A.IJ. van den Berg

Wa’t as skriuwer better wurdt, kin dochs in minder boek meitsje

logo.ensafh

Dregere boeken om te besprekken as ferhalebondels binne der net, sa haw ik de ôfrûne jierren murken. Meastentiids ûntbrekt de romte om oan alle ferhalen út sa’n samling rjocht te dwaan. Boppedat is in resinsje mei allinnich mar koarte gearfettinkjes saai om te lêzen.
Dus wurdt de resinsint wol twongen om sels de linen te lûken, om sa de konstanten yn al dy ferhalen sjen te litten. Mar wat dan as guon dielen fan it boek no krekt net yn dat soart fan yndielings passe?
Yn Douwe Kootstra syn nijste bondel stiet ien ferhaal dat oars is as oars. Normaal wie it sa dat Kootstra der op út giet, om dan letter te skriuwen oer wat der op syn paad kaam. Earne in ferhaal fan meitsje, helpt it ûnthâld no ien kear goed. En Paradys oan de baai is yntusken al syn fiifde bondel mei reisferhalen, sûnt 1987.
Mar, ek it ferline is in oar lân, dêr’t se dingen oars dogge. En de mooglikheden dy’t soks in skriuwer jout, liket Kootstra no ek te ferkennen.
Yn it lange ferhaal ‘Drachten en Rome’ jout Kootstra ûnder oaren in persoanlike rekonstruksje fan wat der eefkes bysûnder wie oan it katolike libben yn Súdeast-Fryslân. De memmetsjerke fûn it nammentlik frjemd oait, om wol misjonarissen nei Afrika te stjoeren, wylst der yn Nederlân ek gebieten wiene sûnder skynber mar ien katolyk. Dêrom waard de Fryske groeikearn Drachten yn ’e jierren tritich oanwiisd as missygebiet.
Tagelyk gong it dêr de earste jierren allinnich om dat de inkelde útstjoerde Fransiskaner misjonaris goed sichtber wie, yn it plak. Fan harren aktiviteiten hat it lokale kulturele nei alle gedachten ek aardich profitearre. Mar echt ynfloed kriich de tsjerke yn Drachten pas, nei de festiging fan in kreamklinyk, en in beukerskoaltsje. Boppedat groeide it tal katoliken yn ’e gemeente ynienen hurd yn ’e jierren fyftich. Doe’t Philips der in fabryk boude, dy’t in management kriich dat foar in grut part út it goed-katolike Brabân kaam.
Kootstra wevet yn ‘Drachten en Rome’ trije ferhaaleleminten elegant troch elkoar. Hy lit himsels der as beuker yn om skarrelje, dy’t noch by de nontsjes op skoalle west hat; hoewol’t syn heit en mem neat wiene. Hy lit en passant sjen dat it grutte tal soarchynstellingen dat Drachten hjoed-de-dei hat, wolris fuortkomme kin út de katolike ynspanningen fan doedestiids – en de reaksje fan de protestanten dêr dan wer op, om’t dy net foar de papen ûnderdwaan woene. En hy jout in portret fan pater Schilder o.f.m.. As enerzjike jonge preester wenne dizze man in pear jier yn Drachten, dêr’t er yndruk makke. Oant er troch syn oarder fierder skikt waard, omdat de Fransiskanen soks no ienkear altiten sa diene.
No kin ik Drachten aardich goed. Ik gong der nei skoalle ta, en noch sokssawat. Mar it is net dêrom dat ik dit ferhaal sa ynteressant fûn. Kootstra syn Drachten is minent ek net, want hy tekenet in eardere, my net bot bekende ferzje; dêr’t in Meindert Talma bygelyks it plak no krekt al yn ’e tiid beskreaun hat dat ik der om rûn.
It ferhaal ‘Drachten en Rome’ lit fral sjen wat Douwe Kootstra kin, as er him wat beheint, en syn persoanlik perspektyf foar in kear net it wichtichste elemint is yn in ferhaal. De oare ferhalen yn de bondel binne suvere reisferhalen, lyk as hy al safolle skreaun hat; en dy toane de wrâld altiten, sjoen neffens Kootstra.
En al besiket hy dan ek faak wol om it ferline yn syn betooch te belûken, hy bliuwt dan altiten mear oan ’e oerflakte stekken.
Want, óf hy komt dan earne dêr’t er al ris earder wie, en kin dan in lytse feroaring melde. Yn Noarwegen falt him dan bygelyks op dat de pleatslike winkels, dy’t alles ferkeapje, tsjintwurdich altiten troch in lanlike keten eksploitearre wurde.
Óf hy wol earne sjen dêr’t oait in algemien bekende skiednis plakfûn hat, om dêrby dan syn eigen ympresjes ta te foegjen. Yn it ferhaal ‘Tsjechië: de grinzen fan Leznice’ spilet de fal fan it Kommunisme in rol. En yn ‘Dútslân: de Freiherr’ is dat de histoaryske Baron von Münchhausen. En soks smyt allegear hiel lêsbere ferhalen op, dêr giet it net om. Mar de fiif oare ferhalen út de bondel binne wat stjoerleas, yn fergeliking mei dy iene oer Drachten. Wat it tafal de reizger op it paad brocht, krijt wol in hiel grutte rol, somtiden.
Sokke ferhalen twinge gjin lêzer om der wat fan te ûnthâlden.
Yn it oare lange ferhaal út it boek, ‘Kanada: Nova Scotia’, bewiist Kootstra oars al dat it tafal somtiden ek ôftwongen wurde kin, en dan de skriuwer tsjinje kin. Ûnderdiel fan dizze fertelling is in besite oan de Zwaagstra’s; dy’t yn ’e jierren fyftich út Fryslân emigrearre binne. Dy besite waard pland, en wie it earste doel op ’e reis. En, hoewol’t de ferhalen fan lânferhuzers altiten deselde eleminten befetsje, binne se tagelyk ek allegearre unyk. Dat is sa bysûnder oan dat ûnderwerp.
Dochs fyn ik dat ferhaal wat mislearre, hoe lêsber it ek is. Kootstra fûn it ynteressanter om fierder oer syn eigen aventoeren dêr te fertellen. Wêr’t er sa al hinne gong, dat er yn in dikke auto ried, wa’t er allegearre moete. En dat is op it momint fan lêzen wol aardich, mar soks smyt neat op dat je bybliuwt.
As resinsint moat ik fansels wol it resultaat beoardielje dat der leit. It is arrogant, en ûnnut, om ferhalen dy’t in oar skreau, te beoardieljen mei inkeld de eigen idealen. Mar foar my stiet ‘Kanada: Nova Scotia’ fol fan miste kânsen. Sa wie der allinnich al in grutte mooglikheid om de hastige blik fan de trochgeande reizger ris te kontrastearjen mei wat it emigrantepear Zwaagstra sjocht, as sy nei itselde sjogge. Sa as it ferhaal no wurden is, stiet der gewoan te folle yn, wêrtroch neat echt spesjaal wurdt.
Tagelyk komt dizze gedachte inkeld by my op troch de kwaliteit fan ‘Drachten en Rome’. Omdat Kootstra dêrmei in standert hellet, dy’t syn oare ferhalen prompt wat minder goed meitsje.
Dat, as in skriuwer beoardiele wurde moat op it bêste wat er skreau, dan komt Douwe Kootstra in hiel ein mei Paradys oan de baai. Mar as it yn in ferhalebondel giet om lykwicht en in goede balâns yn it opnommen materiaal, dan hat er bettere boeken skreaun, wûnderlik genôch. Wylst hy mei dit boek wol in stap fierder kommen is, as skriuwer.

Douwe Kootstra, Paradys oan de baai
168 siden
Friese Pers Boekerij, 2010
isbn 978 90 330 0937 2
priis: € 16,50

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *