Jetske Bilker

Harry Potter en de stien fan de wizen

logo.ensafh

In priuwke út de Fryske oersetting fan it earste diel yn de Harry Potter-rige.

As der in brief brocht wurdt foar de ûngelokkige Harry Potter, komt er achter in tsien jier âld geheim. Syn âlden wienen tsjoenders en waarden fermoarde troch de flok fan in Tsjustere Hear. Harry wie doe noch in poppe, mar hat it op ien of oare manier oerlibbe. Hy ferlit de freeslike Migels dy’t him grutbrocht hawwe, en giet nei Swiniastate, in tsjoendersskoalle mei spoeken en betsjoenings. Harry rekket fersyld yn in tsjuster aventoer as er in trijekoppige hûn fynt, dy’t de tredde ferdjipping fan ’e skoalle bewekket. Dan heart er fan in ferburgen Stien, mei ferbjusterjende krêften, dy’t tige kostber of tige gefaarlik is.

Ingelsk Nederlânsk Frysk
Millicent Bulstrode Margriet Bullemans Martsje Brokken
Vincent Crabbe Vincent Korzel Vincent Kwaste
Diagon Alley Wegisweg Weiwurdwei
Vernon, Petunia & Dudley Herman, Petunia en Dirk Hindrik, Petunia en Melle
Dursley Duffeling Mûzema
Arabella Figg Mefrou Vaals Frou Fealema
Gringotts Goudgrijp Gniisguod

Hogwarts Zweinstein Swiniastate
Neville Longbottom Marcel Lubbermans Nolle Hampelman
You-Know-Who Jeweetwel Dowitstwol


Sa begjint it boek yn it Frysk:

‘Yn ’e Ligusterleane, op nûmer 4, wennen Mûzema en de frou. Se wienen der grutsk op dat se hiel gewoan wienen en as der oait minsken west ha, dêrst fan tinke soest dat se noait by wat heimsinnichs of nuvers belutsen reitsje soenen, wienen sy dat wol, want datsoarte flauwekul hienen se net oan tiid.

Mûzema wie direkteur by Drilma, in boarmasinefabryk. Hy wie grut en grou en hie hast gjin nekke, mar wol o sa’n grutte snor. Frou Mûzema hie ljocht hier en wie meager en har nekke wie hast twa kear sa lang as dy fan in gewoan mins, wat goed útkaam omdat se gauris oer it stek stie te gluorkjen om de buorlju te begnuven. De Mûzema’s hienen in jonkje, Melle, en se wienen der wis fan dat der noch noait sa’n geweldich berntsje west hie.’

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *