Yva Hokwerda

‘lit my in beam skriuwe’

logo.ensafh

lit my in beam skriuwe
myn hier fêstsette
yn syn woartels fan herthout

skonken teare om syn stam
tosken sette yn read blêd
lippen lizze om syn gnodze

ûnder bastglêdens
noch sapstreamen eanje,
om te priuwen in tûke easkje

en brekke

of

skaaf my de foarholle
ta ronfelhûd tsjin’e stúkwurkmuorren
yn ús keamer fan witten

wat net wêze kin:
ik

streakje myn sêfte hannen
oer de rûchte yn leske kalk
ta wreed fel

lit it hurdzje
yn yl
transplantearje dit

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *