Tryntsje van der Steege

Nij op ’e planke – febrewaris 2014

logo.ensafh

Nei de winter dy’t net rjocht trochset hat, doart de maitiid it oan om fêst te begjinnen. Griene bledsjes, wite snieklokjes, sjongende fûgeltsjes, se stekke foarsichtich har kopkes op en knipperje tsjin it sinneljocht. Yn de nije boeken fan ôfrûne moanne wize skriezen en staten en iepenloftspullen al foarút nei moai waar en lange dagen. De lingte fan de list docht lykwols tinken dat de de Fryske skriuwers en útjouwers har nochris omdraaie yn har wintersliep. En oars wurdt der faaks noch stind en bret op wat nijs – mar goed dat it wer aaisikerstiid is!

Poëzij

Reinier van Mourik – oerset troch Cees van Mourik
De pleats fan Politiek

mourik

Reinier van Mourik (Ferwert, 1961) is hikke en tein yn Fryslân, hat trochleard yn Grins en wennet en wurket yn Rotterdam. Hy is teatermakker, dosint en skriuwt al sa lang as er libbet. De pleats fan Politiek is de earste dichtbondel fan Reinier van Mourik. De oarspronklike titel is De boerderij van Politiek, de Nederlânsktalige bondel is oerset troch Cees van Mourik.
De gedichten binne in miks fan Rotterdamske stedslucht en fette Fryske klaai.

Tusken belied en oan ‘e oare kant,
ynkommen en op it kleed, snij
ik lyntsjes en hieltyd wer ûnstiet it
lan by F mei de pleats
fan Politiek.

Proaza

Bouke Oldenhof
Fan letter soarch – trije toanielteksten
Bornmeer, De Gordyk 2014
ISBN 97890 5615 3175 (151 siden)
Ferkeappriis € 15,00

oldenhof

Yn Fan letter soarch wurde trije oarspronklike toanielteksten fan Bouke Oldenhof bondele: Lette ropping (2006), Rispinge (2012) en Juster is fuort (2014). Oldenhof syn dialogen sitte fol spitse humor, syn taalmacht is grut, de taal libben. Eltse toanielspiler, toanielleafhawwer en toanielskriuwer kin fan him leare.
Bouke Oldenhof is al mear as tweintich jier aktyf as toanielskriuwer yn it Frysk en it Nederlânsk foar ûnder oaren Tryater, Het Zuidelijk Toneel, Het Laagland, De Citadel en Gnaffel. Earder ferskynde fan syn hân de Nederlânsktalige bondel De Rijpen (Rolbrug, Hanebuurt, Kooibos). Fan letter soarch is de earste bondeling fan syn Fryske toanielstikken.

Hylke Tromp
Noah
Friese Pers Boekerij, Ljouwert 2014
ISBN 97890 3300 4421 (208 siden)
Ferkeappriis € 14,95

In libben yn de keunstwrâld, as akteur. Dat like Harry, in âld-dosint, as jongfeint al it moaiste ta dat der wie. Mar nee, heit fûn dat er earst marris in fetsoenlik fak leare moast. No’t Harry net mear wurket, grypt er syn kans. Fol twifels oan himsels en de motiven fan syn meispilers stapt er yn de repetysjes foar in iepenloftspul oer Noach, dy’t in ark boude om syn famylje en de bistewrâld te rêden. It stik Noah, dat opfierd wurdt mei in grut wetterspektakel deromhinne, is fan Vondel. De fersen akkordearje op in wûnderbaarlike wize mei de gefoelswrâld fan Harry en alles dat deromhinne bart. Dy fersen binne troch de skriuwer fan dizze debútroman, Hylke Tromp, oerset yn it Frysk.
Hylke Tromp (berne yn Snits, yn 1944) studearre yn Grins en waard ynspirearre troch syn learaar Anne Wadman, ek Neerlandikus, skriuwer en fioelist. Tromp wie dosint yn Ljouwert en Snits. Hy is bekend as tekstskriuwer en spylman fan Wiltsje fan Peazens.  Boppedat spile er mei yn fjouwer iepenloftspullen fan Jorwert, De Bochel fan de Notre Dame, Myn leave Lyske, Anatevka en In Sinterske Opera. Ek skreau er kollums en literêre skôgings. By Tresoar joech er mei Akky van der Veer jierrenlang skriuwkursussen

Non-fiksje

Ysbrand Galama
De SkriezeMaaitiid
Bornmeer, De Gordyk 2014
ISBN 97890 5615 3168 (96 siden)
Ferkeappriis € 12,50

skrieze

Mei in protte nocht sjoch ik eltse maaitiid de greiden ta bloei kommen en de fûgels harren nêst meitsjen. Guon fjilden binne dan fol fan libben. It hâlden en dragen fan de fûgels sprekt o sa ta de ferbylding. Oan ’e hân fan de skries wol ik jim sjen litte hoe as sa’n fûgelmaaitiid der útsjocht. Yn de measte stripkes sit in wier ferhaal ferskûle. Belibje mei dit boekje de skriezemaaitiid en genietsje der fan. Mei groetnis fan de tekener.

Peter Karstkarel
Landgoed Martenastate Koarnjum
Friese Pers Boekerij, Ljouwert 2014
ISBN 97890 3300 4438 (128 siden)
Ferkeappriis € 15,00

martena

In Koarnjum, iets ten noorden van Leeuwarden, ligt Martenastate. Het is een van de ongeveer zeshonderd historische buitenplaatsen die ons land nog kent, ooit waren het er zo’n zesduizend. Het landgoed bestaat uit een historische buitenplaats met bijgebouwen, een landschapspark met een rijke verscheidenheid aan stinzenplanten, een grafheuvel en een natuurkampeerterrein.
Architectuurhistoricus en publicist Peter Karstkarel deed in opdracht van de Stichting Martenastate onderzoek naar de bijzondere geschiedenis van dit landgoed, dat vanaf 2012 een grote opknapbeurt krijgt. De verschillende adellijke bewoners, de oude state en het nieuwe slot, de grafstenen, de inzet van de kerkvoogdij, de bestuurders in de loop der tijden en andere betrokkenen, de rol van tuinarchitecten en It Fryske Gea… deze en andere invalshoeken zijn door de auteur boeiend en met oog voor detail beschreven. Het resultaat van zijn onderzoek is dit prachtige boek, voorzien van veel historisch en nieuw beeldmateriaal, dat het rijke verleden van de state nu en voor de toekomst vastlegt.

Berne- & Jongereinboeken

Eric Hill
Wat fielt Stip
Afûk, Ljouwert febrewaris 2014
ISBN 97890 6273 9653
Ferkeappriis € 11,99

stip

Fiel hoe sacht it ear fan in oaljefant en in liuw is.
Folgje de linen fan de sifers 1 oant en mei 5.
In prachtich fielboek mei bisten, foarmen, kleuren en sifers.

En fierder…
AudiofryskDe Mentha Minnemaboeken binne yn de oanbieding: 4 spannende jeugddetektives foar mar 10 euro!

Regaad – It earste boek fan de nije útjouwerij Regaad is fan 28 maart ôf te krijen; it earste diel yn in rige yllustrearre oersettings fan Edgar Allan Poe, De skacht en de slinger. Sjoch www.regaad.nl foar mear ynformaasje.

Wijdemeer – Yn maart ferskynt de biografy fan keunstner Sijbren Ridsert (Siep) van den Berg, skreaun troch Simon Deinum. Wa’t foar 23 maart ynskriuwt op it boek fia de webshop, hoecht gjin ferstjoerkosten te beteljen.

3 reaksjes op “Nij op ’e planke – febrewaris 2014

  1. Ik mis hjir dochs de nijste útjefte fan de KFFB: it boek Ferliezers, fan Rommert Tjeerdsma.

  2. Yndie, de taal fan Bouke Oldenhof is sa moai, sa linich, sa lyts, sa grut en tige spylber. De foarstelling “Juster is fuort” ha ik ferline wike sjoen (Hilly Harms en Popke van der Zee): prachtich. Alle foarstellingen binne útferkocht, mar der komt yn september in reprise. Priuw oan syn teksten soe ik sizze!

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *