Ane Bote Jukema

Stjerdei

logo.ensafh

 

Bist no trije jier dea, trije jier al wer, noch mar. Dy earste dei yn septimber wie in grize dei. Foar my wie de dei swart, lykas 1 septimber 1939 foar ús heit en dy. De foarige jûns hie ik fol fjoer praat oer boeken, op myn lêsklubke, net wittende dat de oare deis myn muze deagean soe. De nacht dêrnei stippe ik myn pinne yn triennen. It is no trije jier lyn: de tiid fljocht en krûpt foarby.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *