Rink van der Veldepriis nei Ale van Zandbergen

logo.ensafh

Ale S. van Zandbergen hat woansdei de Rink van der Veldepriis krigen foar syn boek Littenser merke. Hy krige 1250 euro en in keunstwurk fan Anne Woudwijk út hannen fan wethâlder Ketelaar. De twajierlikse literêre priis is foar in boek, dat skreaun is foar in breed lêzerspublyk, yn de geast fan Rink van der Velde. Der wienen fiif nominearren. Neist Van Zandbergen wienen dat Leo Popma, Freddy Scheltema, Sipke de Schiffart en Steven Sterk.

Eardere winners wienen Ferdinand de Jong en Arjen Terpstra.

Boarne: Omrop Fryslân

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *