Biografyske skets Gerben Rypma

logo.ensafh

Op sneon 6 novimber ferskynt by de Gerben Rypma Stifting

Gerben Rypma, de keunstner fan it dûbele krús fan Eeltsje Hettinga

Yn De keunstner fan it dûbele krús, in biografyske skets oer de dichter-skilder Gerben Rypma (1878-1963), hat skriuwer-dichter Eeltsje Hettinga it libben en wurk fan ‘de hjerremyt fan de Brekswâl’, sa’t Rypma wol neamd is, delset yn in brede literêr-histoaryske, sosjaal-ekonomyske en religieuze kontekst. It boek is rynsk yllustrearre mei foto’s, ôfbyldingen fan skilderijen en sketsen fan de keunstner en der is ek in moaie seleksje fan Rypma syn poesy yn it boek opnaam.

Eeltsje Hettinga (Burchwert 1955) skreau earder de tekst foar Abe Gerlsma, zijn werk zijn leven (2008) en Albert Oost, de lyriek van het sublieme toeval (2008). Hy wie redakteur fan it Frysk-literêre tydskrift Kistwurk (2000-2003). Hettinga skreau sjoernalistike artikelen, essees oer byldzjende keunst en Fryske poëzije. Foar de dichtbondel Akten fan Winter (1998) krige hy de Fedde Schurerpriis. Syn meast resinte bondel – Apreos – ferskynde yn 2006.

It earste eksimplaar wurdt oanbean oan de hear Harmen J. Oldenhof (1923), histoarikus en âld-dosint yn Stienwyk. Hy publisearre ûnder oaren in ferhanneling oer 300 jier parochy Sensmeer-Blauwhuis (1951).

Oanslútend is der yn de grutte seal fan kafee ‘de Freonskip’ yn Blauhûs in útstalling mei skilderijen, tekeningen en hânskriften fan Gerben Rypma. Iepeningstiden: Sneon 6 novimber 13.00 – 18.00 oere, snein 7 novimber 11.00 – 18.00 oere, tiisdei 9 o/m freed 12 novimber 13.00 – 17.00 oere

It boek is foar €. 30,00 te keap yn de seal.

Gerben Rypma Stichting

v.d. Looswei 28, 8615 LX Blauhûs

gerbenrypma@home.nl

www.gerbenrypma.nl

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *