Fjouwer lêzings Tresoar

logo.ensafh

Fan ’t winter sil der in rige fan fjouwer lezings organisearre wurde by Tresoar, der’t saakkundigen in algemien oersjoch en in persoanlike wurdearring fan de Fryske literatuer yn it nije millennium yn biede sille. Dus net allinne: wat is der ferskynd?

Mar benammen ek: is it de muoite wurdich? Efterinoar sille Hylke Tromp, Bouke Oldenhof, Alpita de Jong en Doeke Sijens in persoanlik oardiel jaan oer de sjenres der’t se yn it Fryske literere fjild algemien as ekspert yn jilde.

Data en sprekkers:

30 nov – Hylke Tromp, ‘De tromp fan Driessen’, oer de poëzij

11 jann – Bouke Oldenhof, ‘It ferlies foarby’, oer it toaniel

25 jann – Alpita de Jong, ‘Spegelskrift’, oer it proaza

8 feb – Doeke Sijens, ‘It libben sels’, oer de biografy.

De lezings binnen nei de ‘premjere’ by Tresoar yn te keapjen om op lokaasje holden te wurden: it ferhaal fan jo kar op it plak fan jo kar! De lezings sille neitiid ek as harkboek en yn print ütbrocht wurde.

De fjouwer premjeres binne altiten op tiisdeitejûn fan 20.00 ôf by Tresoar (Bûterhoeke 1, Ljouwert). De tagongspriis is €5,- (passe partout: €15,-), mar foar foar studinten en learlingen jildt heal jild.

Nim foar mear ynformaasje kontakt op mei: Jan Schotanus (Audiofrysk/DAT Tekstbureau) jan@dattekstbureau.nl 058-2501465 of Anne Tjerk Popkema (Taalburo Popkema) info@taalburopopkema.nl 06-25427548

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *