Teake Oppewal

De 100 mooiste Friese gedichten

logo.ensafh

Justermiddei is by Omrop Fryslân de blomlêzing oanbean fan Babs Gezelle Meerburg en Jetske Bilker mei boppeneamde titel. Ik wol fuortendaliks in pear yndrukken kwyt.

Unferwachte seleksje
Yn it foaropwurd lizze Bilker en Meerburg hiel dúdlik út dat de seleksje har eigen subjektive kar is. Krekt omdat der al in oantal ‘represintative’ blomlêzingen binne, benammen de Spiegel en Dream yn blauwe reinjas, is der romte foar in seleksje op basis fan eigen smaak, stelle de gearstalsters. It resultaat is in ferrassing: Fiifentachtich fersen binne fan de lêste tweintich jier. Dat is wol in hiel ûnhistoaryske smaak foar poëzij! Soene de dames as it giet om (pop)muzyk, arkitektuer, film of skilderkeunst ek sa’n smaak ha? Hoe dan ek, it is sa in moaie blomlêzing fan de hjoeddeiske Fryske poëzij.

Yn fergeliking mei de Spiegel en Dream yn blauwe reinjas is der wurk by komd fan dichters dy’t earder ûntbrieken, de wichtichsten neffens my Piter Yedema, Jelle Kaspersma en Aggie van der Meer. Dat is winst, it foeget in pear weardefolle dichterlike stimmen ta oan it totaalbestân fan de moaiste Fryske fersen. By de nije dichters fan de lêste tsien jier is it opfallend dat Anne Feddema ûntbrekt. Dat is ûnoangenaam foar de dichter, mar begryplik. Feddema syn wurk is hiel eigen fan karakter en krekt dat makket dat it net elkenien oansprekke sil.
 

Wêrom is 1900 as grins nommen?
De fersen binne oardere op earste jier fan publikaasje. De blomlêzing begjint mei twa gedichten fan Tamminga út 1945. Dan komt Rixt mei trije út De gouden rider fan 1952. Ien dêrfan, ‘Oan him’, stie ek al yn Douwe Kalma syn blomlêzing It sjongende Fryslân fan 1917, dus dat hie neffens de systematyk eins it iepeningsfers wêze moatten. Fierder ûntbrekt alle poëzij fan foar 1945. Douwe Kiestra, Fedde Schurer, Garmant Visser, Jelle Brouwer, Obe Postma – no way. Mar okee, sa is blykber de smaak fan de gearstalsters. Sels yn Ingelân hat der ea in klubke west dat útrôp ‘No more heroes, no more Shakespearo’s’. Dat waait wol wer oer, echte kwaliteit fergiet net sa gau.

Wat ik opmerkliker fyn is de opmerking yn it foaropwurd dat de gearstalsters útgien binne fan poëzij fan 1900 ôf. Sûnder fierdere útlis. Wêrom kaam it wurk fan Eeltsje Halbertsma, Piter Jelles Troelstra, Gysbert Japix en oaren net iens yn de beneaming foar seleksje en waard it al op foarhân ôfskreaun?
 

‘Noord-Nederlandse canon’!?
It problematyske fan dizze bondel sit him yn de kontekst. Hy makket part út fan trije fergelykber útjûne bondels foar elk fan de noardlike provinsjes. ‘Gedrieën vormen ze een soort canon van poëtisch Noord-Nederland’ ornearret de ferslachjouster fan de Volkskrant fan 1 novimber, grif op ynskunen fan de útjouwers. Coen Peppelenbos, ien fan de twa, hie it justermiddei by de presintaasje ek al oer it wurd ‘canon’. Mar by in kanon fan de Fryske poëzij tink ik dochs wier oan wat oars as in boeket poëzij út de lêste tweintich jier, al is dat dan noch sa moai. Stel in útjouwer fan itensiedersboeken jout in boek út mei ‘De 100 lekkerste gerechten uit Italië’, en der sit gjin inkeld pastamiel by. Dan fiele de lêzers har bekocht en de Italjanen binne lilk omdat de basis fan de eigen kulinêre tradysje en de ferneamde gerjochten fan har lân net by de bûtenwacht oanpriizge wurde. By einsluten sit it allegear fêst op ien wurd. As de titel fan de bondel west hie: ‘De 100 mooiste eigentijdse Friese gedichten’ hie der neat mis mei west. Mar dat koe fansels net, want de trije boeken moasten in fergelykbere titel ha.

En wêrom moat der eins mei alle geweld in ‘canon van Noord-Nederland’ konstruearre wurde? Ik bin Fries en ik bin Nederlanner, mar Noarderling fiel ik my net, mei alle respekt foar de buorlju, oars. Dit projekt lit foar de safolste kear sjen wat Fryslân te wachtsjen stiet as it te folle opgiet yn ‘het Noorden’: ferlies fan de eigen ferwurvenheden.

1 reaksje op “De 100 mooiste Friese gedichten

  1. Hast gelyk oan, Têke.
    Ljevver ‘n bondel poétyske ferwurvenhiden uut W-lauwersk, N-Friesk en E-Friesk/Sealterlaonsk, mar W-Friesk en Grenenzers fon Iede Staal kin ek …
    Babs en Jets lykje — tink — op Tsead Bruunja (en J. Feanbaas): hi sei mi, dot er neat oan byg. Piter Jelles fûn. Olle aode poëzij iz min, inkeld eigen ig goed.
    En ‘t draait om ‘e ferkeaptechnyk. De greotste resinsint id de minste dichter …
    Ot de dames wot rommer en objektiver om harren hinne sjoen hienen, don wie myn Tuunerf/ûnkrût/mier yn Sneed, simmernûmer ’81, ek opnommen …

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *