Jelma Knol

De maaitiid komt der oan

logo.ensafh

Fan alle linkse hobbys dêr’t guon partijen sa’n hekel oan hawwe, binne de literatuer en de wylde fûgels my wol it leafste. Yn stân hâlde kostet jild en it rendemint is altiten ûnwis. Yn dy sin binne it beide natuerferskynsels. De opkomst fan nije skriuwtalinten en ûnbekende fûgelsoarten liket eat dat spontaan ûntstiet, mar dat is fansels relatyf. It fernuveret my net dat jong talint yn Fryslân faak in foarbyld of stevige fiedingsboaiem hat yn de eigen famyljerûnte.  De talinten dy’t net yn sa’n beskerme sfear opgroeiden, binne eins de echte natuerferskynsels.
Nije fûgels (ik bedoel ferrassende ferskinings fan soarten dy’t hjir tritich jier lyn amper sjoen waarden) komme hjir omdat it klimaat feroaret. Tink oan it tanimmende tal leppelbekken en sulverrigers, lyts en grut, dy’tst eins folle mear yn it Middellânskeseegebiet ferwachtsje soest. De greidfûgels ferdwine spitigernôch omdat de lânbou allegeduerigen feroaret. Der komme hûnderttûzenen guozzen foar yn it plak. Ek moai en yndrukwekkend, mar dochs mis ik de subtile foarjiersmuzyk út de greiden, de skriezen, ljippen en ljurken dy’t mei har moai lûd
alle jierren wer it foarjier oankundigen. Tsjintwurdich sjochst hast ferbaasd op as der in ljip oer dyn holle fljocht.

Ferline jier haw ik in reaboarstke en in pearke graupipers mei sukses troch de winter holpen troch alle dagen hjouwerflokken op de grûn te struien. De graupipers lykje op in ôfstân op mosken, mar binne wat smeller en griziger en hawwe in finer snaffeltsje. It binne de fûgels dy’t moarns as earste begjinne te sjongen, krekt foar’t it ljocht wurdt.
De graupipers makken dêrnei in nustke yn de klimopmuorre neist ús terras. Wy koene der jûns eins net mear mei goed fatsoen sitte, want dan wiene de fûgeltsjes hielendal oerstjoer en waard der gjin fretten nei de pykjes brocht.
Dus ferskoden wy de stuollen mar nei in plakje bûten de alarmsône. Nei inkelde wiken seach ik trije grutte piken ûnhandich achter de âlden oanskarreljen. Moai, dat wie wer slagge. In dei letter wiene der noch mar twa. En trije dagen letter seach ik se hielendal net mear. Aksters, buorkatten, wa sil it sizze.
In wike letter hearde ik wer in graupiper floitsjen op de betide moarn. It fûgeltsje – it mantsje tink ik om ien of oare gekke reden – siet triomfantlik boppe op de konifear en song it heechste liet. Fleuriger as oait, soe ’k as dom en koartsichtich minske sizze, want dat is fansels mýn ynterpretaasje. Urginter as ea, is miskien in snoadere ferklearring. De tiid om in nij nustke te begjinnen is yn de simmer ommers safolle koarter.
Mar likegoed wat in libbensmoed – wer sa’n domme opmerking. Jo hiele gesin wurdt útmoarde, mar jo begjinne gewoan op ’e nij.
Myn lytse bydrage bestiet ek dizze winter út in goedkeap pak mei hjouwerflokken.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *