinnich Rieuwert Krol wiist op in ynhâldlik skaaimerk fan Fryske literatuer dat oan ’e oarder komme moatten hie yn Zo lang de wind van de wolken waait: ‘Het voor mij meest opvallende aan de nieuwe literatuurgeschiedenis is het ontbreken van een hoofdstuk of in ieder geval subhoofdstuk over de boerenroman, omdat dat zo’n belangrijk genre in de Friese literatuur is geweest’. Krol lit dan sjen hoe’t sa’n beneiering ek fruchtber wêze kin foar it konstatearre mankemint dat dizze literatuerskiednis tefolle op himsels stiet en te min de ferbannen mei de Nederlânske literatuer ûndersiket. Hy docht dat koart oan de hân fan it wurk fan Theun de Vries, dy’t benammen yn syn roman Stiefmoeder aarde mar ek yn syn gedichten sjen litten hat hoe’t er yn feite tusken de Nederlânske en de Fryske literatuer yn syn paad socht hat as skriuwer. ‘Het wachten is op een doorbraak in het denken over teksten als dragers van mogelijke betekenissen en daarmee op het afscheid van de gedachte dat de taal en de natie vaststaande en gesloten gegevens zijn,’ konkludearret Krol, in learling fan de jong ferstoarne literatuerwittenskipper Liesbeth Brouwer.
In oar aspekt fan ‘it bysûndere fan de Fryske literatuer’ is de skriklike swakte fan de sekundêre literatuer (dus fan de literatuer oer literatuer). Dêr wurdt nei myn smaak te min by stil stien. It is in realiteit dy’t bygelyks Joke Corporaal wol neamt, mar dêr’t se eins allinnich konskekwinsjes oan ferbynt foar safier’t it giet om it personele fjild fan skriuwers en besprekkers (dat binne yn in lytse literatuer as de Fryske faak minsken mei dûbelrollen). Wat dat oanbelanget hie it net ferkeard west as der wat mear begryp toand wie foar de ynhâldlike problemen dêr’t benammen Babs Gezelle Meerburg, Jabik Veenbaas en Harmen Wind tsjinoan rûnen doe’t se mei harren opdracht om it nei-oarlochske tiidrek te beskriuwen út ein setten.
Ik bin it iens mei de krityk dy’t ûnder oaren Jensma uteret op Veenbaas syn al te resinsearjend skriuwen yn it Wolkeboek (‘as joech hy as karmaster sifers oan kij’). Ek Ernst Bruinsma yn Ons Erfdeel en Rieuwert Krol yn Farsk wiisden al op de mannichte oan kwalifikaasjes dy’t yn it Wolkeboek oan de beskreaune wurken takend wurdt. Benammen Veenbaas is hjir en dêr út ’e bocht flein op in wize dêr’t partij skriuwers en kritisi har oan steurd hawwe. Tagelyk moat sein wurde dat de Wolkeboekskriuwers yn dízze literatuer, mei dít brek oan sekundêre teksten, ek wol in hiel drege opdracht oanfurdige hawwe, nammentlik om sawat út it neat wei in oarder yn ’e gaos oan te bringen. Oer de wichtichste Fryske skriuwers en dichters fan de 20ste ieu is ommers amper wat fan nivo skreaun, en dat hat guon bydragers blykber it gefoel jûn dat hja sels noch marris flink wjudzje moasten. Mar fansels kin dat net op in befreedigjende wize yn dy pear rigels dy’t yn sa’n boek beskikber is foar it typearjen fan romans en dichtbondels. Wa’t it dochs besiket, hâldt net allinnich himsels mar ek de lêzer foar de gek.
Miskien is Zolang de wind van de wolken waait yndie te min it boek wurden dêr’t de literatuerwittenskip op wachte. Einredakteur Teake Oppewal en syn team hawwe op it foarste plak in boek makke dat op in tagonklike, útnoegjende wize ynformaasje oer de Fryske literatuer jout oan in breed publyk fan oarstalige leken. As de dames en hearen akademisi mear wolle, moatte se earst sels marris de hannen út de bûsen stekke, soe ik sizze. It soe moai, nee, fan literêr libbensbelang wêze dat Jensma, Corporaal, Krol, Bruinsma en oaren, yn harren kwaliteiten fan akademyske skribinten, ûndersikers of bestjoerders, maatregels namen of útstelden, sadat der struktureel út de Fryske Akademy en de universeiten wei no einlings ris in folwoeksen, ambysjeus publikaasjeprogramma oer moderne Fryske literatuer op priemmen set waard.
As dat it risseltaat wêze sil fan de diskusjes oer de mankeminten yn de skiedskriuwing fan de Fryske literatuer, dan hat it Wolkeboek syn besteansrjocht net allinnich foar de ynteressearre Nederlânsktalige lêzer, mar ek foar de direkt belutsenen – wy, Fryske skriuwers, dichters en lêzers – mear as bewiisd.