Skermer

Avercamp

logo.ensafh

It frear al in pear dagen, mar noch net fûl.
Wy soene te kuierjen by de mar.
Ik sei: ‘Faaks wurdt der op it bûtlân al riden.’
En dat wie sa. Ut ’e fierte wei seagen wei de auto’s al stean. It wie der drok.
Wy ha in skoftke op it iis stien. Wat in riders fuortdaliks. Jong en âld. Alderwetske iiswille, samar ynienen!
Wy kuieren de hege mardyk del. Earst de iene en doe de oare kant út en hieltyd stiene wy stil om nei de riders op ’e flakte te sjen.
It waaide net, de sinne skynde. It wie ideaal waar. It wie in lust.
Ik tocht sa as altyd oan ’e skilderijen fan Avercamp. As skoaljonge ha ik yn it Ryksmuseum yn Amsterdam ien of mear winterskilderijen fan him sjoen. Se ha noait wer fan myn netflues ôf west.
Wy wiene troch de daam it bûtlân yn rûn. Dêr oan ’e râne fan it iis hokken sjoggers, opbiners en útrêsters gear, wylst de reedriders, grutte en lytse, houterige en elegante, yn ploechjes, mei syn beiden of allinne oer de flakte dwarrelen, krekt sa as op ’e winterlânskippen fan Avercamp: de râne fan in doarp of stêd (húskes, in toer, in stedsnmuorre, wat kastielachtichs, keale beammen), oan ’e dizige kym ta in iisflakte, in rivier of in brede sleat, fan ’e drokbefolke foargrûn útgeand fol mei reedridende figuerkes.
It bûtlân wie keal, allinne wat reidkragen en wylgeboskjes oan ’e rânen, mar sa mei in keppeltsje oan ’e râne steand en de wide romte fol mei riders wie it der hast like yntym as op ’e oerfolle skilderijen fan Avercamp.
Okee, op Avercamp syn skilderijen binne ek skippen en soms in hynder te sjen, sliden yn ferskillende soarten en maten, froulju yn wide rokken, manlju yn pofbroeken, nêst manlju mei mûtsen foaral ek manlju mei huodden op en froulju benammen mei kappen, immen mei in koer oan ’e in stok oer it skouder, in prikslider.
Mar sa as by Avercamp bûn de iene him op sittend op in bankje, die de oare dat wylst er mei ien knibbel op it iis steunde en skarrelen op it bûtlân ek in pear riders mei hockeysticks om.
Op it bûtlân hearske de winterske smûkens en gesellichheid fan Avercamp.
Der glied ek in iissiler troch de stilte.
Avercamp wie dôfstom.