Marga Claus

Sy pysten un plas…

logo.ensafh

Mei tastimming fan it Fonds voor de Letteren skuor ik my noch ien momint los fan myn wichtige opdracht, yn it kommende jier te folbringen: it skriuwen fan in roman mei in aktueel of boeiend tema, moai fan taal, aanst oanskaft troch alle Frysklêzende Friezen, en leafst ek noch lêzen, want dêr giet it om. Justerjûn [woansdei 10 oktober, red] mocht ik oansitte achter de tafel op in debatjûn yn De Bres yn Ljouwert oer de fraach ‘Wêr binne de Fryske lêzers?’. Der moatte my no, in dei letter, noch in pear dingen fan it hert. En om’t ik skriuwer bin, en gjin sprekker (wat soms even oars oerkomt) doch ik dat leaver op papier.

Ien fan Trinus Riemersma syn slotkonklúzjes wie dat ‘goede’ boeken op de planke fan de útjouwers lizzen bliuwe, en de ‘minne’ ferkocht wurde. Om’t it juster al let wie, en ik sa’n bytsje yn ’e sliep foel ûnder de daverjende nije ynsichten en útstellen fan wichtige minsken, ha ik der doe net op reagearre, mar ik kin my dat fansels net sizze litte as skriuwer fan yn alle gefallen twa goede boeken dy’t ek noch goed ferkocht wurde: twa printingen útferkocht (en noch in soad fraach, mar in tredde printinge skynt te djoer te wezen!), twa Nederlânsktalige oersettingen, en derby fan ien dêrfan in Zilverpocket-edysje yn in oplage fan 3000 bij Utjouwerij Muntinga yn Amsterdam.

Trinus fertsjintwurdiget it stânpunt dat in brede rivier noait djip wêze kin, oftewol: wat elkenien keapet kin noait goed wêze. Wat ‘goed’ is en wat ‘min’ lit er dêrby yn ‘e midden, en hy liket sels net fan doel te wêzen him te ferdjipjen yn de eventuele útsûnderingen op syn stelling. Jo kinne net ‘alles’ lêze. Spitich, want salang’t Fryske skriuwers elkoar net iens lêze, sil der gjinien wêze dy’t in kompleet byld hat fan wat de Fryske literatuer werklik foarstelt.

It giet te fier om hjir alles wat der sein is oer te eidzjen, mar miskien moatte we yn ús lyts taalgebiet sljochtwei erkenne dat we gewoan gjin grutte talinten ha (op Trinus nei fansels), lykas in Kader Abdolah of Khaled Hosseini, om twa rasfertellers mei ynhâld te neamen. En as Goffe Jensma pleitet foar in folweardich, heech literêr resinsjenivo, miskien moatte we dan mar erkenne dat de Fryske lêzer gjin hegere ambysjes hat as it fûgelboekje fan Steven Sterk en De oerpolder fan Hylke Speerstra. En as Ernst Bruinsma as redakteur fan de Moanne klaget dat nimmen in besprek fan Josse syn oeuvre skriuwe wol, dan ha wy miskien by de winner fan de Gysbert Japikspriis 2007 wol te krijen mei it ‘kleren-van-de-keizer effekt’. Earlikheid is altyd pynlik. Wat myn eigen slotkonklúzje oanbelanget: ik hoopje fan herten dat myn âlde beppe silger har synyske sechje “su pysten un plas, en ut bleef su’t ut was”
net fan tapassing wêze sil op de útkomsten fan dizze fierder sa libbene jûn..

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *