Skermer

Opite

logo.ensafh

It is ierdbeitiid. En dêrby ek nochris in hiel goed ierdbeijier. Wy ha noch nea safolle ierdbeien oan ’e planten hân. It is kostlik om hieltyd wer safolle prachtige reade ierdbeien tusken it grien fan ’e blêden te sjen. Ierdbeien. Sa moai read, sa grut, sa sêft yn ’e mûle en sa soppich. In ierdbei opite.
It is ierdbeitiid en dat is by útstek de tiid fan it wurd ‘opite’.

By de earste letter giet de mûle iepen en de klank wurdt achter yn ’e mûle foarme by de twadde letter giet de mûle wer ticht en dan folget de ‘i’ dy’t foaroan yn ’e mûle foarme wurdt. Ast it wurd ‘opite’ seist nimst wat yn ’e mûle en dêrnei ferpleatst it nei dyn kiel, dêr’t it trochslokt wurdt.
‘Opite’. Dat wurd moat ik net by stilstean bliuwe as ik it hear of sels yn ’e mûle nim, oars reitsje ik fan slach.
Mar yn ’e ierdbeitiid jou ik my der oan oer.
‘Opite’, it wurd bringt my fan slach. En as men ien kear fan slach is wol men mear, men wol de ekstaze en dan de folsleine befrediging, de beswiming..
Immen bûcht him oer in ierdbeibêd, plôket in ierdbei en bringt him tusken tomme en wiisfinger nei de him iepenjende mûle, dêr’t er yn de mûleromte opnommen, fynkôge, nei de kiel skood en dan opslokt wurdt.
Ik wol opiten wurde as in ierdbei.
‘Opite’. Ik wurd gek fan dat wurd.
It libben is in marteling.
Myn frou stie juster by ús ierdbeibêd. Ik stie nei har te sjen. Se bûgde har foaroer, plôke in iedbei en stuts him yn ’e mûle.
‘Ik wit watst tinkst?’ sei se, doe’t se op ’e ierdbei kôgjend nei my seach, ‘it moat ûndraachlik foar dy wêze, mar sjoch dan ek net. Wêrom bist ek sa pervers?’
Doe’t se de ierdbei fuortslokt hie, sei se: ‘Sjoch!’
Se foarme mei de mûle it wurd ‘opite’.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *