Geart Tigchelaar

Sinjalemint

logo.ensafh

Reboelje yn Kollumerlân is de tredde roman fan Rommert Tjeerdsma. It dekôr is Kollum en omkriten oan it ein fan de 18e ieu. It boek hannelet oer de oanrin fan it Kollumer Oproer fan 1797 tusken oranjegesinden en patriotten. De haadpersoan, Eabele Keuning, is in patriot en dat moat er úteinlik ûntjilde.
Eabele hat in fin mear as in bears yn ferlyk ta syn bruorren. Syn heit en mem wolle dêrom graach dat er studearje sil foar dûmny. Lykwols stjert syn heit en dan moat er it fak, skuonmakker, fan him oernimme om mei syn mem troch de tiid te kommen. Mar letter krijt er in goede besetting as slûswachter en dus rommer, sadat er sels ta pommerant útgroeid. Hy krijt dêrby ek by de patriotten in wichtige rol. Om dy reden moatte de oranjegesinden him úteinlik ek hawwe.
Rink van der Velde hat oer Salomon Levy skreaun yn it boek In fin mear as in bears (Friese Pers Boekerij 1995) dy’t de held fan de oranjegesinden wie en de stifter fan de Westereen, sa’t de oerlevering hawwe wol. Mei it boek fan Tjeerdsma lêze wy hoe’t it de patriotten fergien is en wurdt Eabele Keuning as ‘held’ opfierd. Sa’t de achterflap werjout wurdt dat ‘yn prachtich geef Frysk’ dien en dêr hat de achterflap gelyk oan. Tjeerdsma beskikt oer in ryk idioom dêr’t it boek rynsk mei bestruid is. Dat is benammen passend foar in hystoaryske roman.
Tjeerdsma fiert Eabele Keuning op as in man fan fleis en bloed. Hy hat in goede húshâlding, mar hy hat altyd in swak hân foar syn earder buorfamke, Minke, dy’t troch omstannichheden letter in soarte fan húshâldster by harren wurdt. Dat jout ferrassenderwize alhiel gjin swierrichheden. It hie faaks wat spannender west wannear’t bygelyks Gerbrich, Eabele syn wiif, dêr lucht fan krije soe en dat fansels de nedige spanning jûn hie. Lykwols jout de reboelje yn Kollumerlân genôch spanning en dêrmei is it boek it lêzen wurdich. Fierders is it boek kreas foarmjûn mei op ’e foarkant in skilderij fan Tjeerdsma sels dêr’t it hûske oan ’e feart op stiet.

Rommert Tjeerdsma
Reboelje yn Kollumerlân
Friese Pers Boekerij 2010
ISBN 978 90 330 0912 9

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *