10 Fryske titels foar Frankfurt

logo.ensafh

 

As yntindant Fryske literatuer foar de Frankfurter Buchmesse hat Alpita de Jong tsien titels selektearre dy’t yn de brosjuere 10 Books from Friesland omtinken krije.

De seleksje bestiet út sân proazatitels – fjouwer moderne klassikers en trije hjoeddeiske romans – en trije poëzijbondels, mei dêrby wurk fan de okkerdeis ferstoarne dichter Tsjêbbe Hettinga en it bekroande debút fan Elske Kampen. De neifolgjende titels wurde opnommen:

Hidde Boersma De gewoanste man, Friese Pers Boekerij 2011

Reinder Brolsma Grûn en minsken, Brandenburgh 1940

Homme Eernstma Leafdedea (Quatrebras 1963)

Tsjêbbe Hettinga Equinox (poëzij), Friese Pers Boekerij 2009

Ulbe van Houten De sûnde fan Haitze Holwerda, Utjowerij Laverman N.V. 1938

Elske Kampen Fan glês it brekken (poëzij), Friese Pers Boekerij 2010

Jaap Krol Nûmers, Bornmeer 2004

Elmar Kuiper Ut namme fan mysels (poëzij), Bornmeer 2006

Janneke Spoelstra In Jikse-libben, Utjouwerij Fryslân 2008

Rink van der Velde De fûke, Utjowerij Laverman N.V. 1966

>> Sjoch Alpita de Jong: Sutelje om utens – Mear oer de kar fan de 10 titels >>>

Fan dizze titels binne earder oerset bûten Nederlân: Leafdedea yn it Frânsk en De fûke yn it Ingelsk. Publisher’s Weekly neamdede lêste yn 1997 ‘a gem of a novel with universal appeal’. Kuiper wie yn 2006 gast op Poetry International en earder wurk fan Hettinga waard oerset yn it Dútsk, Ingelsk, Frânsk en Spaansk. 

De brosjuere 10 Books from Friesland sil net allinne by bûtelânske útjouwers yn it omtinken brocht wurde, mar wurdt ek yn Fryslân sels ferspraat. It startskot is op freed 27 septimber om 16:00 oere yn Tresoar mei in publykspresintaasje fan de seleksje. Deputearre Jannewietske de Vries nimt by dy gelegenheid de brosjuere feestlik yn ûntfangst en Pieter Steinz, direkteur fan it Nederlands Letterenfonds, sil in fraachpetear hawwe mei trije Fryske auteurs.

Yn opdracht fan de provinsje Fryslân, Tresoar en it Nederlands Letterenfonds sil Alpita de Jong op de Buchmesse 2013 as ambassadeur foar de Fryske literatuer optrede. Sjoch ek it parseberjocht 24 april fan dit jier.

Parseberjocht Letterenfonds

Boarne: sirkwy.nl

1 reaksje op “10 Fryske titels foar Frankfurt

  1. NACHT YN ‘E NANE
    of
    – djiptepunt yn de befoardering Fryske Literatuer –

    As it NEDERLANDS LETTERENFONDS beslute soe yn 2013 de folgjende skriuwers:
    Jan Mens
    Antoon Coolen
    Leni Saris
    Anne de Vries
    Willy Corsari
    Herman de Man
    A. den Doolaard
    en Toon Kortooms
    op de Frankfurter Buchmesse te ferkeapjen as wichtige moderne Nederlânske literatuer oan bûtenlânske utjouwers, dan waard Pieter Steinz de direkteur daalk ûntslein.

    Tresoar, de literatuerbefoarderer Oppewal, de direkteur Looper en de ambassadeur Alpita de Jong jouwe gjin kritearia foar it kiezen foar proaza foar de Buchmesse dat in 50 oant 75 jier âld is. Dat binne gjin moderne klassikers sa’t se sizze, dat binne âlde romans.

    ‘De Fûke’ fan Rink van der Velde is al oersetten yn it NL en Ingelsk, is yn feite gjin orizjineel wurk (dropping Tsjûkemar, Lodo van Hamel), en ‘Leafdedea’ fan Homme Eernstma is oersetten yn it Frânsk en tagelyk troch de oersetster opskjinne fan eroatyske en surrealistyske smoargens.
    In Belgyske oersetter is dwaande mei de oersetting yn it Nederlânsk oan de hân fan de Frânske tekst.

    Dizze sinsuer hat Alpita de Jong ferdigene. Sterker, it sil de reden wêze dat dit boek nei Frankfurt moat – mar it is net it orizjineel sa’t Feije Sixma van Heemstra it skreaun hat yn it Frysk. Sij wol de besoarchster wurde fan dit boek yn it Nederlânsk en fierder.

    MODERNE FRYSKE LITERATUER:
    De kar foar de jonge skriuwer Hidde Boersma is te betiid, syn heit Piter Boersma hie mear foar de hân lein.
    Janneke Spoelstra’s ferhalen binne polityk korrekt, mar oft se foar Europa nijsgjirrich binne nei safolle jierren emansipaasje is in fraach. Se is de iennige frou yn it rychje proaza, en dat is moai meinommen.
    Foar Jaap Krol hiene 20 oare kandidaten foarhannen west.

    Tsjêbbe Hettinga wie 20 jier lyn op de Buchmesse de grutte ûntdekking – Oppewal hat der 20 jier op tarre kinnen. Oft syn poëzy sûnder syn stim en stal itselde effekt hat falt te betwifeljen.
    Elmar Kuiper en Elske Kampen binne poergeskikte moderne Fryske dichters, en fertsjinje oersettings yn X talen.

    NB: 1).Yn septimber publisearje ik in boek by Elikser – It Nederlands Letterenfonds hat utjouwerssubsydzje jûn – dêr’t ik û.o. it hâlden en dragen fan Alpita de Jong en de oersetster fan Leafdedea Agnes Caers oangeande de roman fan Van Heemstra beskriuw. By de twadde printinge hie ik it boek yn de surrealistyske tradysje setten (mei goedkarring fan de skriuwer) en dat is troch De Jong as achterhelle skrast yn de tredde druk.
    2). Ik freegje my ôf hoefolle jild it Letterenfonds en de Provinsje yn dizze s.n. befoardering sette.
    3). Ik freegje my ek ôf oft Pieter Steinz wit yn hokker slangekûle er bedarre is as er aansens ynterviews hâlde sil mei 3 skriuwers. 5 binne al kroandea (patint fan Tresoar liket it wol), en dy oaren?

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *