Hedwig Terpstra

Geart Tigchelaar: nije ferhalebondel ‘Lúshâlding’.

logo.ensafh

Geart Tigchelaar (1987) is berne yn Damwâld en wennet no mei syn freondinne yn Burgum. Yn novimber is syn ferhalebondel ‘Lúshâlding’ ferskynd by de Friese Pers Boekerij. Earder skreau er mei Dirk Jan Muntendam it boek ‘De kweeste fan Ridder Pieter’. Hy hat Frysk studearre oan de universiteit fan Grins, drumt by de metalband Kramtried en is no ûnder oare einredakteur fan de ensafh-digi.

Lúshâlding’ is in bondel ferhalen oer in luzehúshâlding. De wrâld wurdt besjoen fanút it perspektyf fan de luzen. Hoe bist op it idee kaam?
Geart: ‘Ik hie earder alris in ferhaal skreaun oer ‘echte’ minsken, mar it kaam nei in pear dagen wat keunstmjittich en forsearre op my oer. Ik hie earder alris ferhaaltsjes skreaun oer ierdmantsjes en fandêr bin ik op it idee fan de luzen kaam. It skeat my ynienen te binnen. Ik bin yn 2007 begûn mei it earste ferhaal. Dat ferhaal is doe publisearre op Farsk en it is yn wizige foarm opnaam yn it boek. Letter ha ik mear haadstikken skreaun, mar op in bepaald momint is it wat op in sacht pitsje kaam. In pear jier lyn ha ik it wer oppikt. Doe’t ik tsien ferhalen skreaun hie krige ik it idee om in bondel út te jaan. Ik ha de ferhalen redigearre en op goed gelok opstjoerd nei de Friese Pers Boekerij. Jelma Knol mailde my in entûsjaste reaksje werom. Ik wie hielendal út de skroeven!

De luzebern út it boek, Koate, Dwatte, Poatse, Mertsje en Akseltsje, belibje fan alles. Sa krije se bygelyks rúzje mei de tiken. De hûn dêr’t se op libje neame se har wrâld en sa binne der ek noch oare ‘planeten’, lykas minsken en katten. It boek is op 12 novimber presintearre yn kafee Mukkes yn Ljouwert. Ik ha it earste eksimplaar oanbean oan myn kammeraat Dirk Jan Muntendam en der wienen optredens fan Kramtried en Rekker. Piter Boersma en Edwin de Groot ha foardroegen út har wurk. Al mei al wie it in hiele leuke jûn mei in aardige opkomst en ik ha dêr ek noch wat eksimplaren fan it boek ferkocht.’

It is net hielendal dyn debút, want do hast earder mei Dirk Jan Muntendam ‘De kweeste fan Ridder Pieter’ skreaun.
‘Pieter Breuker naam yn 2009 ôfskie as dosint Frysk yn Grins en foar de gelegenheid ha we him doe dizze Fryske kaairoman oanbean. It is in hiel frije bewurking fan de sagen fan kening Arthur. De helden yn dit boek binne ridders, modellearre nei Breuker en oare dosinten op de universiteit. It boek is mei help fan stúdzjeferiening Skanomodu útjûn yn in beheinde oplage. Der wie dochs aardich belangstelling foar it boek. Myn maat Hindrik Wiebe Rinzema, dy’t no yn Meksiko wennet, hat de tekeningen by de ferhalen makke. Mei him meitsje ik ek de rige ‘Wiere wurden’ op ensafh. Hy hat yn ús band spile en syn broer wie froeger in kammeraat fan myn broer. Mei Dirk Jan Muntendam en guon oaren ha ik Skanomodu oprjochte, de earste Fryske stúdzjeferiening yn Grins.’

Wat kinst fertelle oer dyn stúdzje Frysk en Skanomodu?
‘Ik bin Frysk studearjen gong omdat it my altyd tige ynteressearre hat en ik dêr graach wurk yn fine woe. Ik krige in breed skala oan fakken. Der binne mar in hantsjefol minsken dy’t Frysk studearje, sadatst net sa opgietst yn de massa en dat fûn ik hiel noflik. Der wie noch gjin Fryske stúdzjeferiening, dus we ha besletten om dy sels op te rjochtsjen. Dat wie hiel leuk en learsum en it leuke is dat de feriening noch altyd bestiet, ek al binne de oprjochters al klear mei de stúdzje. Ik ha ek yn de redaksje sitten fan it Skanoskrift. Yn 2006 bin ik begûn mei myn stúdzje Frysk, mei as spesjalisaasje Aldfrysk. Myn skripsje gong oer wierheidsfining yn it Aldfryske en Aldyslânske bewiisrjocht. Ik ha kolleezjes Aldyslânsk en Aldgermanistyk folge njonken myn haadstúdzje. It foel my op dat der in soad oerienkomsten binne tusken it Aldfrysk en Aldyslânsk prosesrjocht en woe dat graach neier ûndersykje. Ik ha dat ûndersyk dien op ‘e Fryske Akademy, yn ‘e mande mei Han Nijdam, myn begelieder dêr. Ik fûn it nijsgjirrich om te achterheljen hoe’t se eartiids ta wierheid kamen oft ien wol of net wat ferkeards dien hie. Ik soe graach mear dwaan wolle yn dy rjochting. Mooglik kin ik yn it ferlingde fan myn skripsje promoasje-ûndersyk op dit mêd. Ik sjoch it sels as in reële opsje, de fraach is allinnich wa’t der jild foar oer hat.

Ik ha foar myn ôfstudearjen in heal jier yn de Dútske stêd Kiel wenne. Mei Skanomodu wienen we alris nei de universeit fan Kiel west en sadwaande leinen der al wat kontakten. Fia Erasmus ha ik in beurs krigen, sadat ik dêrhinne koe. Ik ha dêr in moaie tiid hân, ik wenne mei noch trije oaren yn in appartemint en folge kolleezjes Frysk oan de universiteit. Sa krige ik taalkunde fan Jarich Hoekstra en sosjolinguistyk fan Allister Walker. Yn febrewaris fan dit jier bin ik ôfstudearre oan de RUG.’

Wat dochst foar wurk?
Geart: ‘Ik doch freelance korreksjewurk foar útjouwerij Elikser en jou in kursus Frysk by de Afûk. Dêrnjonken bin ik skjinmakker op in basisskoalle yn Damwâld en besoargje ik post. Earder ha ik administratyf wurk dien. En ik bin einredakteur fan de ensafh-digi. Oardel jier lyn bin ik by ensafh kaam. Ik rûn doe staazje by de Fryske Akademy, dêr’t ek Piter (Boersma) wurket. Ik hie alris wat gedichten publisearre yn it tydskrift Hjir. Piter frege my oft ik belangstelling hie om yn de redaksje fan ensafh. Ik frege my ôf oft ik wol genôch ûnderfining hie om in oar syn kopij beoardiele te kinnen, mar ik ha dochs fuort ‘ja’ sein, want ik hie der in soad nocht oan. Ik sjoch it as in learskoalle, fyn it moai om wurk fan oare Fryske skriuwers te lêzen en bin dan ek benijd wat de oare redaksjeleden derfan fine. By de earste gearkomste kaam de fraach oft ik de ynternet-einredaksje dwaan woe al op it aljemint en dat like my wol in moaie útdaging. Nei in pear moanne bin ik dêr doe mei út ein set.’

Do drumst yn de metalband Kramtried. Hoe is dat sa gongen en hoe giet it dermei?
‘Yn 2004 bin ik mei myn broer Eibert begûn. Wy binne beide grutte muzykleafhawwers en ik spile wolris op it drumstel fan ús buorjonge. Eibert spilet gitaar en Hindrik Wiebe spile earst bas. Yn it begjin makken we noch punk, letter waard dat mear metal. Troch de jierren hinne ha der al ferskate wikselings west yn de bandformaasje. Myn suske Nynke spilet no bas, we ha der noch in perkusjonist by, Theun en Anne Renze is no de sjonger. Yn it begjin songen we ek wol yn it Ingelsk, mar no skriuwe we eins allinnich noch mar Frysktalige nûmers. Ik skriuw de teksten en dy gean oer fan alles en noch wat, dingen dy’t ik meimeitsje, of ik lit my ynspirearje troch oare teksten. Yn april 2010 is ús EP útkaam mei fjouwer nûmers. Dy ha we opnaam by Sing Sing Studios yn Mitselwier. Omdat we dêr de boel fertimmere ha krije we fergees studiotiid. We sille begjin takom jier in CD opnimme, mei dêrop tsien nûmers: ‘Nea wer dreame’, ‘Myn siele raast’, ‘Ierde Vol. II’ en in stik of wat nije nûmers. (Harkje nei it nûmer ‘Myn siele raast’.) We ha pas yn febrewaris wer in optreden, dus op it momint ha we genôch tiid om deroan te wurkjen. Der binne op it heden in soad bandsjes en metal is in raazje. Der binne ek aardich wat Frysktalige bands, lykas de Hûnekop, Jarretank en Rekker. It is fansels wol moai dat it sa libbet. Wat ik no wol doch is dat ik fuort de teksten betink sa gau’t we in nij loopke of rif ha. Dan ha ik fuort de goede sfear te pakken. No wurket dat sa, mar it kin bêst wêze dat we it letter wer oarsom dogge: earst de teksten skriuwe en letter de muzyk derby meitsje. We oefenje altyd by myn âlden yn Damwâld. We ha dêr in moaie rûmte op souder boppe de garaazje, dêr’t we ek sitte kinne. We kinne dêr oant tsien oere jûns oefenje. Ik ha myn drumstel dêr ek stean. Ik ha drumles op de muzykskoalle yn De Falom. We wolle eins mear ta op it opnimmen fan muzyk, yn de studio, mar mooglik kinne we dat ek sels dwaan. We ha no ek wat mear budzjet foar it oanskaffen fan apparatuer. Der is in fideoklip makke fan it nûmer: ‘Se komme foar my’. Anne Renze koe ien dy’t dat soart dingen docht. Foar in flesse Bearenburch woe er wol in klip foar ús meitsje. It is wol in profesjonele produksje wurden.’

Fideoklip ‘Se komme foar my’

Wannear bist begûn mei skriuwen en hast al plannen foar in nij boek?
‘Sawat in jier neidat ik mei de stúdzje Frysk begûn bin. It luzeferhaal wie ien fan de earste ferhalen dy’t ik skreau. Letter bin ik út tiidneed begûn mei it skriuwen fan gedichten. Op Hjir, ensafh en yn de Moanne binne gedichten fan my publisearre. Ik ha altyd wol graach lêze mocht. Ik hie ek altyd wol ideeën, mar wist net krekt yn hokker foarm ik it jitte moast. Op it momint bin ik noch net mei nij wurk dwaande. Ik ha wol ideeën foar in histoaryske roman en wol dêr in foarstúdzje foar meitsje. En ik bin fan doel om in wurkbeurs oan te freegjen foar it skriuwen fan in dichtbondel.’