In aksje fan it Literêr Sirkwy mei as tema: sport en iten

logo.ensafh

It Literêr Sirkwy (ûnderdiel fan It Skriuwersboun) heakket tsjinwurdich ek oan by gruttere eveneminten. Fansels is dan de âlvestêderintocht fan 2013 dêr in prachtige gelegenheid foar. Yn de wike fan de âlvestêderintocht  (7 o/m 11 maaie) sil Tryntsje van der Veer besykje alle fiif ôfstannen te rinnen, mei-inoar hast 210 km. Alle leden fan It Boun kinne harren oanslute by dizze tocht. Wurdt jo dat wat tefolle, dan kinne jo ek ien dei mei Tryntsje meirinne; wat mear sielen, wat mear freugde! En oars is stipe ûnderweis yn foarm fan in tasprutsen gedicht of ferhaal tige wolkom.

De kuiertocht begjint tiisdei 7 maaie mei it trajekt Ljouwert-Sleat (49,84 km.). Woansdei 8 maaie wurdt der rûn fan Sleat nei Warkum (44,91 ), Himelfeartsdei fan Warkum nei Frentsjer (42,37 km.), freed 10 maaie fan Frentsjer nei Dokkum (43,33 km.), en de tocht einicht op sneon 11 maaie mei it lêste stikje fan Dokkum nei Ljouwert (28,57 km.)

Fan de kuiertocht mei it biedwurd ‘Pot-ite by poëten’ sil alle dagen ferslach dien wurde, dat te folgjen is op it weblog fan Ruurdtsje de Haan  http://kidelkollum.blogspot.nl/ en op de site fan It Skriuwersboun.

Sjoch om sels (in dei) mei te dwaan op: http://elfstedenwandeltocht.nl/

Boarne: It Skriuwersboun

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *