Tryntsje van der Steege

Nij op ’e planke – jannewaris 2014

logo.ensafh

Hoe liket it mei de goeie foarnimmens? Minder smoke en drinke, of krekt mear? Faker sporte, leaver wêze, net sa faak mear ‘krisis’ sizze, mear blommen yn ’e hûs helje, net sa fûterje op polityk en plysje? Wat jim foarnimmens ek wiene, de kâns is grut dat se fergetten binne no’t it febrewaris is. Dêrom stel ik út dat we elke moanne oare goeie foarnimmens betinke – dat hâldt de moed deryn, de motivaasje heech, en it soarget foar wat ôfwikseling!
It ienige goeie goeie foarnimmen is fansels; mear lêze! Dat slagget grif mei de nije Fryske boeken fan de ôfrûne tiid, en oars mei de âlden dy’t tsjintwurdich by de Digitale Bibliotheek der Nederlandse Letteren online te lêzen binne.

Poëzij

Jildou Elgersma
Lykwicht sykje
Elikser, Ljouwert, desimber 2013
ISBN 97890 8954 5930
Ferkeappriis € 12,50

jildou

As in koarddûnser
rin ik op de line fan it libben
sykje lykwicht
tusken freugde en fertriet
tusken it famke en de frou.
As in koarddûnser
sykje ik lykwicht
yn it libben.

Yn dizze bondel fynt Jildou Elgersma (Easterein, 1974) wurden foar har syktocht nei it lykwicht. Fol striid, gauris sûnder ûntwyk, mar wol altyd burgen yn de leafde fan har Himelske Heit. Nei har earste boek Finzen tusken libben en dea is de dichteresse gâns groeid yn har dichterskip. Fersen om stil fan te wurden.

Tsjêbbe Hettinga
It Faderpaard – Het Vaderpaard – en andere gedichten
Bornmeer, De Gordyk, jannewaris 2014
ISBN 97890 5615 3137
Ferkeappriis € 10,00

faderpaard

Nei oanlieding fan de teaterfoarstelling It Faderpaard yn rezjy fan Jos Thie, hat Utjouwerij Bornmeer dit gedicht op’e nij útjûn. Dit wichtige fers yn it wurk fan Tsjêbbe Hettinga skreau er nei oanlieding fan de dea fan syn heit Pieter Mebius Hettinga (1916 – 1993) – boer en hynsteman yn Burchwert. Tweintich jier ferlyn is dit gedicht foar it lêst publisearre yn de bondel Vreemde Kusten/Frjemde kusten. De bondel is twatalich Frysk-Nederlânsk. Yn it nij ferskynde It faderpaard / Het vaderpaard en andere gedichten binne ek oare fersen fan Tsjêbbe Hettinga opnaam lykas ‘De blauwe hauk fan Wales’ en ‘It Wikeler Hop’. Hettinga fûn syn definitive dichterlike foarm yn 1992 nei in publisitêre stilte fan alve jier mei de bondel Under seefûgels/ De Kust. De poezij dêryn betsjutte de trochbraak op Nederlânske en ynternasjonale poadia. Hettinga droech ‘It faderpaard’ geregeld foar, ûnder oaren yn 2001 yn it stêdhûs fan Boalsert doe’t er de Gysbert Japicxpriis útrikt krige.

Jan Ritskes Kloosterman (1847-1914) – Eppie Dam (bes.)
Nije bloei – in kar út it dichtwurk
Wijdemeer, Ljouwert, jannewaris 2014
ISBN 97890 8207 3874
Ferkeappriis € 22,50

nijebloei

Nije bloei befettet in kar út ’e poetyske neilittenskip fan Jan Ritskes Kloosterman, de Twizeler dichter dy’t yn 1914 ferstoar en hûndert jier letter it lytse earbetoan krijt dat er fertsjinnet. Jan Ritskes nimt yn de Frykse literatuer in beskieden plak yn, mar dizze bondel lit sjen dat ek ‘mindere goaden’ soms ferrassende hichten witte te berikken. Spesjaal foar dizze útjefte, yn gearwurking mei Stichting Keunstkrite Twizel, waard in part fan de gedichten oerset yn it Nederlânsk. De titel slacht op it op ’e nij ûnder de oandacht bringen fan it wurk, mar ek op de ynhâld fan de bondel. Jan Ritskes hie in grutte botanyske kennis, dy’t er ferwurke yn syn gedichten. De bondel is passend yllustrearre mei florale pintekeningen troch Lienke Boot.

Proaza

Dan Brown – Abe de Vries (oers.)
Ynferno
Luitingh-Sijthoff, Amsterdam, desimber 2014
ISBN 97890 2456 4088
Ferkeappriis € 22,95

ynferno

Robert Langdon, heechlearaar keunstskiednis en symbolyk, wurdt op in nacht wekker yn in sikehûs yn Florence sûnder te witten hoe’t er dêr telâne kaam is. Holpen troch in stoïsynske jonge frou, Sienna Brooks, flechtet Langdon en bedarret er yn in dûzeljend aventoer. Langdon komt derachter dat er yn it besit is fan in tal ûntrêstigjende koades, makke troch in briljante wittenskipper; in sjeny dat obsedearre is troch de ein fan ‘e wrâld en it tsjustere masterwurkYnferno fan Dante Alighieri. De striid tsjin dizze mysterieuze fijân bringt harren nei tiidleaze lokaasjes as it Palazzo Vecchio, de Boboli-tunen en de Duorno, en Langdon en Brooks stjitte op in netwurk fan ferburgen trochgongen en ieuwenâlde geheimen…
Yn syn fenomenale bestsellers De Da Vinci CodeHet Bernini Mysterie en Het Verloren Symbool kombinearre Dan Brown op masterlike wize skiednis, keunst, koades en symboalen mei in razend spannend ferhaal. Mei Ynferno sit Brown op fertroud terrein en hat er syn oant no ta meast dryste boek skreaun. Dan Brown is ien fan de súksesfolste thrillerskriuwers yn ‘e wrâld. De skriuwer is in leafhawwer fan Fryske hynders, dy’t ek in rol spylje yn Ynferno.

Rommert Tjeerdsma
Ferliezers
KFFB, Dokkum, jannewaris 2014
ISBN 97890 7491 8978
Ferkeappriis € 16,00

ferliezers

As iennichst bern ferhuzet Froukje mei har âlden nei de stêd, dêr’t har heit boekhâlder wurdt. Sels kriget se in baantsje as typiste. Yn de minne tritiger jierren kin Jan, har freon, mar min wurk besette. As yn 1940 de oarloch ek Fryslân net foarby giet, wurdt alles oars. Hâldt Froukje wol genôch fan Jan om mei him âld te wurden? Dêr twifelet se hieltyd sterker oan, benammen as se Werner moetet. Werner is in jonge Dútser, dy’t legere is op it Ljouwerter fleanfjild en gefaarlike aventoeren belibbet yn syn Messerschmitt nachtjager. Ynearsten wol Froukje neat fan Werner witte. Mar it dilemma wurdt hieltyd grutter. Kiest se Jan, immen fan har eigen folk, of Werner, ien fan de besetters fan ús lân…

Non-fiksje

Alfons Dölle
Land van geluk en razende onvrede – columns
Bornmeer, De Gordyk 2013
ISBN 97890 5615 3069
Ferkeappriis € 15,00

dolle

In ‘Land van geluk en razende onvrede’ zijn ruim honderd columns gebundeld die Alfons Dölle (1947-2012) schreef voor de Leeuwarder Courant. Hij was hoogleraar staatsrecht aan de Rijksuniversiteit Groningen, Eerste Kamerlid voor het cda, katholiek, betrokken en actief in allerlei geledingen van de samenleving. Zijn columns weerspiegelen zijn brede maatschappelijke ervaring en wetenschappelijke achtergrond. De rode draad in deze columns is de diepgewortelde opvatting van Alfons Dölle dat traditie en continuïteit van levensbelang zijn voor een geordende samenleving. Daarbij was hij ervan overtuigd dat ‘razende onvrede’ niet gelukkig maakt.

Niek Donker
Kleine Kerkstraat – 150 jaar handel en wandel in de leukste winkelstraat
Wijdemeer, Ljouwert, desimber 2013
ISBN 97890 8207 3867
Ferkeappriis € 24,50

kleinekerkstraat

Het boek Kleine Kerkstraat, 150 jaar handel en wandel in de Leukste Winkelstraat beschrijft het leven van ondernemers en hun bedrijven in deze kleine imposante straat in hartje Leeuwarden. De Leukste Winkelstraat kent een bewogen en vooral levendige geschiedenis. Door middel van archiefmateriaal, unieke foto’s, bijzondere anekdotes en verhalen van betrokkenen geeft de auteur daar een beeld van.

Bouke Lageveen & Eddy van der Noord
Vertier in Grou
Uitgeverij Louise, Grou, jannewaris 2014
ISBN 97894 9153 6151
Ferkeappriis € 22,50

vertier

Vertier in Grou is een lust voor oog en oor. Het boek bevat warme en sprankelende teksten, prachtige en unieke beelden en een bruisende cd. Portretten van bijzondere mensen en ‘de jeugd van toen’, verhalen over verschillende feesten en spraakmakende interviews met diverse bandleden van destijds.
De cd maakt dit boek extra speciaal: 21 opnames van 7 Grouster bands laten u genieten van nostalgische jazz-klanken tot opzwepende blues en rock.
Professor Bergini, Jan Riemersma, Kobus Walon, de Instuif & Rieleks, Koffiebars, Jeugdcentrum Why, Brassband Apollo, The Meteors & de Rubo’s, Farmhouse Five, The Maryland Combo, That New Move, Our Persuasion, The Canyon & The Survival Blues Corporation, Skuor, Onafhankelijkheidsfeest 1913, Skipkesilen en De Grouster Merke en FFF.

Bonne Looijenga
Spoaren yn ’e tiid

bonne

Heal novimber 2013 is it boek Spoaren yn ’e tiid fan Bonne Looijenga útkaam. It binne neffens Bonne samar wat ferhaaltsjes út syn libben, sjoen troch syn bril. Foaral syn bernetiid is goed fertsjintwurdige. De ûndertitel is: Reis troch myn libben yn 70 teltsjes. It boek is te keap by Bonne thús (Tywert) en by Warenhuis van der Velde yn Wommels.

Bonne Speerstra
Oer twa brêgen
Ferkeappriis € 17,95 (eigen behear)

bonnespreerstra

As ik by de boer en boerinne oan de tafel siet te fertellen seine se wolris: “Do kinst der wol in boek oer skriuwe!” It stiet no swart op wyt. Oantinkens út myn bernejierren op Ymswâlde en letter oer de Ymswâlderbrêge. Dêrnei spilet it boek him ôf yn de Stellingwerven oer in oare brêge, de Skoatterbrêge. It hat mysels fernuvere wat der nei safolle tiid noch opslein siet op myn ‘hurde skiif’.
Wylst ik oan ’t skriuwen bin belibje ik myn libben suver op ’e nij. Neist hiel wat komyske sitewaasjes sille jo it tsjinoerstelde ek tsjinkomme. It libben kin moai, mar ek wreed wêze.

Luit van der Tuuk
De Friezen – De vroegste geschiedenis van het Nederlandse kustgebied
Omniboek, Kampen 2013
ISBN 97894 0190 1666
Ferkeappriis € 19,95

defriezen

De Noormannen, Romeinen en de Franken noemden het kustgebied boven de Rijn Frisia. Zeeland, Holland, Friesland, Groningen, Oost-Friesland: alles viel onder die verzamelnaam. Auteur Luit van der Tuuk brengt de vroegste geschiedenis van het volk van de kust tot leven. In een werk dat leest als een roman wordt duidelijk dat de Friezen een voorname rol hebben gespeeld bij de ontwikkeling van onze geschiedenis. Oorspronkelijke bronnen en beschikbare archeologische gegevens vormen het beeld van een volk van kooplieden en vrachtvaarders, maar ook van de Friese opstand, koning Radbod en Bonifatius.

Berne- & Jongereinboeken

Eric Heuvel – Ytsje Steen (oers.)
De ûntdekking
Stichting Fries Verzetsmuseum & Anne Frank Stichting, Ljouwert novimber 2013
ISBN 97890 8667 0208
Ferkeappriis € 7,50

untdekking

In strip oer de Twadde Wrâldoarloch. Jeroen siket by syn beppe op ’e souder om guod foar de frijmerk op Keningsdei. Tusken alle rommel fynt er beppe har oarlochsplakboeken. Hy heart dat der yn de Twadde Wrâldoarloch yn syn famylje dingen bard binne dêr’t sûnt dy tiid altyd oer swijd is. As Jeroen dêrnei op 4 maaie by de deadebetinking is, docht er in bjusterbaarlike ûntdekking …

Eric Hill
Wat fielt Stip?
Afûk, Ljouwert, jannewaris 2014
ISBN 97890 6273 9653
Ferkeappriis € 11,99

stip

It learen fan bisten, wurden, foarmen, kleuren en sifers: Stip fynt it allegear like prachtich!

En fierder…
De DBNL (Digitale bibliotheek voor de Nederlandse Letteren) wreidet de ôfdieling Fryske literatuer út mei de folgjende fjouwer romans:

Nei de klap – Trinus Riemersma;
De oerwinning fan Bjinse Houtsma – Anne Wadman;
Sterke skouders – Hanneke de Jong;
Losse hannen – Saakje Huisman.
Foar de simmer sille noch twa titels folgje, te witten Minskebern – Margryt Poortstra en Koartsluting – Akky van der Veer.

Dêrmei kin elkenien de tekst fan dizze boeken fia dbnl.org rieplachtsje. Oant no ta steane sa’n 85 Frysktalige titels op de site. De kombinaasje TDE (Tresoar, Elikser, DBNL) wol boppeneamde seis titels dit jier ek útbringe as werútjefte yn de foarm fan in printing-on-demandboek, en wêr mooglik as e-boek. De seis titels binne net mear leverber.

De werútjefte fan de seis titels is in ûnderdiel fan it projekt Friese afdeling Lezen voor de Lijst. Op de site lezenvoordelijst.nl – in helpmiddel foar middelbere skoalle-learlingen om boeken út te kiezen dy’t by har passe – sille neist Nederlânske en Dútske ek sa’n tritich Fryske romans opnommen wurde.

Op it stuit is in ûntwikkelgroep, besteande út dosinten Frysk út it middelber ûnderwiis en inkele oaren, dwaande it materiaal út te wurkjen. It doel is om it projekt foar it nije skoaljier in einhinne klear te hawwen. De koördinaasje leit by Tresoar en de learareoplieding Frysk fan NHL Hegeskoalle.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *