Bekendmakking winner nije Fryske wurden

logo.ensafh

Oersetwedstriid nije Fryske wurden: groslist en oankundiging priisútrikking

Winner wurdt bekendmakke op 14 jannewaris om 15.30 oere yn Tresoar, Ljouwert

Op 26 septimber 2010 wie by gelegenheid fan de Europeeske dei fan de talen de start fan in oersetwedstiid. Meidoggers moasten in Fryske oersetting fine foar wurden dy’t yn it Nederlânsk noch net sa lang besteane. Op freed 14 jannewaris makket de sjuery de priiswinner bekend.

Dweilsoap en bierbabe: dat binne twa wurden dy’t it ôfrûne jier foar it earst yn it nijs kamen. Gauris ûntsteane dy nije wurden nei oanlieding fan de aktualiteit en somtiden ferdwine se ek wer gau. Mar bytiden begjinne se diel út te meitsjen fan de Nederlânske taal. By de wedstriid gie it derom om foar in oantal fan dy wurden in Fryske oersetting te finen.

De inisjatyfnimmer fan de wedstriid stelde yn oerlis mei de sjuery in list op fan tweintich resinte Nederlânske wurden. De oprop en alle ynformaasje oer de wedstriid waard beskikber steld opwww.europesedagvandetalen.nl. Tusken 1 oktober en 1 desimber brochten 85 dielnimmers yn totaal 250 mooglike Fryske oersettingen op it aljemint. De sjuery beoardiele de taalkundige korrektens mar ek de kreativiteit en orizjinaliteit fan de ynstjoeringen.

By einsluten kaam de sjuery ta de folgjende groslist:
bierbabe                               pilsmokkeltsje
dweilsoap                            dweilsirkus
graaibonus                          ynklaulean
herriemeter                        lawaaimjitter
insectensnack                    hipperhapke
kijkfile                                   koekeloerrige
klimaatridder                    Griene Pier
oorbehoedsmiddel         earklep
ontschulden                      út it kryt helje
pimpen                                oppoaie
randstadspartij                rânestêdpartij
roeptoeter                         raasblazer
verhufteren                       ferhufterje
verpaarding                      it ferhynstepôljen
verstrippen                       gjin akseptabele ynstjoering
verwendicapte                 bedjerdikepte / bedjerbeheinde
voxpoppen                        folksprottelje
zoenzone                             tút-en-derút
zomerdip                            simmerdip
zwaairaam                          oant-sjenrút

Ut dizze list keas de sjuery it moaiste ‘nije Fryske wurd’.

De sjuery makket it winnende wurd bekend op freed 14 jannewaris om 15:30 oere yn Tresoar, Bûterhoeke 1, Ljouwert. De priiswinner kriget daliks de priis yn ûntfangst: in netbook. De priisútrikking fynt plak yn bywêzichheid fan de ynstjoerders fan de wurden dy’t op ’e groslist steane. Deputearre fan Kuluter Jannewietske de Vries sil in wurdsje sprekke.

Europeeske dei fan de Talen
De Europeeske dei fan de talen wurdt alle jierren holden op 26 septimber. Op en om dy datum hinne wurde ûnderskate eveneminten organisearre om omtinken te freegjen foar it belang fan talen. It giet net allinnich om it begripen en praten fan frjemde talen, mar ek fan offisjele minderheidstalen yn eigen lân. Taal wurdt dêrby sjoen as in middel om yn ’e kunde te kommen mei oare kultueren en as utering fan de Europeeske rykdom: ienheid yn ferskaat.

Organisators
DGT, de fertaaltsjinst fan de Europeeske Kommisje, hat yn eltse lidsteat fan de Europeeske Uny in fertsjintwurdiging. De fertsjintwurdiging yn Nederlân organisearret dizze wedstriid yn gearwurking mei de Fryske Akademy, de Ried fan de Fryske Beweging en it Frysk histoarysk en letterkundich sintrum Tresoar.

Boarne: It Nijs

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *