Josse de Haan

Anakroanistysk melodrama op Koehoal

logo.ensafh

Der wurdt in soad ôfskie nommen yn de roman Griene Simmer fan Bart Kingma – ôfskie fan de deaden, ôfskie fan lju dy’t der samar útpike, ôfskie fan de famyljepleats, ôfskie fan âlde leafdes, ôfskie fan it libben.
Dizze soarten fan ôfskie komme benammen op it aljemint yn in rige e-mails (yn feite koarte en lange brieven) fan Luc oan syn eardere sakepartner Sebastiaan. Yn in treinreis fan L. nei A. wurde dizze brieven lêzen troch in âlde relaasje fan Luc, Frouck van Eyck. Prachtich dy twa ‘ck-s’. Ek de treinreis tsjinnet as in ôfskiedsreis. Dêrmei is de foarm fan de roman tekene – in stikje treinreis fan Frouck plus flash backs, ôfwiksele troch in brief fan de man dy’t ferdwûn is en in bycht skriuwt (mei tank oan Albert Camus’ La Chute, 1956, û.o. oer selsmoard en skuld).
De titel Griene Simmer hat te krijen mei fruchtberens, mei de memmegoadinne Astarte en mei it frijút woekerjen fan it ûnkrûd om de ferlitten dramatyske famyljepleats. It ferhaal spilet yn de omkriten fan Koehoal, oan de ein fan de 20e ieu.

GJIN FROU FAN FLEIS EN BLOED
Astarte (Janne, de húshâldster) spilet yn dizze roman in wichtige rol. Dizze mytyske Fenysyske goadinne is de maagd fan de see, de beskermgoadinne fan de seelju. Op it omslach fan de roman rint dan ek in neaken frou de see yn – om foar ivich te ferdwinen(?).
Mar de earste betsjutting fan de namme is Skûlliif (Baarmoeder). Astarte is tige ferbûn mei fruchtberheid, seksualiteit en oarloch. Yn de mytyske ferhalen trouwe Astarte en har twa susters mei de god El (Hy). Yn it ferhaal fan Kingma is it omdraaid – twa broers frije mei de goadinne Ella (Sij=Astarte=Janne).
Yn it Hebrieusk hyt Astarte Ashtoret. Yn de timpels fan Ashtoret behearden ‘hillige froulju’ de timpelprostitúsje. Yn de bibelske tiden spile Astarte (Ashtoret) in rol yn de âlde memmegoadinnekultus. Yn de lettere Joadske mytology wurdt Ashtoret as in froulike duvel fan geilens sjoen. Yn de kristlike demonology is Ashtoret fierder demonisearre.
De begripen Astarte en Memmegoadinne komme yn de roman foar, ek it feit dat se brede heupen hat (sjoch Noarsk famyljeboek) wurdt oanhelle, mar de ferbining sa’t ik hjirboppe jûn haw net. Dochs is dat yndirekt de kearn fan de roman.
Yn in roman hoege je as skriuwer net alles te ferantwurdzjen, mar nammen fan sokke moai aardich yntrigearjende mytyske goadinnen yn sa’n wichtige rol soene allinne metafoarysk brûkt wurde moatte en net allinne namme bliuwe. In metafoar moat yn proaza fan wat omfang stadich syn betsjutting krije.
De beskermgoadinne èn de demoanyske geile Astarte, de hoer om myn part, spylje hjirre beide in rol. De lêste faaks de grutste. Dy ferneatigjende rol fan Astarte krijt yn de oerwagings fan de haadpersoan Luc amper omtinken. De húshâldster Janne dy’t mei beide bruorren frijt is goadinne en net in frou fan fleis en bloed. Se ferdwynt foar ivich, mei it bern dat op kommende wei is.
Astarte, cq. Janne de húshâldster, bliuwt in ûngrypbere metafoar, mei brede heupen en in glêde kut. Net mear. In klisjee dus. It op ’e nij brûken fan mytyske figueren easket in funksjonele kreativiteit en autentisiteit.

SIMPELE STRUKTUER
De foarm fan de roman is frij ienfâldich – in treinreis dêr’t de brieven fan de haadpersoan lêzen wurde troch in eks-leafde fan de skriuwer fan de brieven. Se wenne nêst him doe’t se studearre, se hie wol wat fan Janne de memmegoadinne.
It frommeske wurdt oerflakkich beskreaun. Se is oait miljonêr wurden mei in freon en doe hast fersopen yn drank, drugs, seks en oare ferdjêrlike saken. Se woe dat net mear, se fielde har der net goed by. Se wol no net mear achterom sjen, al wie ek de seks mei Luc geweldich. Dat is foarby. Luc sjocht allinne mar oer it skouder. Se wurdt yn de brieven neamd en dêrom krijt se dy fan de eardere sakepartner. Troch har treinreis lêze wy de brieven. It liket de iennige funksje fan Frouck.
It ferhaaltsje oer en fan dat frommeske hat neat om ’e hakken, en leveret op gjin inkelde wize in bydrage oan it tema, of it probleem fan Luc – it him skuldich fielen oan de dea fan syn heit en syn broer, dat net op feiten basearre is. De eksistinsjele skuld fan de mins dêr’t Camus oer skriuwt komt hjir net oan de oarder. It is in would-be skuld, benammen optocht en keunstmjittich.
It iennige dat Frouck en Janne mien hawwe is dat se beide graach neuke, mar yn de gedachten fan Frouck krijt dat gjin diminsje mear op de wize sa’t Luc fan Janne in goadinne makket.
Op in stuit krijt Frouck in ferhâlding mei de ‘fleander’ op in F16. Sokken neame harsels ‘fleander’ en net piloat. In ‘fleander’ is stoer, is macho, is geweldich en foaral foar froulju net te wjerstean. Der wurdt wiidweidich stilstien by ditsoarte fan he-man-persoanlikheden, mar it hat mei de haadpersoanen yn de roman neat te krijen. Of it moat mei de echte wrâld te krijen ha dêr’t Luc Janne as goadinne yn projektearret.
My ûntgiet de funksje fan dizze glêde rakkert. As er in 20 of 21 is liket er in soarte fan god dy’t om him hinne neukt as wie er lid fan de nijste politike partij. As dizze god minder oantreklik wurden is, meidat er âlder wurdt, lit syn wiif him sjitte. Ek it proaza is hjir wat kastielromanachtich – ‘de famkes komme op de fleander ôf troch de krêft dy’t de fleander útstrielet, en tinke dat se as Mata Hari de jongfeint oer de drompel fan dûns en rûs helpe moatte. Dan hearre se syn berop en litte har hielendal opsûge troch de wisse stoere fleander’. Hoe’t je Mata Hari al net misbrûke kinne.

MEMMEGOADINNE
It ferhaal fan Luc, Leo, harren heit en de húshâldster Janne kin yn in pear rigels ferteld wurde – de heit fersûpt yn de jarrekolk, hat Luc noch al even roppen, mar dy woe earst dien wurk meitsje mei it melken. Hy tinkt dat er dêrtroch syn heit fermoarde hat.
Janne komt op de pleats as de mem ferstoarn is, wurdt troch de beide boeresoannen begeard, mar trout mei de âldste, Leo. Nei oardel jier is se noch net swier, en dat is foar in ‘memmegoadinne mei brede heupen en mei in net te beskriuwen skjintme’ frjemd. Se begjint (dus) in ferhâlding mei de jongste soan, Luc. Wa wit slagget it mei him. Op in stuit, nei sawat in fearnsjier, fertelt se him dat se in bern krijt. Se set ôf, docht ôfstân fan alle rjochten en freget yn in achterlitten briefke har net te sykjen.
Luc freget oft syn broer net bern wollen hie. Dy fertelt dat er ûnfruchtber is. Nei in dei of fjouwer bycht Luc op dat hy Janne beswangere hat. Leo hinget him op. Luc snijt syn broer los, mar docht oft hy him fermoarde hat. Hy sit in skoft yn foararrest, mar de resjerzje ûntdekt dat it selsmoard is. Luc begjint mei brieven oan syn eardere maat, as in soarte fan bycht – oer syn saneamde skuld (mar hy is net skuldich). Hy giet op syk nei Janne, en ferdwynt ek definityf.
De wolbekende âldfrinzige eleminten út de âlderwetske boereroman – selsmoard (moard) troch ophingjen yn de golle, it op jong setten fan de húshâldster, broers dy’t tsjin elkoar opsetten wurde om in frou wurde hjir oanfold mei de mytyske memmegoadinne Astarte (sjoch Theun de Vries, Eros in hinderlaag en Het Wolfsgetij).
Luc seit in pear wurden oer Astarte en syn filosofy: ‘Astarte, de boarne fan it minskelibben. Sij dy’t yn tal fan gedaanten fereare waard troch hast alle westerske en Arabyske kultueren. Utsein troch de monoteïsten. Tefolle seks, tefolle genot. Dêr koene hja net oer. Hja koenen de absolútheid fan it libben net ferneare en moasten sa nedich in himel betinke. Om ús ierdske bestean mar te relativearjen. En hja moasten sûnden útfine om op ferlossing hoopje te kinnen. En se keazen it moaiste, it djipste, it dierberste út dat in minske hat om te skansearjen: it libben séls. Om it minskdom te bekliemen mei in totalitêr en ûnomkearber skuldgefoel. En sa draaiden se de wearde fan lijen en genot om, troch it earste te ferhearlikjen en it twadde te fersmiten. Leinen dêrmei in negative ôfdruk op de positive ôfbylding, wêrtroch it libben fertoarke ta in samling griistinten – Astarte hie my har hân jûn, mar noch foardat ik oerein kaam, liet se los en wie se al wer fuort’.
Op it omslach rint dan ek in neaken frou mei brede heupen de see yn. De goadinne fan de see dy’t as in rattefangster fan Koehoal de manlju meilokket nei de ûndergong? Sok net optocht skuldgefoel hie noch te fertarren west.

ONELINERS
De searje e-mails (brieven) dogge oerflakkich oan. Dat wurdt fersterke troch goedkeape one-liners sa’t dy yn de reklamewrâld wenst binne en faaks ek yn de tv-wrâld – net te djip, allinne wat bylden en oeral wat fuortpikt.
Wat moat ik mei Jomandawiisheden as: ‘De man mjit de tiid, de tiid mjit de man’, of ‘de memmegoadinne fytst mei har hillige frucht by de râne fan de skepping lâns’, en ‘in ûnfruchtbere boer is in ûnnutte boer’, en de meast kranksinnige ‘de hel dat binne de absolutisten’ (dit lêste is folslein krompraat, want basearre op de stelling fan J.P. Sartre: ‘De hel dat binne de oaren’, ien fan de pylders yn syn eksistinsjele filosofy en soks kin net samar as fariaasje yn in net eksistinsjele roman brûkt wurde).
En dit: ‘Sûnder neat gjin eat
Sûnder nea gjin ea
Sûnder nearne gjin earne
Sûnder nimmen gjin immen’.
Of: ‘Wa hat net om útstel bidden foar de bycht?’
En: ‘Judas woe flechtsje foar de deadstút’.
En: ‘Esau besocht syn bruorremoard te kamûflearjen’.
Nei ditsoarte fan oneliners fertelt er syn broer Leo: ‘Harkris, ik haw dyn frou naaid, want sij wie myn goadinne’. Ek in aardigenien is, dy’t op neat stuollet: ‘Ik, Luc, in sloppeling, haw op eigen manneboet in komplete famylje útmoarde’. En yn al syn meilijen mei himsels – it spilet yn plusminus 2000: ‘De ferhûddûke minske mei plak nimme op de godlike viptribune – skikke yn de rol as sûndebok wie it iennichste’. It is allegearre wat oerdreaun, wat ûnecht, klisjeemjittich en foaral bombastysk.
Ik haw my echt steurd oan it (mis)brûken fan de prachtroman fan Marnix Gijsen, Telemachus in het dorp. Telemachus, de Grykske god, dy’t syn mem beskermje moat tsjin al te opkringerige manlju. Kingma neamt de heit (berne yn 1946) Telemachus fan de Dyk, ‘de man dy’t oan alle kanten misledige waard, passearre en fertrape’. Yn dizze roman haw ik dat net lêzen, en dus is it nonsens.
Yn de roman fan Gijsen sjogge wy in hele oare Telemachus (Télémaque fan bgl. Fénélon) dy’t as jonkje wat bûten de (konservative) mienskip stiet. Gijsens magistrale Telemachus lêst en lêst en lêst, want hy kin neat mei dy doarpsfigueren. Kingma’s Telemachus glidet de jarrekolk yn, dat is alles. Dit brûken fan sa’n namme is leech, lykas dy oneliners. It is ynteressant dwaan, it is de mentaliteit fan de flugge reklamejonges. It hat mei literatuer neat te krijen.

CKUT OP STELTEN
It skuldgefoel fan Luc is optocht, ûntwikkelet him ek net logyskerwize út de roman. Fansels, de mins is in skuldich wêzen, mar dat wurdt yn de roman net yn in kader setten. Mei immen dy’t docht oft er syn broer dea makke hat, dy’t tinkt dat er syn heit de jarrekolk yn jage, dy’t sa noadich fertelle moat dat er syn broers wiif beswangere hat, is wat mis. Sa’n man is siik. Mar dêr docht no krekt de skriuwer neat mei. De saneamde skuldgefoelens fan Luc binne oanplakt, binne optocht (troch de skriuwer).
Dit optochte docht bygelyks ek bliken út it brûken fan in ikoan út de sechtiger jierren – in keunstwurk fan Niki de St Phalle. Lykas Sartre, Camus, Telemachus fan Gijsen kinne jo net samar ikoanen brûke, as is it struiguod fan Sinteklaas.
De Nana’s fan Niki de St Phalle (1936-2002, berne yn Parys) binne folslein bûn oan de keunstner – as je dizze reuzinnen brûke is it saak dat oan te jaan, en doch dat op in spesjale wize.
Yn syn iennige dream – sawat in moanne foardat Luc ferdwynt – wurdt in Nana yntrodusearre. Hy tinkt oan Janne dy’t neffens him gjin foargeslacht mear hat, gjin neigeslacht en gjin sydgeslacht. In wat kromme gedachte, want hy hie har dochs op jong setten(?). Hy dreamt:
‘Neaken bongelje ik boppe har ûnbidige mûle. Se hapt en fangt myn skroatum tusken har lippen. Se byt. Ik jou in gjalp. De gjalp giet oer yn bernachtich ingelesjongen. Ik stoart del foar de fuotten fan in reuzinne. Freonlik knikkend kiperet se in pôt mei siedende lava oer my hinne’.
Ik fyn fakentiids irrealistyske, surrealistyske en absurde ferhalen prachtich, ek dy dêr’t minsken nei de bliksem geane troch eigen of oarmans skuld, mar as it nei de soademiter gean te krijen hat mei ferminkte teoryen, dêr’t it keunstmjittige fanôf dript dan sis ik nee.
It mjuksjen fan goadinnen út in fier ferline, boeretradysjes út de 19e ieu, teoryen oer de eksistinsjele minsklike skuld sa’t Sartre en Camus dien hawwe, mei de wrâlden fan flugge 21e ieuske reklame- en tv-jonges, lardearre mei healbegrepen filosofyen, one-liners sûnder betsjutting, mei saneamde feiten fan Google, leveret net daalk in (weardefolle) roman op.
Krityk op it kristendom, krityk op de kalvinistyske moraal, en alles wat der mei te krijen hat, fersûpe yn klisjees en preken, falle dea yn it melodramatysk ferhaal. Dat de haadpersoan Luc siik is, is dúdlik, mar dat hat mei de neamde feiten en oanplakte skuldgefoelens yn DIZZE roman neat te krijen. It frommeske Frouck mei ck hie hjir de kaai wêze kinnen, mar dy tinkt net, dy neukt allinne mar – in ckut op stelten.

Bart Kingma
Griene Simmer
Uitgeverij Elikser B.V. 2010
ISBN 9789089542441

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *