A.IJ. van den Berg

Hoe’t faktoaren fan bûten it boek de tekst bedjerre kinne

logo.ensafh

foarside fan de fryske útjefte

Koartlyn hat de Friese Pers Boekerij trije súksesrike Fryske romans yn it Nederlânsk útbrocht. En normaal soe Farsk hjir net safolle mei dwaan. Goed, it is grappich dat Nyk de Vries mei de oersetting fan Prospero wer in boek útbringt dat yn hast alle talen deselde titel hat. Mar Zwarte engelen fan Willem Schoorstra is hjir alris besprutsen, doe’t it boek noch Swarte ingels hjitte. Wat nijs is foar de rêst fan it lân, is dat hjir tafallich no ris in kear net.

Mar ik hie al in persoanlike reden om dochs De ladder | De Ljedder fan Koos Tiemersma besprekke te wollen. Dat wie nammentlik om te sjen mei hokker snelheid en yntinsiteit ik it Frysk lês, ôfsetten tsjin it Nederlânsk. Gelegenheden om ris te testen of dêr ferskil tusken is, binne der hast net. Wylst ik troch it skriuwen fan stikken as dizze wit dat er al in ûnderskied wêze kin. Frysk skriuwen, kostet my mear tiid.

Dit ferskil sil te krijen ha mei oefening, en oanwenning. Allinne op myn weblogs al skriuw ik elts jier hûnderttûzen wurden yn it Nederlânsk, en dy produksje falt hast wei tsjin wat ik der profesjoneel neist doch. Lit stean as ik ek myn e-mailtsjes nochris meitel.

Foar lêzen jildt itselde. It deistich oanbod fan alles wat ik yn it Nederlânsk ûnder eagen krij, is hiel wat grutter; sels al soe ik alles lêze wat der yn it Frysk ferskynt.

En ik kin, noch wol, my ta it brûken fan ien taal beheine.

Koos Tiemersma hat sels syn roman De ljedder út 2002 nei it Nederlânsk oerset. Yn ’e boeken fan De Vries en Schoorstra stiet net wa’t de oersetting dien hat. Dit spile ek mei doe’t ik foar Tiemersma keas. Boppedat ha ik hjir op Farsk al earder boeken fan De Vries en Schoorstra besprutsen.

Goed, op myn boeklog ha ik earder yn 2007 ek Tiemersma syn boekewikegeskink fan dit jier beprottele. Folslein neutraal stie ik net mear foar dizze skriuwer oer. Myn ferwachtings oer syn debútroman wiene boppedat net hiel heech, troch de op it each wat klisjeemjittige ûnderwerpskar fan De ljedder | De ladder.

It is my bygelyks in riedsel wêrom’t in skriuwer dy’t berne is yn 1952 in boek sa nedich yn ’e Twadde Wrâldoarloch pleatse moat. Omdat de “Gnade der späten Geburt” no krekt tsjin him wurket. Wat kin sa’n jonge noch oan unyks tafoege oan ’e bibleteken dy’t al oer dizze perioade folskreaun binne troch minsken dy’t alles wol meimakke hawwe? Ik fyn dat sa’n kar nei ûnmacht oerhinget, of yn elts gefal net in soad selsbetrouwen toant. Yn ús kultuer hat dy Twadde Wrâldoarloch no ienkear in ûnoantaastber hege status. Eltsenien wit wat der doe bard is. Eltse skriuwer dy’t syn of har boek no nochris yn dy perioade spylje lit, makket dêrmei gebrûk fan breed droegen foaroardielen. Sa’n boek is al spannend, sûnder dat de skriuwer der ek mar in wurd fan skreaun hoecht te hawwen.

Soks jildt ek foar de kar om oer in jonkje te skriuwen, en syn jongesjierren op in pleats. Ik ha my hjir der al faker oer fernuvere dat it yn Nederlânske boeken altiten mar wer oer de jeugd fan ien gean moatte. Wêr’t ik my prinsipieel oan ergerje, is dat skriuwers dêrmei oer de holle fan harren personaazjes eins hiel lef in ferbûn mei de lêzers sykje. Want wy folwoeksenen witte ommers wol better as sa’n bern, net? Mar is it net skattich wat sa’n jonkje tinkt? Hawwe wy net allegearre dy berne-angsten hân? Ach, gossy.

Ynspylje op wat lêzers al witte en werkenne, dat moatte skriuwers grif al; oars sille se gjin boek ferkeapje. Mar dêrby moatte sy wol oppasse. Der is in grins. Skriuwers ‘moatte wat ekstras bringe. De bêste literatuer befêsti’get nammentlik net, mar dy boartet mei foaroardielen, of brekt dizze ôf.

Mei dit idee begûn ik mei it lêzen fan De ljedder en De ladder. Myn útgongspunt wie it om de ûneven haadstikken yn it Frysk te lêzen, en de even yn it Nederlânsk.

Fuortendaliks foel my op dat Tiemersma syn oersetting fral deeglik is. It ritme fan de sinnen bleau aardich bewarre. Dochs koe ik neitiid hiel krekt sizze wat ik yn hokker taal lêzen hie. Ik bliek nochal wat stadiger te lêzen yn it Frysk; it snelheidsferskil tusken beide talen wie wol in faktor twa. En dit wie net altiten in foardiel. Dêrtroch foel my noch wat op.

Koos Tiemersma moat it yn dit boek fan syn taalgebrûk ha en ek fan de sfear, dy’t er dêrmei oproppe kin. It ferhaal oer de jonge Jacob Nauta, en de geheimsinnige Dútsk-Joadske ûnderdûker, stelt nammentlik net in soad foar. De fragen dy’t oproppen wurde, binne net nij. De ferhaallinen dy’t Tiemersma útset, binne foarsisber. Spanning komt der dêrom noait. Dit boek brocht my neat dat dy dochs grutte lingte fan rom trijehûndert pagina’s rjochtfeardige koe, nettsjinsteande alle fjoerwurk oan lyryske taal by tiden.

Op sa’n pleats bûtenút is ek net in soad te merkbiten fan in oarloch of in besetting. Dat docht ek bliken yn dit boek, dêr’t de kriichseleminten my krekt mei wat tefolle klam yn oanbrocht binne; yn elts gefal net in organysk part fan de tekst útmakken. Ek Jacob syn berne-eangsten en ûnbegryp binne hast tiidleas, syn jeugd hie him op elts momint yn ’e earste helte fan ’e tweintichste ieu ôfspylje kind.

Ik jou ta de lêste trije parten fan dit boek yn it Nederlânsk lêzen te hawwen. It wie my doe wol dúdlik dat de skriuwer my neat yn it bysûnder te sizzen hie, al wiene syn sechjes dan noch sa moai. Om’t foarsisber wie hoe it ferhaal ôfrinne soe. En om’t Tiemersma neat docht mei syn kar fan tiid en haadpersoan dat ik net gemaksuchtich fyn. Dit boek hie sûnder dy oarloch deryn in better boek west. Dat ik De ljedder | De ladder útlêzen ha, wie inkeld om te kontrolearjen of myn foaroardielen kloppen, en yn it Nederlânsk gong soks no ienkear aardich sneller.

Dat, foar my persoanlik hie it nut om De ljedder yn dy nije oersetting te lêzen. Dêrtroch is my mear dúdlik wurden oer hoe’t ik it Frysk yntern ferwurkje.

Foar de skriuwer liket it my dat hy de belangrykste kwaliteit fan syn boek ferlern hat, troch it nei it Nederlânsk oer te setten. Syn Frysk is ryk en prachtich fan toan en ritme, en dy krektens fan taal hellet er yn syn oersetting net. En dizze roman is allinne yn taal in aventoer.

Koos Tiemersma, De ladder
roman
320 pagina’s
Friese Pers Boekerij, 2007
Oersetting troch de auteur fan: De ljedder
isbn 978 90 330 0638 8
priis: € 18,50
Koos Tiemersma, De ljedder
roman
360 pagina’s
Friese Pers Boekerij 2005, earste printinge 2002
isbn 90 330 0546 8
priis: € 12,50

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *