A.IJ. van den Berg

Is anargy fan in ôfstantsje mooglik?

logo.ensafh

Oertinkingen by de Gysbert foar Josse de Haan

Doe’t Farsk okkerdeis de mieningen peilde oer it wurk fan Josse de Haan, bleau it aardich stil. Net ien fan de reagearjende skriuwers en literatuerleafhawwers dy’t him de Gysbert Japicxpriis 2007 net gunde, mar dat syn boeken lêzen wurde, no nee.

In mei De Haan befreone skriuwer fûn dêrom sels dat Farsk net nei dy opinys freegje moatten hie.

Fierders is Farsk ek al ferwiten dat de redaksje net fuortendaliks in grutte analyze ree hie oer De Haan syn libjen en stribjen, doe’t syn bekroaning bekend waard

Ek dit wurdt net dy grutte analyze fan Josse de Haan syn wurk dêr’t blykber sa’n ferlet fan is. Ik kin syn romans mar min lêze en sil hjir ek útlizze wêrom. Dat útgongspunt klinkt miskien as in feroardieling, mar is net sa bedoeld. De Haan syn opfettings oer literatuer en keunst binne mines net. Dochs is de iene opfetting net superieur oan de oare.

En dat makket it miskien wol ynteressant it dêr dochs ris oer te hawwen. Al is it foar my fansels makliker om de ynkonsekwinsjes oan te wizen by De Haan, as yn myn eigen ideeën.

Ik hâld my foar no mar fêst oan ’e wurden fan de skriuwer Kurt Vonnegut. Dy frege ris oan Saul Steinberg hoe’t it dochs kaam dat der sa folle auteurs wiene dy’t er sa min lêze koe. En de wize Steinberg antwurde fuortendaliks dat der twa soarten fan keunstners binne. Gjin fan beide is better as de oare, mar sy wurkje wol fanút in hiel ferskillend perspektyf. Soks liedt gau ta ûnbegryp. De ien, sei Steinberg, reagearet nammentlik yn haadsaak direkt op it libben, de oar reagearet earder op ’e skiednis fan syn keunst oant dan ta.

Sa’n ferskil yn kultueropfettings liket der ek te bestean tusken my en Josse de Haan. Al betsjut dit net dat wy it net mei inoar iens wêze kinne. Mar sa’n twadieling as dy fan hjirboppe kin helpe om de blik ris te skerpjen.

Yn ’e frij resinte bondel Kastanjes poffe [2005] leit De Haan ferskate kearen út wêr’t hy as skriuwer stiet. Hy hat syn opfettings oer de roman sels yn in programke fêstlein, dat ûnder oaren ôfprinte is yn it opstel ‘Moaie literatuer bestiet net’.

  • literatuer is taal yn har wêzenlike mearsinnige foarm;
  • literatuer is noait papegaaietaal, sjabloon of klisjee, en stelt it persoanlike en unike elemint op it foarste plak;
  • literatuer is it sykjen nei in adekwate foarm foar dy taal;
  • literatuer is ymplisyt altiten engaazjemint mei mins, wrâld en de taal sels, en fynt yn dy polarisearring (yn de dialektyk), yn dy opposysje har ymmanint krityske funksje. [24]

No bin ik troch stúdzje en wurk programmeare om skema’s, teoryen, en kennisstelsels te hifkjen op harren sterke en swakke punten. En swakke punten binne der altiten. Al wie it mar om’t minsken harren dieden of karren sa faak achterôf pas nochris motivearje. Fierder soe ik noait opskriuwe wat literatuer foar my perfoarst wêze moat. Mar om’t ik foar Farsk noch wolris in boek besprek, is it miskien dochs nuttich en hâld my hjir net folslein op in ôfstân.

As ik dan sa nei De Haan syn ideeën sjoch, fyn ik de meast opfallende omisje dat er folslein gjin opfettings útsprekt oer literatuer en kommunikaasje. Sa skriuwt hy my yn Kastanjes poffe bygelyks fiersten te lytsachtsjend oer de betsjutting dy’t ‘ferhaaltjes’ hawwe.

Foar my hawwe ferhaaltsjes noait ynteressant west — rychjes fan werheljende huzen binne arsjitektoanysk ek net botte opwinend. [7]

Earne oars op Farsk ha ik alris útlein hoe’t wy as minsken automatyks in ferhaalfoarm kieze om mei elkoar te kommunisearjen. Sa’n foarmtwang is der altiten. Myn opstel gong doe oer de gefaren fan it tinken yn klisjees; dus is it net dreech om it mei De Haan iens te wêzen dat ferhalen grutte beheinings hawwe kinne. Boppedat, elke wittenskipper, mar ek elke rjochter en elke dokter, moat altiten útsjen foar wat wolris de ‘narrative fallacy’ hiet — troch saken yn in ferhaal te jitten wurde al gau ûnkrektheden ynbrocht. Der wurdt keunstmjittich in begjin oanbrocht, of der wurdt ien oarsaak keazen út miskien wol tsientallen mear.

Hielendal ôfstân nimme fan ferhaaltsjes giet my allinne fiersten te fier. Dat is soksawat as ôfstân nimme fan ’e minsklike natuer. Dat is ûntkenne wêr’t literatuer weikomt.

Mar de Haan docht dit bewust:

De makker allinne is ferantwurdlik foar wat er docht, foar dat wat makke wurdt dat allinne hy of sij op dat momint ta útdrukking bringe wol: allinne op dit eagenblik kin dit middels him of har stal krije. Dat kin betsjutte dat in skriuwer, in skilder, in byldhouwer, in komponist, in filmer of in fotograaf yn in duorjende steat fan permaninte revolúsje ferkeart, en dat sokke lju — lit ús sizze keunstners — as keunstner yn wêzen anargist wêze moatte, en oars gjin keunster binne. [31]

En wer is it by in sitaat as dit net sa dreech om it in hiel ein mei De Haan iens te wêzen, mar op ’e nij sjit hy my fiersten te fier troch. Al wie it mar om ien hiel simpele reden — om de fraach: wat is in roman eins? Dat je wat te sizzen hawwe, is ien ding. Mar wêrom soenen je dêr dan dit spesifike massamedium foar brûke?

By elk boek dêr’t ik oan begjin, is der in stilswijend pakt tusken my en de auteur. Ik skink him of har in pear oeren fan myn krappe tiid, en dêrmei al myn oandacht. Dêr moat al wat foaroer stean. Alike folle as dit no op yntellektueel nivo is of emosjoneel, der sil wat mei my gebeure moatte. As ik yn it spier moat, is my dat bêst, as dêr mar redenen foar binne.

Ik jou ta, ik hâld it meast fan auteurs dy’t my der freonlik yn noegje, my in komfortabele fauteuil oanbiede, wat te drinken ynskinke, en my earst op myn gemak stelle. Dan komt it nammerste hurder oan as myn stoel ynienen omskopt wurdt, of myn drankje in traach wurkjend senuwgif blykt te wêzen.

Mar as ik dy metafoar oanhâld dat elke roman in besite is, dan moat ik my by De Haan troch it kokensrútsje nei binnen wrotte, om dan sels yn in healtsjuster op syk te gean nei eat wêrfan’t ik net wit of it der wol is. It is goed te sjen dat der fan alles op de pagina’s fan syn boeken plakfynt, mar yn myn holle hat dat fierders nea wat oproppen. Ik waard net rekke, ik waard net útdage no sels ris nei te tinken, en fral waard ik net nijsgjirrich makke nei mear. Hat De Haan my eins wol wat te sizzen?

Yn de bondel Kastanjes poffe steane bygelyks in tal goed lêsbêre opstellen. Deechlik fakwurk. Al hawwe de opstellen oer Baukje Wytsma of Henk van der Veer net in soad mei ‘oare’ literatuer te krijen, neffens my. Mar hoewol’t ik De Haan dan wurdearje om wat er my útleit oer de Fryske literater, is it net sa dat syn stim sa’n unyk lûd hat dat ik dêr alles fan heare wol. En dan binne dy teksten noch tagonklik.

Der binne miljoenen boeken yn ’e wrâld, en tsientûzenen auteurs dy’t wol sa beleefd binne mei my kommunisearje te wollen. In soad geduld foar proaza-eksperiminten ha ik ek net mear. Sa gau as taal hilliger wurdt as ynhâld, heakje ik ôf; alteast by romans. De opbringst is my dan te lyts. Ik ha genôch fan ’e kanon lêzen om sels beslisse te doaren hokker boeken myn tiid fergrime, en hokker net.

Goed, De Haan kin mei rjocht stelle dat te folle romans foarsisber en befêstigjend binne. Mar it is hiel wat oars om dêrmei ek de yn sokke boeken, of yn ’e populêre kultuer, brûkte fertelfoarmen folslein ôf te wizen — al wie it mar om’t it hast ûnmooglik is om foarmen te finen dy’t én oars binne én ek nochris better.

Wylst der ek op dit mêd safolle bart. Krekt de meast fersliten fertelfoarm dy’t de populêre kultuer ken, de televyzjesoap, hat de lêste tritich jier in grutte feroaring trochmakke. Dêrtroch wurdt in enoarm publyk elke jûn opbrocht om meardere, faaks aardich yngewikkelde ferhaallinen tagelyk folgje te kinnen. Dy ûntjouwing yn it TV-drama is op alle nivo’s werom te sjen; lang net allinne yn it platste fermaak. Mar wêrom negearje safolle skriuwers dit soarte fan fanselssprekkendheden dochs sa maklik? Foarm is foar harren dochs ek gewoan ark?

En sels fan ’e anargy dy’t De Haan sa wurdearet, is te sizzen dat sines sa net wurket foar my. Om’t dy ûnskeadlik bliuwt — op syn bêst in stil fjoerwurk yn ’e fierte is, noait in skerpe granaat my ynienen yn hannen jûn.

Oer it generaal is te sizzen dat feroarings fan binnenút altiten effektiver binne as it besykjen om earne fan bûten tsjin te agearjen. Dêr binne sa hûnderten foarbylden fan te finen. Maarten ’t Hart hold om dizze reden bygelyks op mei it publisearjen fan stikken tsjin de healwizens yn it geloof. Hy murk dat al syn anargy gjin inkel effekt hie. Dêrfoar wie er al tefolle in bûtensteander wurden en sa dus hiel maklik te negearjen. Mar alles wat in teolooch as Kuitert skriuwt, komt by guon gelovigen wol hurd oan.

Dêrom fyn ik it in wat feilige kar om mei sin ôfstân ta je publyk te kreëarjen troch foarmeksperiminten. Nuveraardich feilich sels foar in selsbeneamd anargist. Dat is wêr it by eintsjebeslút foar my miskien noch wol it meast stiket tusken wat De Haan seit te dwaan, en wat ik fan him sjoch.

En der is noch wol wat djipper yn te gean ek op dat selskeazen isolemint fan Josse de Haan, op syn iensume gong yn it eksperimint mei de taal.

De Haan set him aardich yn postuer mei syn útspraken oer wat literatuer wêze moat. Hy stelt dêrmei boppe alles keunstner te wêzen, en makket him sa hast ymmún foar ynhâldlike krityk op syn wurk. Dochs is it my wat te maklik om te sizzen dat ik mar hurder wurkje moat om in yngang ta syn romans te finen, as hy my net oerbringe kin wêrom’t ik dy muoite dwaan soe.

Feroardielje ik no mei dy lêste wurden de Gysbert-sjuery dy’t Josse de Haan dit jier bekroande? Nee, ik wiis der allinne op wat ûnbewust meispile hawwe kin by harren oardiel. Boeken dy’t in dúdlike lêsynspanning freegje, hawwe in hegere status as skynber tagonkliker wurk. Sels al smyt dy ekstra lêsynspanning net sa folle op. Lêzers en boekekeapers hawwe frij massaal in oare miening, dat is ek elkenien helder.

Gun ik De Haan dy priis dan soms net? Jawol. Ien dy’t al safolle jierren yn it Frysk publisearret, en dêr ek oaren by helpt, fertsjinnet allinne om dy stânfestichheid in kroan.

Alinne, ik sil syn romans net gau mear lêze.

Josse de Haan, Kastanjes poffe
Opstellen/essays oer (‘oare’) literatuer
analyses fan proazawurken en poëzij

237 pagina’s
Utjouwerij Venus, 2005
isbn 90-5998-022-0

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *