Nanne Hoekstra

Op in strieminne Pinksterdei

logo.ensafh

De stoarm gisele de snieflokken hast horizontaal troch de strjitte. De ûnferwachte Besiker stampte de snieprakke fan de skuon foar’t er oer de drompel stapte en rydboske foar’t Er my de jas oanjoech. Pas folle letter ha ‘k my ôffrege wêrom’t Er einliks by my oanskille hie. Ik hie ‘M nea earder sjoen, mar dochs fielde it oan as koene we inoar al jierren. “Bakje kofje of thee?”

Hy plofte skjin ynein yn ‘e brieder. “Winliken bin ik wol ta oan wat krêftigers. Hast dochs wol in bearenburchje yn ‘e hûs?”

“Wis wol”. Ik pakte de flesse en de gleskes. “De hiele winter hat it lij wetter reind en dan sok waar op Pinkstermoandei. It is dochs net te léáúwen!”

Hy spytgnyske by dat lêste wurd en suchte. “Ja, jim jeie my hjir de boel finaal yn ‘e bulten.”

“Dus dat nuvere waar fan de lêste tiid is dochs ús eigen skuld, troch de koaldioksyde en sa?”

Ik jitte ús yn en joech my ek del.

“Hoefolle mear bewiis ha jim nedich, foar jim it ris in kear leauwe? Mar dat wie altyd al it probleem, by jim, dat leauwen.”

Ik bestudearre skuldbewust it brune focht yn myn gleske en wist neat te sizzen.

“Der lei al in hoartsje in ûntrêstigjend rapport fan Gabriël, mar ja, allegear oare drokten fansels, dat ik kaam der no pas oan ta. Bin daliks nei Mauritius tein omdat jim jin dêr neffens syn skriuwen oan de dodo’s ferfrieten. Leave santjin!” Hy sloech yn ien kear syn buorreltsje efteroer. “Ha dy alderheislikste frethalzen myn favorite fûgel nei de ferjitnis slynd!”

Ik geat Him gau noch mar ris yn. “Mar sjoch, je kin it ek sa besjen, ús foarfaars setten dêr wol efkes in prestaasje fan formaat del, mei dy ûntdekkingsreizen, dêr’t de natuerlike rykdommen ûnderweis fansels ûnmisber foar wiene. En wy bin de dodo’s nei al dy ieuwen nóch net ferjitten, hear. Mar it wiene dochs wat sleauwige fette einen of sa?”

“No, ik hie oars altyd in protte aardichheid oan die bistkes. Mei unyk DNA, dêr hiene jimme omkoalen noch in protte wille fan ha kind. Fansels, seelucht makket roppich. Mar jim hoegden der fergemy dochs net sa rij mei te wêzen dat de alderlêste ek noch efter de knopen moast? Wa hat jim dat rjocht jûn? Ikke net.”

Ik fielde dat ik in kaam krige en die as wie ik wakker te set mei in plúske yn myn bearenburch. “Ik wol it ek net goed prate, mar der is no neat mear oan te dwaan. En wy binne dochs net ferantwurdlik foar de dieden fan ús foarfaars?”

“Nee, mar it is sa ferrekte spitich dat jim der neat fan leard ha. Krekt oarsom. Ik ha niissajustjes konstatearje moatten dat de planeet alhiel útrûpele is. Wacht ris, ik lit dy in pear foarbylden sjen.”

Op dat stuit ferdwûn, ta myn ferbjustering, de húskeamer om plak te meitsjen foar in paradyslik iepen plak yn ‘e bosk. We stiene foar in boerd fan – ik wreau my de eagen út – it Nijseelânske departemint foar konservaasje, dêr’t wat op stie oer de moa: in metershege rinfûgel dy’t al om 1500 hinne troch tadwaan fan de Maori’s útstoarn wie.

“Fier fuort en lang lyn”, konkludearre ik.

“Ik hie oars tocht datsto dy wol besibbe fielle soest oan de Maori’s, dy wurde krekt as jimme assimilearre troch harren lânsgenoaten. Mar dêr wie it my winliks net om te rêden. Hy knikte nei de râne fan ‘e bluisterige bosk dêr’t krekt in grizige fûgel sûnder wjukken, ûnder mânshege rintfearen troch, it fjildsje op draafde. “De Súdereilânkiwi, dêr’t noch mar 148 fan binne.” No sprong der in hûn foar it ljocht en mei noch in sprong siet er boppen op de kiwi en hapte him de kop der ôf. “Herstel, 147.”

Ik luts oan de skouders. “Noch altyd fier fuort Dat is de ferantwurdlikheid fan de minsken hjirre. Dy Nijseelanners moatte harren der mar mei rêde.”

Doe briek der in man troch it strewiel. “Oh, my gôd. Elisabeth, keep the children away from here! Blikstienders, Bijke, dit soest ommers net mear dwaan! No, fret ‘m no mar gau op, foar’t de bern hjir binne.”

Ik luts wer oan de skouders. “Moat ík my no skuldich fielle troch wat sa’n emigrearre Fries útheeft? It probleem fan dy fûgels op sokke ôfgelegen eilannen is dat se it fleanen ferleard hawwe. Dan rêde je it net mear yn de moderne tiid. Se hawwe it hjir te maklik hân, doe’t oeral oars de evolúsje syn wurk die, eh…, as ik dat wurd brûke mei.

Ynienen stiene we yn in mear fertroud lânskip mei greiden oan de kimen ta en lytse tsjerkedoarpkes op terpkes rûnrom. De sinne skynde. Gjin spoar fan de stoarm. Ik suchte.

“Moai, net?”

“Fynste? It gers is te grien, der stean net genôch krûden tusken, de grûnwetterspegel is te leech en de grûn te droech, mei te min wjirms. Dit is net neffens myn spesifikaasjes. Gjin niget dat no it hiele ekosysteem nei de barebysjes giet.” Hy wiisde. “Dêrefter dy ljippen fleane noch in pear skriezen. Njoggentich persint briedt yn Nederlân. Dus neffens dyn redenaasje fan niiskrekt binne jim dêr ál ferantwurdlik foar, of net?”

“Mar dêr binne dochs noch wol in protte fan?”

“De populaasje wurdt hurd lytser. Noch mar in tredden fan wat der tweintich jier ferlyn wie.”

“Mar wat kin ík dêr oan dwaan?”

Ik wie noch net útpraat of we stiene oan in rivier mei in protte skipfeart. Rûnom wie drokte en leven, ôfkomstich fan minsken mei in aziatysk úterlik. Der dreau in protte deade en healdeade fisk yn it wetter, dat alderheislikst stonk. Ik stoarre yn it skomjende smoarchgiele wetter en seach nearne mear fan op. “Is dit de Giele Rivier of sa?”

“De Blauwe. Dit is it iennichste wenplak fan de Sjineeske flachdolfyn. Wie, moat ik sizze, want sa’n tsien jier lyn koene der noch mar trettjin weromfûn wurde en no binne dy ek poater. Skipfeart, fiskerij, de Trijekleauwendaam, de smoargens; it is hja te folle wurden. Útstoarn. Niiskrekt. Jim stiene derby en seagen dernei.”

“Mar wy kinne dochs net de hiele wrâld op ús nekke nimme? Dat dy Sjinezen der sa’n rotsoai fan meitsje, kinne wy dochs net helpe?”

Breameagere froulju peazgen troch de drek oan de kant fan de rivier en garren in mieltsje fisk by elkoar. Feralterearre seach ik dat guon in ûnbidige swolm oan ‘e hals hingjen hiene.

“Jim profitearje oars wol moai fan it goedkeape guod dat hjirwei komt. En yndied, it is hjir ien grutte dwingel, mar hoe folle better is it winliks by jimsels?”

In kolossaal yndústrykompleks riisde flak foar ús omheech, mei tsientallen pipen dy’t tsjokke grize en swarte reek útkoarren.

“Tsja, de yndústry sil dochs ergens in plak krije moatte.”

We draaiden ús om. We stiene yn de berm fan in autodyk. Wer yn Nederlân, oan de nûmerbuorden te sjen. It ferkear makke sa’n leven dat we suver skreauwe moasten om elkoar te ferstean.

Hy skodholle. “Wêr moat dat allegear hinne?”

“Nei it wurk, tink? Of is it noch Pinkstermoandei? Dan nei famylje. Of se gean in dei op ‘en paad, de natuer yn.”

Hy skodholle nochris en sei neat.

“Ja, ho ris, dat is de foarútgong. Mobiliteit is in rjócht wurden, hear. Wy kinne no gean en stean wêr’t we mar wolle. Ik moat der net oan tinke dat we noch yn ús eigen doarp opsletten sieten, lykas fyftich jier lyn.”

“Hoe dat? Alles siet doe tichteby: wurk, famylje, natoer. Der wie gjin ferlet fan mobiliteit. In rjocht, seiste?” Hy gnyske. “As alles no fan fierren helle wurde moat, is it mear in plicht wurden, neffens my. En ûnderwilens ha jim myn skoandere feangreidelânskip asfaltearre.”

“Mar de diken moatte dochs ergens lizze. En sjoch, sels hjir yn de berm is noch wol natuer. It tilt hjir ommers op fan de madeliefjes en dêr sit sawier in libelle.

“Wat seiste? Oh, do bedoelst dy koweblomkes en dy wartebiter. Do praatster mar nuver yn om. Wêrom liket jim Frysk hieltyd mear op Nederlânsk? En jim Nederlânsk op Ingelsk? Wolle jim werom nei foar-Babyloanyske tiden of sa? It wie oars mar in saaie boel, hear, doe.”

De wartebiter weage de oerstek, mar dat betearde min. It bistke spatte útinoar op in foarrút, lyk foar de eagen fan de bestjoerder, dy’t fan de weromstuit wat gas mindere. De auto dêrefter moast in bytsje byremje, de folgjende remme krekt noch wat mear en binnen in minút stie it hiele spul stil. No’t de herje wat fuort foel, foel de stjonkerij nammerste mear op.

“Mar ik woe de problematyk wat tichter by hûs bringe. Witst wol hoefolle minskelibbens dy mobiliteit fan dy jierliks kostet?”

“Hieltyd minder, ha ’k yn de krante lêzen.”

“Hieltyd mear. Net troch ûngefallen, mar troch de luchtfersmoarging falle allinnich al yn jim lân jierliks tûzenen deaden.”

Ik realisearre my dat ik it bearenburchje noch hieltyd beet hie en begûn it wer te bestudearjen. “Tsja, mar ja, de ekonomy moat draaie dat wy moatte dochs wat riden bliuwe.”

Hy snúfde en knikte nei de file. “De gang is der oars aardich út. Mar hawar, we sykje it noch wat tichter by hûs.”

No like dat der ynearsten net op want we stiene op in grutte wite flakte foar bergen fan iis dy’t kilometers omheech riisden. De kjeld benaam my de siken. “W-wêr binne we no wer bedarre? De S-Súdpoal?”

“Grienlân.” Hy wiisde mei syn Bearenburchje nei de brede brûzjende rivieren, dy’t ûnder it iis út streamden. “Sjoch, dat teit allegear fuort. En dan komt it nei jim ta.”

Ik koe troch de kjeld allinnich noch mar grânzgje. “D-dat duorret noch tûzenen jierren, ha ‘k lêzen.”

“Ja, as it iis him oan jim modellen hâlde soe en milimeterke foar millimeterke belies jout. Mar sa sil it net gean. It wetter slyt kleauwen út en ûndergraaft it iis en dat wurdt wif en begjint te skowen. Mar wannear krekt wit net ien, dat kinne we te uzes net iens modellearje. Mar lang sil it net mear duorje, dat wik ik dy. En dan glierket al dat iis oer dy laach wetter”- hy wiisde nei de brede rivier – “dat út, it maaiem yn. De seespegel sil hookstrooks meters omheech komme.”

“In nije sûndfloed?”

“Tsja, de lêste kear hat dy wol merakels fertuten dien. Mar op it heden bin ik der net mear sa foar. De kustbewenners moat it belije. Dy stumpers yn Bangladesh, wat kinne dy der oan dwaan. En de Friezen, och dat bin ek net iens de minsten.”

“W-wy, yn it rike W-westen, r-rêde ús d-dochs wol?”

“Tinkst dat?”, kâldgniisde Er. Tolve meter wetter. Dêr kin jim technology net tsjin út. En jim jild ek net. No ja, de tûkeren sille wol ûntkomme; dat is de evolúsje, dêr’t ik sa’n wurd om sis, mar mei it Fryske folk is it fansels dien. Mar hawar, it is in hiel wat romroftere ûndergong as it stadich fertjirmjen troch de MacDonaldisearring dêr’t jim jimsels no oan oerjouwe.”

In troch ieren en sinnen geand kreakjen makke fierdere konversaasje ûnmooglik. In grouwélige hoeke iis bruts lyk foar ús ôf en kaam mei in dûzeljende gang op ús ta.

We sieten wer tegearre yn de keamer en stoareagen frijwat ûntheistere yn it glês. Dochs brocht de bearenburch, no mei iisblokjes, my gau-eftich wer by myn sûpe en stút. “Mar eh, Jo jouwe ús oeral mar de skuld fan, mar is dit ferrin fan de skiedins net allegear in gefolch fan Jo ûntwerp? Moatte we net konkludearje dat der fouten sitte yn Jo skepping?”

“Watte? Oh, flaters, bedoelste. No ja, oer it generaal bin ik net ûntefreden, mar ik ha blykber net hielendal op myn iepenst west, doe’t it oan jim ta wie. Fansels binne jim frijwat egoïstysk; dat is neffens de speks, oars hiene jim it nea oprêden. Mar ik hie tocht dat jim ratio der fierders wol mei rêde soe, want it is ommers yn jim eigen belang hoeden mei de planeet om te gean. Mar dy koartsichtigens fan jim hat my ferrifele. Alles wat fier fuort is yn ôfstân of tiid, dêr bekroadzje jim jin net om. En mei jim wûndere logika ha jim my ek te fiter. Jim selektearje de feiten en arguminten dy’t jim it bêste útkomme en redenearje dêrmei alles rjocht dat krom is.” Hy suchte. “No ja, as jim nei de bliksem wolle, moatte jim dat faaks sels ek mar witte, mar it measte is my noch yn de wei dat jim safolle skoanders meinimme yn jim ûndergong.”

Dêr hearde ik ferheard fan op. “Mar wy…wy bin dochs de kroan op ‘e skepping?”

“Jimme? Lit my net laitsje. Wat wer in ôfgryslik egosintrysk idee.”

“Kinne Jo dan net streekrjocht yngripe? En helje fuortendaliks dy programmeursflaterkes der út?

“Nee, dat giet samar net. Alles hâldt mei-inoar ferbân, in lyts dinkje efkes feroarje is der net by. Soks beteart yn in wiidweidige re-kreaasje en dat soe fierstente begrutlik wurde.”

“Begrutlik?”

“Ja, der binne noch folle mear wrâlden hear, dy’t ús omtinken nedich hawwe. Nee, ik sjoch winliken gjin oplossings mear.”

Ik skrok. “Mar Jo wolle dochs net…..”

“Jim de hier opsizze? Sa maklik binne jim net fuort te poetsen, ha ‘k noed. Nee, dan soene we faaks dit hiele universum better fuortendaliks slute kinne. Dat jout foar alle partijen de minste pine. We sette de knop om, litte de brot ymplodearje en klear is‘t. Mar ja, it is wol skande fan al it moais dat dan ek weiwurdt.”

Ik wie der glêd mei oan. “S-sille wy dan dochs mar net s-sels…”

“Woest leaver noch mar efkes trochpiele?”

Ik knikte ferheftich.

“No, ik sil it der ris mei Gabriël oer hawwe. Dat is in snoadenien. Dy skopt it noch fier, dat sis ik dy. Al is er dan wolris wat gnypsk. Mar krekt dêrom. No, ik jou my ôf, ‘k ha hjir al wer te folle tiid fergriemd. Tige tank foar it noflike petearke. Nee, bliuw mar sitten. Ik kom der sels wol út.”

En fuort wied Er. De wyn gûlde om ús hûs en ik die mei.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *