Cornelis van der Wal

Kaninefaten prate bryk Frysk

logo.ensafh

Elske Schotanus hat, yn de Moanne, in stik skreaun nei oanlieding fan Willem Schoorstra syn pamflet, of leaver noch syn ferklearring: Oer erfskip en nasjonaliteit. Schoorstra leit yn dit stik út wêrom’t er ôfstân docht fan syn Nederlânske nasjonaliteit en dêrfoar yn plak de Fryske nasjonaliteit oanimme wol.

Schotanus hat har artikel, mei as titel: Nederlands staatsburger, nationaliteit: Kaninefaat yn it Nederlânsk skreaun. Dat meie jo wol as in provokaasje opfetsje, tinkt my. Mar it is ek in statement: Elske fielt har Nederlanner, en net sa sear Fries. Se kiest partij foar de hjoeddeiske (oer)hearskers.

Dizze auteur skriuwt har boeken oars al yn it Frysk, net yn it Nederlânsk. In nuver feit is ek dat Schotanus it Frysk mûnling net alhiel yn de macht hat. Dat koene jo okkerdeis hearre by Omrop Fryslân televyzje. (*) Apart, by de measte ynwenners fan dizze provinsje is it krekt oarsom, dy kinne de taal wol prate, mar net skriuwe.

Frou Schotanus referearret yn dit stik ûnder oare oan de PVV. Se wol mei alle macht Schoorstra en syn meistanners yn de foute, rjochtse hoeke triuwe. It binne bekende trúkjes. Dêr traapje wy net yn!

Mear selsbewustens en selsstannichheid foar de Friezen en Fryslân, dêr binne dizze ferklearringen fan ôfstân in symboalysk begjin fan. Net langer mei de pet yn ‘e hân yn Den Haach by Halbe Zijlstra biddelje om jild foar Fryske stúdzjes. Net langer nederich op de knibbels smeke om subsydzjes.

Fryslân moat ta op ynearsten kulturele en letter ek fiergeande politike autonomy. Dat is de iennichste wize om de Fryske kultuer te behâlden. Mar de striid moat fan ûnderop komme, fan de hjoeddeistige polityk hawwe wy neat te ferwachtsjen, ek net fan de FNP.

Nêstfersmoargers lykas Halbe en Elske sitte wy hjir wier net op wachtsjen.

(*) De útstjoering stiet spitigernôch net mear online.