Geart Tigchelaar

De neitins fan in ‘Fries dichter’

logo.ensafh

Earje wy histoaryske figueren út in soarte fan plichtsbesef wei of om’t wy wier trochkrongen binne fan harren fertsjinste dat no noch trochwurket? Is it nedich lju te betinken dy’t it ien en oar dien hawwe foar in beskate saak? Is sa’n monumint yn ’e skiednis allinnich mar bekend by minsken dy’t harren dêr mei dwaande hâlde of wurdt it breed droegen? Op dy fragen sil yngien wurde yn ûndersteand stikje.
Ik wol it nammentlik wolris hawwe oer de bekendheid fan ’e nommele hear Sytstra yn it algemien, dus by de minsken fan hjoed-de-dei. Dêrfoar bin ik ris neigien hoefolle strjitten eins syn namme drage. Is dat net dé wize om romrofte figueren út eardere tiden te earjen, troch in strjitte nei harren te ferneamen (buordsje stiet, plicht dien). By it ferneamen sels, wannear’t de strjitte dus nij oanlein is, wol dat noch wolris foar opskuor soargje, sa as yn Tuk. Mar wannear’t de strjitte der al desennia lang leit, bin ik bang dat it net mear as in oantsjutting is. Guon doarpen sette der dan ek noch bygelyks by ‘Boargemaster (1923-1930)’. De strjitten dy’t ferneamd binne nei Harmen Sytstra dy’t yndied net mear as in oantsjutting binne, kom ik aanst ek op.
Earst de strjitnammen sels. Yn Baard en Ljouwert is der in Harmen Sytstrawei. Yn Kollum, Snits, De Jouwer en Bûtenpost in Harmen Sytstrastrjitte. In leane of loane is der net. Ek gjin plein of oars wat. In Harmen Sytstrasingel is der mar ien fan en dy leit yn Burgum. Tafal is dat ûndertekene dêr wennet, en dêrom dat as útgongspunt foar syn bydrage nommen hat. Mar alles troch de bank nommen, binne der net in soad strjitten nei de man ferneamd. Wjerspegelet dy konstatearring ek de algemiene bekendheid ûnder it gewoane folk?

Ik kin der koart oer krieme, de namme Harmen Sytstra seit de normale Fries neat. Wannear’t ik foar de iene of oare ynstânsje myn adres opjaan moat, dan freegje se altyd oft it ‘Sytstra’ of ‘Sijtstra’ is, wylst ik dúdlik [i] – as Wâldsjer hat dy klank boppedat myn foarkar – sis. En dat it in singel is wurdt gauris net honorearre, wylst ik krekt dêr sa wiis mei bin, om’t it wat oars as oars is. Boppedat is der mar ien Harmen Sytstrasingel op ’e wrald. Like unyk as de man sels. Goed, dat binne ynstânsjes, dy’t ik net botte heech haw wat kultureel bewustwêzen oangiet, hoe sit dat mei yndividuen?
Doe’t wy yn Burgum oan de Harmen – sa’t wy ús singel leafdefol neame – kamen te wenjen seinen freonen en bekenden de namme neat. As ik dan sei dat ik it as Frisist in hiele aardichheid fûn, seagen se my nuver oan. Op dy fernuvering boude ik dan fierder mei te sizzen dat it de man fan de Iduna-stavering wie, in grut Frysk dichter yn ’e 19e ieu en in Frysk Beweger. De fernuvering makke dan plak foar folsleine glêzichheid. Dan knikten se en seinen fan ‘o, leuk’, om’t it wol sa fatsoenlik is überhaupt te reagearjen. By in inkeling gie der dan in ljochtsje op wannear’t ik sei dat it de man fan de Wâldsang wie. By de measten moast ik dan op myn eigen unike monotoane wize de earste rigels ‘Moai sûnder wjergea binne de Wâlden / Smûkskaadzjend beamtegrien oeral yn ’t rûn.’ sjonge. Dan wie it fan ‘O, is dat fan him, noh leuk, jong,’ en wie it praat oer dat ûnderwerp dien.

Mei oare wurden, wannear’t ik sein hie dat ik oan ’e Johannes Rypmasingel wenje, soe elk dat wakker aardich fine. Elk soe dus witte oer wa’t ik it haw. It seit in soad oer hoe’t wy omgeane mei ús kultureel erfgoed. Lykwols bin ik der fan oertsjûge dat nei 150 jier der gjin blêd omtinken jaan sil oan sa’n produkt fan Hollânske leechhollerij. Dat jout dan dochs wol in bytsje treast.