André Looijenga

Sinjalemint: Ûnder wetter

logo.ensafh

Om twa redenen is Ûnder wetter in tige nijsgjirrich boek: it is in roman óér de Fryske identiteit, en it is in dystopysk takomstferhaal oer de ûndergong fan Fryslân. Tiemersma (*1952) hat by it skriuwen fan dit boek de tiidgeast goed oanfield. Wy libje ommers yn in tiid dy’t swier is fan ûndergongsfoarsizzings: tink oan it klimaat en it ranen fan ’e poalkappen, oan it ekonomysk en wrâldpolityk efterútbuorkjen fan it Westen, oan de ferbjustere besunigings yn tiden fan krisis, oan de takomst fan it Frysk as skriuw- en sprektaal, oan it fuortbestean sels fan Fryslân…

Ûnder wetter is in dystopy, in ferhaal wêryn’t hjoeddeiske tinkbylden ta in aaklik takomstfisioen útwurke wurde. It útgongspunt is dat yn 2065 Fryslân, fanwegen de stiigjende seespegel, ûntromme en ûnder wetter set wurdt. Ûnder biedwurden grif as weromjaan oan ’e natoer en it winnen fan duorsume enerzjy moat dit ûnrindabele rânegebiet yn ’e weagen ferdwine. Koos Tiemersma hat syn roman de foarm jûn fan in weromfûn manuskript (in beproeve prosedee): it deiboek fan in jonge Fryske dichter út ’e lêste trije moannen dat Ljouwert noch bestiet, útjûn mei in foarwurd troch in 22e-ieuske Litouske professor.

De foarm fan in ego-dokumint dat tawurket nei de absolute ein fan jins eigen deistige omjouwing makket dat Ûnder wetter jin grypt en flot fuortlêst. De haadpersoan, de ynbannige tweintiger Sil Posset (Latyn foar ‘soe kinne’) dy’t sa lang as kin fêsthâlde wol oan it fertutearze Ljouwert, makket soms wat nuvere sydstappen, mar is faaks dêrtroch in realistysk karakter. Syn lytse freonekrite, twa oare lêste Fryske dichters fereale op deselde faam, wurdt in stik flakker beskreaun en wol wat te grotesk as stumpers delset. As in lêste fersetsdied tsjin it ûnderstrûpen komme se noch ta in terroristyske aksje, dy’t lykwols net opmurken wurdt. Dit is de ein fan in dochs al suterige freonskip, wêrnei’t Sil syn eigen plan lûkt.

Nei it ferskinen fan Ûnder wetter kundige Tiemersma oan dat dit syn ‘lêste’ Fryske roman wêze soe, – in meidieling, wêrmei’t er, útsûnderlik foar in Frysk skriuwer, Omrop Fryslân helle… It is lykas hat Tiemersma de ûndergongsfisioenen foar it Frysk oer belutsen op syn eigen skriuwerskip. Ûnder wetter is, hoewol net sûnder tekoartkommings, lykwols ien fan ’e opmerklikste Fryske proazawurken fan ’e lêst pear jier, dat it soe spitich wêze at de auteur wurd hâlde soe…

Koos Tiemersma
Ûnder wetter
Ljouwert, Friese Pers Boekerij, 2009

In noat fan ’e redaksje: Yn nûmer 3 sil in wiidweidich besprek fan Looijenga oer ditselde boek ferskine. Hâld it dus yn ’e gaten!

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *