Hedwig Terpstra

Greet Andringa: ‘Ikarusblau’

logo.ensafh

Greet Andringa is berne op 16 july 1971 yn Reduzum. Nei har stúdzje genêskunde is se oan de slach gongen as ferslavingsdokter yn Ljouwert. Al gau bliek se it ark te missen om op in goede manier omtinken te jaan oan de emosjonele en sinjouwingskant fan de problemen fan har pasjinten. Dat wie foar har de reden om ek de stúdzje humanistyk te folgjen. Ferline jier oktober is se in eigen bedriuw begûn: Finsters, zin in je leven, wêrby’t se oan hûs praatterapy biedt en dwaande is mei oare projekten dy’t sinjouwing en humanisearring fan de maatskippij befoarderje. Har skriuwerij rekkenet se dêr ek ûnder. Yn 1999 waard yn Trotwaer foar it earst in ferhaal fan har opnaam. Yn 2003 kaam har ferhalebondel ‘De diggels fan Che’ út. Yn 2008 ferskynde har roman ‘Libben Reach’ en yn 2010 it boekewikegeskink ‘Los Sân’. Yn july 2011 kaam de roman ‘Ikarusblau’ út by de Friese Pers Boekerij. Greet wennet mei har man en trije bern (twa famkes fan 8 en 4 jier en in jonkje fan 6) yn Suwâld.

Wêr giet ‘Ikarusblau’ oer?
Greet: ‘Tys, in learaar wiskunde, is opgroeid yn de jierren santich yn in ekologyske mienskip, in soarte kommune op in pleats. As Tys en syn frou Immy in bern krije, barre der saken dy’t it needsaaklik meitsje te ûndersykjen oft de man dêr’t er fan tinkt dat dat syn heit is, wol syn wiere heit is. Syn syktocht bringt him by de minsken dêr’t syn mem Bibi eartiids mei omgong yn de kommune. Der wienen ferskate manlju yn it libben fan syn mem, dy’t yntusken ferstoarn is. De ûnwissens, mar ek de nije wissens, roppe fansels allerhanne betiizjende gefoelens by him op, benammen oer wa’t er sels is. Immy stiet him yn it hiele proses hieltyd by. De ik-persoan yn it boek is Nelly; sy hat altyd wat jaloersk west op Bibi, omreden fan saken dy’t ûnder it lêzen wol dúdlik wurde. It ferhaal jout njonken ynsjoch yn it gefoelslibben fan Tys ek in blik yn de wrâld fan idealisten yn de jierren sechtich en santich. “Ikarusblau” ferwiist nei it flinterke, in Ikarusblaujurkje dêr’t Tys as beuker mei syn heit Wouter yn in hingmatte tegearre nei sjogge. Fansels spilet yn it boek ek it tema fan Ikarus, in mytologyske figuer dy’t heech stige, mar ek djip foel. En as it derop oan komt is ikarusblau miskien foaral de kleur dy’t it gefoel fan Tys oer syn jeugd werjout.’

Wat kinst fertelle oer de haadpersoan, Tys?
‘Yn de kommune wie in soad frijheid, mar dat joech ek in soad ûndúdlikheid yn Tys syn libben. Letter wurket er as wiskundelearaar en hat er hâldfêst oan in bepaalde struktuer en regelmaat. Troch de syktocht nei syn echte heit rekket er dy hâldfêst kwyt en komt syn libben yn beweging. Der binne yn it boek eins twa streamen dy’t ominoar hinne draaie: hoe’t it doe wie en hoe’t it no is. Oan ’e ein komme dy streamen byinoar. Dat falt gear mei de persoanlike krisis dy’t Tys trochgiet. Om fierder te kinnen mei syn libben moat er it ferline wol yntegrearje mei it no, al hat er dêr yn earsten hielendal gjin ferlet fan.’

Hast sels ûnderfining mei it libben yn in kommune?
‘Ik ha net yn in kommune sitten. Wa’t mear witte wol oer it soart achtergrûn dêr’t ik út kom, riedt ik oan Libben reach te lêzen. Tusken rûchwei myn 15e en 25e gong ik wol mei mei IVN-kampen: frijwilligerswurk en útfanhúzje op natuerterreinen. Earst gewoan as dielnimmer, letter ek as begelieder. Dat wie machtich, eefkes hielendal by heit en mem wei, mei in hiel soad broerkes en suskes sels útfine hoe dy manmachtige húshâlding draaiende te hâlden. Ik ha der bygelyks hiel aardich itensieden fan leard foar ploegen folk fan 25 man en mear, it hânmjittich ôfplagjen fan heide en it opsetten en fernearen fan sanitêre omstannichheden fan hûndert jier tebek. Oan de oare kant koe soks, foar psychysk kwetsbere minsken fansels ek hiel aaklik wêze: mei sa’n folslein nije groep minsken om te gean en sa in soad prikkels te ferwurkjen te krijen. Ik ha ‘t in pear kear meimakke dat it kompleet út de hân rûn mei minsken, dat se folslein yn ’e tiis troch heit en mem ophelle wurde moasten. Ik ha sels fan dy kampen leard om my steande te hâlden yn groepen. Earder wie ik krekt in hiel ferlegen bern.’

Wat kinst fertelle oer dyn stúdzjes?
‘Nei myn stúdzje genêskunde bin ik oan it wurk gongen as ferslavingsdokter. Ik ha yn it begjin in soad fan in âldere kollega leard. De ferslavingssoarch is in yngewikkeld fak. Hast te krijen mei de lichaamlike gefolgen fan in ferslaving, mar ek mei allerhanne psychyske steurings, al as net gearhingjend mei it gebrûk fan drank en drugs. Ik wurkje no 32 oeren by VNN (Verslavingszorg Noord-Nederland) yn Ljouwert. Dêrneist bin yn oktober ferline jier begûn mei myn eigen bedriuw: Finsters, zin in je leven. Neist oare dingen wêrmei’t ik sinjouwing en humanisearring fan de maatskippij befoarderje wol, lykas lêzings en myn skriuwerij, is it in praatpraktyk. As humanistyk geastlik fersoarger help ik minsken, as se eefkes net mear witte hoe’t se fierder moatte, op wei om har doel yn it libben werom te finen. By VNN is der troch besunigings hieltyd minder tiid foar it ferhaal fan de pasjint, wylst ik yn de rin fan jierren leard ha, dat wat it probleem fan minsken ek is, oft dat no yn it liif leit, yn de geast, in ferslaving is, in geheim of ien of oar ferlies, de fraach dy’t der achterleit faak is: help my asjeblyft om my wat lokkiger te fielen. Lok sit net yn in fleske. Sels net yn in pillepotsje of in modulêre behanneling. Faak hat it te krijen mei dat minsken hiel lang dwaande west ha mei achter yllúzjes oan te jakkerjen: as ik earst mar dy oplieding/baan/frou/auto/uterlik/staat fan sûnens/ensfh. ha, dan komt it lok tichterby. Of as dy oare no earst mar ris feroaret, dan haw ik romte om… Soksoarte fan dingen. Minsken binne faak hielendal kwyt wêr’t it se echt om giet. Middels binne doel wurden, en it doel is ferjitten. Mei Finsters wol ik minsken de kâns jaan om wol har ferhaal fertelle te kinnen, en dêrmei út te finen hoe’t it by harren wurket en wat se dwaan kinne om it eigen paad fierder kuierje te kinnen. Om dit noch better dwaan te kinnen bin ik krekt begûn mei in oplieding ta psychoterapeut. Dat betsjut ek dat ik op ’t heden ien kear yn de fjirtjin dagen sels “op it bankje” oer mysels sit te fertellen. Bêst spannend, mar perfoarst de muoite wurdich!’

Wannear bist begûn mei skriuwen?
‘Op it momint dat ik in pinne fêsthâlde koe. Ik hold as bern – en eins no noch – in hiel soad fan de mearkes fan ûnder oaren Andersen en skreau se sels ek. Op de middelbere skoalle fûn ik it oars as de measten krekt wol moai om opstellen te skriuwen en ha ik yn de skoalkranteredaksje sitten. Ik hâld it meast fan ferhalen en romans skriuwe. Op it stuit stiet alle fjouwer wiken in ferhaal fan my yn it Friesch Dagblad. By fersin skriuw ik ek wolris in gedicht, mar dat mei eins gjin namme ha. Ik fyn it wol moai om poëzij te lêzen. Ik ha in jier of tsien tink ik – pff, hoe lang is it wyls eins?-  yn de redaksje fan Hjir en letter Ensafh sitten, mar troch de nije oplieding ha ik dêr gjin tiid mear foar. Wol spitich, want ik fyn it in leuk ploechje minsken. In noflik nêst, dêr’t je meastentiids goede feedback krije. En lekker iten, mar dêr merkt de lêzer wer it measte net fan.’

Wat kinst sizze oer dyn byldzjende taalgebrûk?
Greet: ‘Ik ha sels meastal wol in soarte fan byld foar eagen by it skriuwen en dat is tink ik  werom te finen. By Ikarusblau wie dat hiel letterlik. Ik ha yn it begjinstadium fan it skriuwen net allinnich mei pinnen en kompjûter oan ’e slach west mar ek mei it fototastel. Der hat ien dei west, 7 septimber 2009, de earste dei dat ik echt frij nommen hie fan it wurk om te skriuwen, dat ik mei it fototastel yn ’e bûs troch Fryslân riden bin en alles dat op de ien of oare wize wat te krijen ha koe mei myn ferhaal, fêstlein ha. Om de bylden dy’t ik al yn de holle hie mear details te jaan en oarsom ek om op it fotobyld nije ferhaallinen te weevjen. Ik mei graach boartsje mei wurden, ha in protte wille fan it ta libben bringen fan nije metafoaren Betiden brûk ik ek wolris in wurd datst yn it wyld hast net mear hearst. Dêr wurdt ferskillend op reagearre, de ien fynt it moai, de oar fynt it té. Ik bin my der sels net sa fan bewust, myn Fryske wurdskat wurdt sa stadichoan, ek troch it redaksjewurk, wol grutter. It is leuk as oare minsken dêr ek wer wat fan opstekke. Op oare flakken yn myn libben moat ik der mei de kop faak skerp by wêze, wurdt in oare taal brûkt: fakjargon, de taal dy’t alles yn fêste kategoryën stampe wol, de taal fan formulieren en registraasjesystemen. Yn it frije skriuwen mar ek yn de petearen mei pasjinten/kliïnten kin ik in oar paad berinne. Dêr hat de taal folle mear lagen en betsjutting, kinne dreamen plakfine. Dat is ek de reden wêrom’t ik it sa fijn fyn om te skriuwen. Yn novimber op it skriuwerswykein yn Riis ha’k heard hoe’t oare skriuwers ta in ferhaal komme. Soms liket dat op hoe’t it by my wurket, betiden is it ek hiel oars, mar wat we allegearre eins diele is in soarte fan nijsgjirrigens, in oare wize om ús mei ús ferhaal te ferbinen as troch middel fan ôfstanlike kennis. It giet om in soarte fan ferbining meitsje fan binnenút.’

Wat is de ferbinende tematyk yn dyn boeken?
‘Myn earste boek, ‘De Diggels fan Che’, is in bondeling fan de losse ferhalen dy’t ik skreaun ha. Yts rekke my en dan skreau ik dêroer. By myn romans en de novelle ‘Los Sân’ is der mear line yn kaam. It binne eins alletrije ferhalen fan minsken dy’t dwaande binne mei it finen fan har plak yn it libben. Dat is de ferbinende tematyk, mar dy ha ik op ferskillende wizen útwurke. Yn ‘Libben Reach’ donderet Geeske har libben yninoar. Stadichoan siket se de stikjes wer byïnoar, mar dan past it net mear. ‘Los Sân’ giet oer in jong frommes dat harsels en har libben eins sjocht as in rjochte, stiigjende line. Op een bepaald momint komt de hiele boel op in fiere reis ta stilstân en dêrtroch eins hiel bot yn beweging. Har hiele byld moat oer de kop. Neat line, neat stiigje. It binne glêsfragmintsjes yn in ferskaat oan kleuren, dy’t lyk as yn in kaleidoskoop oer en neist inoar falle, mar krekt hoe’st se skoddest en draaist. Betiden skuorje se sels aaklik oer inoar hinne en net alles lit him stjoere. Yn ‘Ikarusblau’ ha we de streamen dêr’t we it earder oer hân ha. Ik bin benijd oft en hoe’t dy tematyk trochsette sil by in folgjend wurk. Foar my sels is nij wurk eins ek altyd in ferrassing. It kin no oars noch wol even duorje foar’t der in nij boek komt. Mar it komt grif wol wer, it skriuwen fan lang wurk komt eefkes yn’e kelder.’

Wat is de besieling yn dyn skriuwen?
Greet: ‘Ik fyn it wichtich dat elkenien de rûmte krijt om him út te sprekken, om syn ferhaal yn de wrâld te setten, ek de minsken dy’t oars gau bûten de boat falle. We binne allegearre minsken, we hawwe ús allegearre te rêden mei wat ús tafalt yn it bestean, we hawwe allegearre mear of minder mooglikheden om der wat fan te meitsjen en we kinne hoe dan ek faninoar leare as we it oandoare om echt kontakt te meitsjen en echt nei inoar te lústerjen. Dizze hâlding fynt syn wjerslach yn myn wurk mei ferslaafde minsken. Betiden binne jo dan ien fan de iennigen dy’t immen noch as in minsk sjocht. As jo in minske lang genôch behannelje as junk, en dêrmei bedoel ik no it Ingelske wurd foar ôffal, dan giet immen him of har ek gedragen as soks. Wolle jo immen helpe wer minsk te wurden, dan freget dat ek dat jo him of har as minske sjogge. Soms slagget dat de eigen omjouwing net mear. En dat is ek hiel goed te begripen. Dan fyn ik dat we as maatskippij sa minsklik wêze moatte om te soargjen dat immen tagong ha kin ta minsken dy’t harren hjir fakmjittich mei dwaande hâlde. Op dit stuit is de haadstream oars de kant op fan ôfhurdzje en ferrekke litte. Ik fyn it de ferantwurdlikens fan elk minsk om te sjen wat hy/sy dwaan kin, hoe lyts ek, om sels minsk te bliuwen en by te dragen oan de minsklikens fan oaren. Myn boeken en ferhalen binne in part fan myn eigen krewearjen op dit mêd.’

Hoe sjochsto de takomst fan it Frysk en de Fryske literatuer?
‘Der wurdt hiel wat omstind dat it Frysk ferdwine sil. Eins wurdt der al hiel lang stind, mar it Frysk is noch altyd net ferdwûn. De taal sil wol feroarje. Der binne in soad ynfloeden út it Nederlânsk en Ingelsk. Der wurdt in soad kommunisearre fia Facebook, Twitter en sms. Amputearre wurdsjes, byldtaal, taalbylden. Dochs bart soks ek wol yn it Frysk. Ik bin derfan oertsjûge dat in soarte fan regionale identiteit fan ‘Ik bin Frysk’ oerein bliuwe sil, salang’t Fryslân net definityf ûnder wetter ferdwynt. Boppedat moatte we net ferjitte dat taal, as we sjogge nei wêr’t it minsken wier om giet, nammentlik har in bytsje lokkich fiele, in middel is, gjin doel. We rêde it net troch it Frysk yn in reservaat te setten en dat moatte we ek net wolle, want dêrmei sette we ússels ek achter traaljes. Der ferdwine dingen en der komme nije dingen by. Boeken binne no bygelyks op E-readers te lêzen. As we dochs wat dwaan wolle oan taalbefoardering ûnder de jongerein, en ek de Friezen om utens (emigranten nei Kanada, de Feriene Steaten en Austraalje bygelyks) wat belutsen hâlde wolle by ús krewearjen, dan soe it aardich wêze dat ús útjouwers harren ek wat op dy merk oriïntearren. De takomst fan de langere ferhalen liket oars net sa roaskleurich. Miskien moatte we dan mear tinke oan koartere stikjes en oare foarmen. Sels hâld ik al mear fan langere ferhalen mei mear ferdjipping. Mar yn de Deiblêdstikjes slagget it dochs ek wol om yn net mear as 750 wurden in ferhaal te fertellen. Yn in Tweet binne in pear wurden genôch om wat geweldichs sizze te kinnen. Sels fyn ik, hoe ynteressant oars de nije ûntwikkelings ek, in boek lêze noch wol altyd folle ûntspannender as al dat geflits.’