Advyskommisje Gysbert bekend makke

logo.ensafh

De advyskommisje foar de provinsjale kultuerpriis Gysbert Japicxpriis kin los. De advyskommisje sil Deputearre Steaten advisearje oer de takenning fan de priis. 

Foar de advyskommisje fan de Gysbert Japicxpriis, de priis foar alle sjenres literatuer yn it Frysk, binne de folgjende persoanen beneamd: Ate Grypstra (dosint yn it middelber ûnderwiis en skriuwer), Sietske de Jong (meiwurkster MEE-Friesland en skriuwster) enWillem Verf (skriuwer).

De Gysbert Japicxpriis wurdt ienris yn de twa jier takend foar sawol ien wurk as foar it hiele oeuvre fan in auteur; de iene kear wurdt proaza bekroane, de oare kear poëzy. Yn 2009 wurde de Gysbert Japicxpriis foar Fryske poëzy takend oan Anne Feddema foar syn bondel Reidhintsje op ’e Styx. Yn 2011 wurdt proaza bekroane.

Boarne: Provinsje Fryslân

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *