Eric Hoekstra

Midfrysk Goud i | 7. Johan fan Hichtum (1639)

logo.ensafh
Ansk en Houk: eksistentiële eangst en eroatyske langst.

III: Van Hichtum as de Fryske Brederode. Rigel 134 – 171

Ansk
Mar bern, wat seiste dochs! Hoe koeste dat sa sjen,
Wy plichten yn ús jeugd fan sok spul neat te witten.

Houk
Ja mem, dat is de reden, sa bliuw ik mar thús te sitten.
Jo witte fan gjin nocht, ik woe dat jo derby west hien’.

Ansk
Ja bern, hie ik it witten, ik hie ek grif wol gien,
Der wie foar my, earm wiif, grif ek in pretsje by.

Houk
No mem, ik sis jo dit, ha der de gek net mei,
Hiene jo der nammers west, dan hiene je dûnse en sprongen.

Ansk
Dat wol ik wol leauwe, ik hie dan ek wol songen
Fan de spiker yn it gatsje, wat hiene se dan lake.

Houk
Jo hiene dêr wol oanskikt: der wie in feint, hiet Sake,
Dy song de hiele jûn fan Casanova in sang;
Dy frijde sljocht en rjocht syn leaf wol sân jier lang
En ek dat oar moai liet: ‘Haaie sloeg op ’e bonge,
Dûnsje no keallesturt, ús lyts reaholle jonge
Dy blaasde as in murd: en skiet in bêst stik dong.
Doe sprong de kat derhinne en Teun dy rûn sa hurd!
Ik koe him net berinne.’ Sjochris, wat tinkt Memke,
Sil dat gjin boaskjen winne?

Ansk
Ja frou, nim dan ús Hemke,
Dy hat dy langernôch achter de kont oan rûn.

Houk
Ja, as ik Hemke naam, wat hie ik dêrmei wûn?
Hy hat ommers gjin guod en is in lelike jobbe
Syn skonken steane krom, hy rint ek as in krobbe.
Hy hat gjin lust yn it liif: nee, praat my dêr net fan.
It moat in oar wêze.

Ansk
No sis, wa wolste dan?
Us Wibrants âlde feint: ik tink, dat soe wol flije

Houk
Nee mem, dat doch ik net, dy wol mei elk wol frije,
Hy bliuwt de âlde feint, nimmen hat smjucht op him
Hy wurdt no fierste âld, syn eagen wurde slim,
Syn tosken falle him út, hy kin gjin koarst bebite

Ansk
Wat sil ik sizze, bern? Ik soe it oars net wite
Of Wouter mei de foet koest wol dyn slach by slaan.

Houk
Mar mem, binne je net wiis? Wêrom soe ik dat dwaan,
Hy skikt my ommers net, it is in grutte dronkert,
Hy blaast út in grut gat, dêrby in grutte pronkert,
Him naam ik sels net al stoar de wrâld fan âlderdom.

Yn it tredde part fan ‘Ansk en Houk’ wurdt in plat lietsje sitearre, dat op bruolloften wol songen waard.

Haaie sloeg op ’e bonge,
Dûnsje no keallesturt, ús lyts reaholle jonge
Dy blaasde as in murd: en skiet in bêst stik dong.
Doe sprong de kat derhinne en Teun dy rûn sa hurd!
Ik koe him net berinne.

Nei oanlieding dêrfan, en nei oanlieding fan de frijmoedige ferwizingen nei erotyk, is de ‘Ansk en Houk’ troch benypte figueren wol ‘grof’ neamt, lykas dr. Haantjes docht yn syn dissertaasje fan 1920. Yn de sechtiger jierren is der wat mear wurdearring, en wol by de besoargers, Hellinga en Brouwer, fan de edysje fan ‘Ansk en Houk’ útkommen yn de Magnus-rige fan de Fryske Akademy. Se wize op de flotte fersen, de rimen sûnder stoplapen en lûke in ferliking mei Bredero. En ‘boppedien makket de libbene, tige wikseljende dialooch it fers yn wierheid ta toaniel.’ Yndie! It kin sa opfierd wurde. En dat hat neffens my nea it gefal west. Dêrom woe ik op dit plak in oprop dwaan: wa wol in opfiering fan dit stik organisearje? Ik meld my by dizzen oan as akteur, net om ien fan de froulju yn ‘Ansk en Houk’ te spyljen, mar ien fan de manlju yn ‘Wouter en Tsjalle’, fan deselde auteur.

Werom nei de resepsje. Hellinga en Brouwer ha, ymplisyt, skoan each foar it feit dat it negative oardiel fan Haantjes ynjûn is troch de benypte noarmen fan de man sels, en dy syn tiid. Oer it probleem fan it wurdearjen fan ‘Ansk en Houk’ sizze se: ‘Wy witte dat men foar dy tiid oare noarmen as no oanlizze moat, mar it probleem, wat der doe al of net op troch koe, is jitte net ûndersocht.’ Betink dat der oan erotyk, plat of ferheven, yn de midsieuwen in hiel protte koe, mear as yn de njoggentjinde ieu bygelyks. Neffens Klaes Dykstra fan it Lyts hânboek fan de Fryske literatuer dogge de sankjes yn de stikken fan Van Hichtum tinken oan de Vredeman-ferskes. Nei oanlieding dêrfan feroardielt Dykstra dejingen dy’t de Vredeman-ferskes en it wurk fan Van Hichtum posityf wurdearren mei de frase, de ‘wat wifsinnige smaak fan it Ljouwerter kulturele fermidden út dy tiid’.

As fertsjintwurdiger fan de 21ste ieu ha ik allinnich hún en ferachting foar in oardiel dat frijmoedige erotyk by foarrie feroardielt, om mar te swijen fan de dêrmei mank rinnende betizing fan moraliteit, seksualiteit en estetyk. Blykber wurde estetyske oardielen fierhinne beskaat troch moralistyske oardielen. Sadwaande rint feroaring fan moraal út op feroaring fan estetysk oardiel. Dy hurde wierheid is tagelyk in slacht yn it gesicht fan wa’t yn de autonomy fan keunst leaut.

Nijsgjirrige fraach is foar hok houlik as de ‘Ans en Houk’ skreaun is. It is ommers in brulloftsfers, al hat it brulloftfers him dan sa stadichoan ûntwikkele ta selsstannige dialooch. Wolno, yn it fers komt de rigel foar:

Biste bang derfan as ús kat fan ’e muzen
Of fan ’e skieppetsiis, of de Sternsee hûn fan luzen?

Sternsee? Wolno, de Van Sternsee’s wiene in wichtige famylje yn dy snuorje, sjoch hjir mar ris (sykje op Sternsee mei CNTR-F). Carel sil wol ferneamd wêze nei Karel V, want dy joech oan de Sternsee’s, dy’t al fan adelike komôf wiene, ferskate foarrjuchten dy’t by de heechste adel hearden. Carel is op portret kommen yn 1584 doe’t er 33 jier wie. Ik hoopje in foto fan dat portret te krijen yn it ramt fan it LC-skriuwersprojekt. Dat projekt hâldt yn it skriuwen fan koarte ferhalen nei oanlieding fan in keunstobjekt út depot Frysk Museum; konservator Kramer hat de troch de LC útferkarde skriuwers al freonlik rûnlaat yn it depot te Ljouwert. Ik ha it skilderij fan Carel van Sternsee op ’e gok opfrege. In pear dagen letter krige ik email fan konservator Elzinga fan it Fries Museum. It skilderij blykte yndie te bestean en oanwêzich te wêzen yn in depot fan it Frysk Museum earne yn Oerisel. Sjedêr, sa komme heden en ferline, krante en wittenskip, skiednis en literatuer wer byinoar. No mar hoopje dat de LC der in fotograaf hinne stjoere kin.

Carel is troud mei Luts fen Cammingha, dochter fan ien fan Fryslâns machtichste famyljes. De troudatum soe tusken 1580 en 1590 weze kinnen ha (hypoteze). As de ‘Ansk en Houk’ foar dy brulloft orneare wie (hypoteze), dan is it stik âlder as dat tocht wurdt. Der is yndirekt bewiis foar dizze hypoteze. Yn it ‘album amicorum’ (freoneboek) foar de Frjentsjerter studint Suffridus Saarda wurde neamd Carel van Sternsee, Johan fan Hichtum en Marcus Lycklema à Nijeholt, mei tweintich oaren (neffens in artikel yn De Vrije Fries 8, 209-240 troch H. Baerdt van Sminia, 1859). Foar it houlik fan Lycklema à Nijeholt mei Perck van Goslinga yn 1609 hat Van Hichtum ‘Wouter en Tsjalle’ (Midfrysk: Woutir in Tialle) skreaun. Opmerklik is dat Van Hichtum yn it freoneboek fermeld stiet as HICHTUMANNUS, wat krekt it ferburgen pseudonym is dat er ferskûle hat yn de lêste rigels fan ‘Wouter en Tsjalle’. Fansels is dit net genôch bewiis, mar wat stipe fan in histoarikus by it ferkennen fan dizze hypoteze soe my wol wolkom wêze.

En wa wie Van Hichtum? Wat witte wy fierders fan dizze geniale skriuwer, de Fryske Brederode, dêr’t de ‘dialogen’ fan Gysbert J. mar bleek en nuet by ôfstekke, sa’t wy yn lettere ôfleveringen sjen sille. Wêrom hold Van Hichtum syn auteurskip geheim? Oer twa wike mear.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *