Sigrid Kingma

Dit is it gedicht dat poëzij net maklik makket

logo.ensafh

De namme Elske Kampen kaam ik yn 2006 foar it earst tsjin yn de dichtbondel foar de foardraachkriich FeRstival. Ien dy’t in fers fan Kampen útkeas, waard fuort as grutte konkurrint besjoen. Oan sa’n namme hong in kaartsje, lykas oan Tiny Mulder. De gedichten lizze goed yn it gehoar en slute oan by de libbenswrâld fan jongerein. Oant no ta binne njoggen fan har gedichten foar it FeRstival brûkt en dêrfan steane twa yn de nij ferskynde bondel Dit is it gedicht/Dit is het gedicht. In twatalige bondel, dêr’t ek fiif fan har earder ferskynde Nederlânsktalige gedichten op ’e nij in plakje yn krigen ha. Njonken earder ferskynd wurk, steane der ek in njoggental nije gedichten yn.

In lytse sechstjin gedichten mei yllustraasjes; net in soad. Foar jongerein binne de bondels faker net sa tsjok. Der is foar in breed formaat keazen om de gedichten en de yllustraasjes de romte te jaan. Wat de foarm oangiet, liket de bondel suver in printeboek, s aûnhandich grut is it boekwurk. De styl fan de yllustraasjes is dêrtsjinoer wol goed keazen by de leeftydskategory dêr’t Kampen foar skriuwe wol, nammentlik 11 jier en âlder, sa’t it omkaft ús witte lit. De yllustraasjes binne moderne kollaazjes fan ferve skuord papier. In druktechnysk aardichheidsje is dat de tekstuer fan de yllustraasjes licht fielber is op it papier. Der stiet in yllustraasje fan in beppe foarop dy’t by it gedicht Beppe heart, it langste fan de bondel. It gehiel eaget as in kreas fersoarge bondel mei in opfallende foarmjouwing. Op de begjinside treffe wy in opdracht oan: Foar Aaltje mei derûnder: (poëzie is niet zo moeilijk)Kampen liket it famke fan dat stânpunt oertsjûgje te wollen. De dichter hat in missy en de bondel is it middel.

Wat de tematyk oangiet bliuwt Kampen ticht by de tinzen fan jongerein. De bondel seit se skreaun te hawwen foar it puberfamke dat se sels wie en oer de fragen en tinzen dy’t se doe hie. De wize wêrop’t tema’s ferwurke binne, docht ek autobiografysk oan. Tema’s as ûnwittendheid, freonskip, relaasjes, peste en dea komme oan de oarder; in represintative kar út saken dêr’t jongerein har mei dwaande hâldt. Kampen set yn har gedichten fraachtekens by saken as taal, ynstinkt, gedrachsregels en gewisse. Dêrtroch set se oan ta neitinken oer hoe’t de wrâld yninoar stekt. Yn de gedichten is Kampen net belearend; de tiid fan moralistyske literatuer ha wy hân. De puber is sels oan it wurd en komt sels ta ynsjoch of krekt ta libbensfragen. Kampen stiet dêrby wol oan de goedwollende kant. De puber dy’t se delset is fegetarysk, passifistysk, miljeubewust, soarchsum en skerp. Skerp is ek wat de doelgroep wêze moat om de gedichten ynterpretearje te kinnen. It binne lykwols flot lêsbere stikken, de poëzij freget foar de ynterpretaasje al om in oandachtige lêzing.

Lykas sein, binne de gedichten foar bern fan 11 jier en âlder, mar dat moat rom ynterpretearre wurde. It nivo fan de gedichten rint frijwat útien. Guon gedichten binne goed te folgjen mei maklike, letterlike beskriuwingen fan hannelings en tinzen wêrtroch’t se yndie foar in groep-8’er al kinne. Oaren binne dizenich, lestich te ynterpretearjen en hawwe in suggestive lêzing troch ûngebrûklike metafoaren. Technysk binne der hiele sterke gedichten by dy’t folwoeksen poëzijleafhawwers ek tige wurdearje sille. Dêrtroch binne se foar jongerein ûnder de 14 jier noch te swier op ’e hals. Sa’n lestiger gedicht isFreon.

De metafoaren binne net sa maklik werom te lieden nei wat dermei bedoeld wurdt en dêrtroch wurdt it gedicht dizenich. In wite ûle, geheime fûgels, dreamen yn in beam; it is foar in folwoeksene al lestich om it boadskip derút te heljen, lit stean dat in puber de tiid derfoar nimt om it út te plúzjen. It is in gedicht dat ta de poëzij foar folwoeksenen rekkene wurde kin, mar wol behapber is foar wat âldere jongerein troch de beheinde lingte. Kampen liket har goed bewust fan it ferskil yn nivo en kompensearret dat troch de lestige gedichten koart te hâlden. De maklikste gedichten binne it langst en mei’t de gedichten lestiger wurde, wurde se ek koarter. In útsûndering is wol it titelgedicht Dit is it gedicht dat 27 regels telt. It stiget as meast yngenieuze en op ien nei langste gedicht boppe de oare gedichten út yn de bondel en nei myn betinken is it net geskikt foar jongerein ûnder de sechstjin jier. De essinsje fan poëzij wurdt deryn beskreaun en tagelyk ek dy fan de ik-persoan sels. It is in moai gedicht dat net foar neat in priis wûn hat en dat hat faaks de reden west om de bondel nei it gedicht te neamen. In oare reden kin wêze dat it lestichste gedicht, trochdat it it titelgedicht is, júst mear oandacht krijt fan de jonge lêzer sa’t dy boppe syn as har nivo lêst. As Kampen dat yn de holle hie, hat se dat goed ynskatten, want sa wurket it taalbefoarderjend. De lêzer wurdt útdage, mar wurdt ek wol op de proef steld.

De folchoarder fan de gedichten is inkeld willekeurich. Dan wer in lestigen, dan wer in langenien, dan wer ien dy’t oarspronklik yn de Nederlânske bondel ferskynd is, dan wer in FeRstivalgedicht. As binne it eins net allegear FeRstivalgedichten? It liket as hat Elske Kampen de bondel skreaun foar gebrûk by de foardrachtskriich. Dat is hielendal net sa gek, want dejingen dy’t trochgeane nei de finales, meie in gedicht út in sels keazen bondel foardrage. De gedichten foar it FeRstival binne allegear tige gaadlik om foar te dragen en binne fan útienrinnende nivo’s foar de leeftiden fan 11 oant 19 jier. Krekt lyk as de gedichten yn dizze bondel. Kampen hat de gedichten net foarsjoen fan in leeftydsyndikaasje, mar se hat de gedichten júst trochinoar hutsele. Faaks om jongerein sels neitinke te litten oer it nivo fan de gedichten. Ik ha der ek oer neitocht en bin kommen ta de folgjende minimumleeftiden.

Der sit foar alle leeftiden wat tusken en nei myn betinken is de gemiddelde leeftyd 13 jier. Foar it FeRstival sit der moai wat útdaagjende gedichten by en foar alle leeftiden is der wat by om te kiezen. In moaie brûkbere bondel foar soksoarte festiviteiten dus. Kampen kin der op rekkenje dat de bondel lêzen en brûkt wurdt troch dy doelgroep. Oft se Aaltje ek oertsjûge hat fan har stânpunt ‘Poëzie is niet zo moeilijk’, tink ik net. As Aaltje wat oefene is yn de poëzij, sil se der wol trochkomme, mar maklik is de poëzij fan Kampen bytiden hielendal net. De gedichten binne fan in oar kaliber as bygelyks in gedicht Abe sjipkop fan Diet Huber, wat ek yn de bondels stien hat foar bern fan 11 jier. De stap nei in gedicht fan Kampen is dan in frijwat gruttenien.

Om’t it in twatalige bondel is, moatte de oersettings wol goed wêze. Alle gedichten hat Kampen sa letterlik mooglik oerset. Dat is yn guon gefallen spitich foar it gedicht, mar foar jongerein kin it in funksje ha. Net Fryske bern kinne sa in mûltsje Frysk leare en Fryske lêzers kinne ris in wurd opsykje as se muoite hawwe mei it lêzen. Sa’n twatalige bondel soe sawol de Fryske as Nederlânske taal en wurdskat fan jongerein befoarderje kinne, mar foar in taalbefoarderjende funksje moat de taal wol geef wêze. De titel fan it gedicht Verliefd wurdt oerset mei it gebrûklike, mar net sa geve Ferlyfd. Kampen kiest hjir bewust foar de taal dy’t by jongerein bekend is en net foar de minder gebrûklike geve foarm. Sa faak komt it lykwols net foar dat Kampen kieze moat tusken twa kampen. De measte wurden kinne sûnder muoite oerset wurde. Mei sinnen en rym moat yn guon gefallen wat oars betocht wurde. Yn it gedicht Wat ik letter wurde moat is dat oan de oarder.

It gedicht is oarspronklik yn it Nederlânsk útkommen yn de bondel Wie heeft er hier met verf lopen smijten (2010). De oersetting is letterlik en dêrtroch rimet de Fryske ferzje net sa kreas yn skema as de Nederlânske. Yn de sechsde rigel fan de twadde strofe binne twa wurden omdraaid om de rym der yn te hâlden. De alliteraasje komt by de Fryske oersetting wol better út de farve by wat wurde werkliken wer wat wurde, mei troch de koarte lûden dy’t op mekoar folgje. Net alle ferzen yn de bondel hawwe in fêst rymskema; der binne guon by dy’t hielendal net rymje. Dat makket it oersetten minder problematysk. By de rym komme guon wurden domwei net moai út. Kampen soe har yn alle bochten wringe kinne om in rymwurd te finen dat in Fryske wjergader is, mar dat docht se net en dat is ek net nedich. By de foardracht is klank, yntonaasje en ynterpretaasje fan grutter belang as rym. Dit binne gedichten dy’t, sa’t Kampen dat ferwurdet: Behang fan muorren skuorre en oan it griis beton harren geef en neaken liif werom jouwe, fan bûgde iken planken de swiere steapels smite en yn ’e flier strak yn ’e lak djippe gatten slagge. Tige benijd bin ik nei de ferskillende foardrachten fanDit is it gedicht. Faaks komme de steapels werklik fan de iken planken fleanen.

Dit is it gedicht / Dit is het gedicht

Elske Kampen

Friese Pers Boekerij, Ljouwert 2012

ISBN : 9789033002526

Ferkeappriis: € 15,00