Josse de Haan

In moanne op lakskuontsjes

logo.ensafh

Gearslach wie yn 1995 de earste bondel gedichten fan Albertina Soepboer. It boekje seach der prachtich út en befette fersen sa’t ik jierren yn ’t Frysk net lêzen hie. Ik haw it besprutsen foar Frysk en Frij, mei as titel ‘In blauwe moanne mei bikiny-Frysk’.

Ik haw noch altyd in swak foar dat bondeltsje – foar de foarm en de ynhâld. De fersen pasten by de foarmjouwing, en oarsom. Hjoed de dei krij ik de yndruk is de foarmjouwing wichtiger as de poëzy. Boppedat lykje de bondels allegearre opelkoar. It wurdt klisjee.
 

Foarmjouwing
De bondel Kearsinne fan Albertina Soepboer is hast op deselde wize foarmjûn as Mei fan Herman Gorter. Ik haw hjir de seisde printinge út 1921. De ferhâlding hichte en breedte fan de bondel is eksakt 3:2 (24,3 sm x 16,2 sm). Kearsinne hat deselde breedte, mar de hichte wykt in heale sentimeter ôf.

It wynreade omslach fan Mei is troch djiplizzende reliëflinen yn 9 parten ferdield. De titel Mei leit yn goud fersonken 4,85 sentimeter fan boppen yn de midden. De wite romte om de tekst yn de bondel sels jout it fers in prominint plak. It is in fenomenale simpele foarmjouwing, 85 jier lyn.

Kearsinne is minder evenwichtich – hele lytse teksten fersûpe op de blêdspegel, hele lange teksten falle hast oer de râne fan it boek. Sjoen de foarm en grutte fan de fersen hie it gehiel smeller en langwerpiger moatten. No liket de bondel eksakt in kopy (of omkeard) fan Hûn oan ’e himel fan Cornelis van der Wal – dat binne folslein oare fersen, kwa foarm en ynhâld.
 

Fersen binne sels ek muzyk
Kearsinne is de seisde Frysktalige bondel fan Albertina Soepboer. Kwa ynhâld past er by de bondels Gearslach, De twirre yn ’e tiid en by De stobbewylch. De bondel befettet 25 fersen, is ferdield yn trije skiften mei respektivelik seis, sân en tolve gedichten.

Neffens de ynhâldsopjefte hat elk part fan de bondel te krijen mei in muzykstik – yn dit gefal fan Franz Schubert, Ludwig von Beethoven en György Kurtág. Alle trije ferwize nei in strykkwartet. Ik doch neat mei dy kwartetten, want ik ken se net. Boppedat lês ik de poëzy sa’t dy te lêzen is. De ynfloeden en assosjaasjes dy’t in rol spile hawwe by it skriuwen fan dizze gedichten kin ik as lêzer wol sûnder. It giet my om de muzikaliteit yn de fersen sels. Ik werken ien wichtich elemint yn ferbân mei de komposysjes – út en troch wurde der rigels (begjin- en einsinnen) werhelle sa’t yn muzyk ek gauris saken weromkomme. Fersen wurde soms oer de blêdsiden ferbûn. Ik fyn net dat se der sterker fan wurde.
 

Mear ljocht
Tusken it ferskinen fan Gearslach (1995) en Kearsinne lizze in alve-tolve jier. It is boeiend te sjen hoe’t de ûntwikkeling fan dizze dichteres ferrûn is. Ik haw it gefoel dat de spontane eksploazjes fan taal, fan evokative krêft foar in part romte makke hawwe foar it kontimplative, foar it rasjonele ek – kwa foarm en ynhâld.

Oan de oare kant is it hurde ‘blau’ ferdwûn, is de manlike ‘moanne’ feroare yn in ljochtsjende ‘moanne’. De stoarm dy’t yn de fersen fan Gearslach wennet, hat plak makke foar wat oars – dit moat tink ik omskreaun wurde mei it wurd ‘ljocht’. ‘Ik drink ljocht’ skriuwt de dichteres earne.

Yn de earste bondel Gearslach spilet de moanne in belangrike rol, yn kombinaasje mei it wurd ‘blau’. Yn de twadde bondel – De twirre yn ‘e tiid – komt njonken de moanne as metafoar de ‘kastanje’ foar ’t ljocht (kastanjefrou, kastanjefamke bygelyks). Dy metafoaren ‘moanne’en ‘kastanje’ sjogge jo yn Kearsinne weromkommen – beide yn in rommer perspektyf.
 

Beside boartsje
Dêr’t yn Gearslach de moanne as metafoar de ‘kjeld’ oanjout, foar iensumens stiet en it hurde manlike personifiearret, dêr liket er hjir boppe de âlde symbolyk út te stigen. De moanne is ‘oan it beside boartsjen’, ‘stiet boppe de stêd’, ‘hat lakskuontsjes oan dien’, ‘laket’, ‘lûkt rôze huozzen oan’. Blau wurdt rôze!

Letter wurde der noch ferbiningen lein mei it ‘ljocht’ en de ‘kastanjebeam’. It ‘ljocht’ wurdt personifiearre (en ferfangt yn feite it ljocht fan de moanne, is waarmte, is libben):
dit ljocht dat oerein komt (s.16);ik drink ljocht (s.34); it fermoeden is fan ljocht (s.44); glidet ljocht (s.52); lit ús boartsje/ljocht/kom (s.58).

As tredde personifikaasje krijt de ‘kastanje’ in funksje, tsjinnet as metafoar foar lok, boartsjen, waarmte, leafde:
fyn by twa kastanjes (s.26); seit myn stim/ twa kastanjes (s.26); twa kastanjes/kealbleat (s.28); wat ik sjong/ tusken de moanne/ en de kastanjebeam (s.30); ik tekenje de kastanjebeam (s.30); de keale kastanjebeam glimket (s.32).
 

Skriuwsters eigen wurden
Sawol yn Gearslach as yn Kearsinne komme de wurden ‘neaken’ en ‘bleat’ foar. Se hearre by oare metafoaren dy’t in wichtige funksje hawwe, bygelyks yn Gearslach: altyd neaken, altyd (s.8); klean glydzje hoeden fan lichems (s.55); Alle klean út, neaken (s.61); waaien wennet yn in bleat lichem (s.62).

En yn Kearsinne: (stientsjes) sa bleat dy kear (s.10); twa kastanjes kealbleat (s.28); wierheden sûnder/ wenstige sniejas/ neaken (s46); wy slypje/ ús sels/ neaken (s.58).

De wurden moanne, kastanje, ljocht, neaken, bleat hawwe soms de wurdboekbetsjutting, mar fakernôch krije se in nije lading – as wiene it neologismen. It is nijsgjirrich hoe’t op wurdnivo noch mear wurden spesifyk by dizze skriuwster hearre.

Echte nijfoarmingen sjogge jo yn de wurden dearead, readdea, kealbleat, ierdebitter, mar ek yn de titel fan de bondel – kearsinne. Ek it wurd sinnekear komt yn de bondel nei foaren. De titel fan de earste bondel hie yn syn gearstalling wol wat fan dy fan de lêste – Gearslach. Sokke wurden sizze wat oer de poëzy fan de dichteresse, hoe’t se betsjuttingen komprimearret ta wat nijs. Soms wurdt in stamwurd útwreide. In frou is bygelyks noait samar in frou – jo lêze oer in kastanjefrou, in wetterfrou, in jachtfrou, in bonkefrou of in fiskfrou.
 

Boartlik
Ik fyn dizze lêste bondel boartlik. Dat elemint siet ek al yn de earste en de twadde bondel, mar ik leau dat it hjir mear stal krijt. De ynterne wille yn de fersen sjogge jo bygelyks yn guon werhellingsfersen. It fjirde fers fan de tredde ôfdieling Ecliptica (it feest fan de 12 regels!) is dêr in moai foarbyld fan:

de rivier
           de nacht
                      en de swimmer
se prate
en allegear
omsirkelje se

de rivier
           de nacht
                       en de swimmer
(s.48)

Sa’n fers leit ferbiningen mei de grutte boartlike skriuwers lykas Van Ostayen, Burssens en yn dit gefal Lucebert:

     visser van ma yuan

onder wolken vogels varen
onder golven vliegen vissen
maar daartussen rust de visser

golven worden hoge wolken
wolken worden hoge golven
maar intussen rust de visser

(út: Van de afgrond en de luchtmens, 1953, Asd)

 
Goeie poëzij sjongt út himsels
Ek dizze bondel hat krekt as Gearslach, De twirre yn ‘e tiid en De stobbewylch wer prachtige poëtyske wurdgroepen en sinnen. Se ûnderstreekje it eigensinnige, it boartlike, it ljocht en it waarm-eroatyske yn de fersen fan Soepboer.

Ik ûndergean de fersen by lûdop lêzen as flarden taal, as útsnijsels út it libben, dêr’t oare emoasjes en gefoelens as allinne in taalferhaal de grutste rol spylje. As ik mysels foarlês, en myn assosjaasjes fleane lit, de bylden yn myn holle op ’e rin slane, dan liket myn foarlêzen op stammerjen dêr’t de dichteresse allinne wat haadwurden opskreaun hat. Dizze poëzy easket dêrom in stadich lêzen – dan komt de muzyk fansels. Goeie poëzy sjongt út himsels.
 

Albertina Soepboer, Kearsinne, gedichten
Bornmeer 2006, 64 siden ynbûn

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *