Teake Oppewal

‘Skrjo eksakt op wat ik sees’

logo.ensafh

Freed 21 febrewaris hie ik de eare meidwaan te meien oan it Grut Frysk Diktee fan Skanomodu, de stúdzjeferiening Frysk yn Grins. It wie in noflik barren. Henk Wolf hie in prachtige tekst makke, mei oan de ein in knappe fynst dy’t op mear manieren skreaun wurde koe. Der wie foar my gjin eare te heljen, oars: te folle flaters op it mêd fan kapitalen, keppeltekens, apostroffen en spaasjes. En ek in oantal tsjin de regels fan de Fryske stavering, ik jou it daliks ta.

By de ynstruksjes foardat it diktearjen begûn waard ik al even kjel. ‘Skrjo eksakt op wat ik sees,’ sei Henk, en dêr achteroan: ‘Doch dat neffens de offisjele stavering.’ Hoe no? Dat like my in tsjinstridige opdracht! De staveringsregels fertelle hoe’t ik Frysk staverje moat, wat de foarm fierder ek wêze mei. As ik op syn Koudums skriuw: ‘Ik hew him buten ronnen sjoend,’ dan is dat goed stavere. Wêr’t it fansels om gie, wie dat Henk fan my ferwachte dat ik Standert Frysk skriuwe soe! Hy seit ‘skrjoot’, mar ik moat opskriuwe ‘skriuwt’. Prima! Hindrik Sijens hat yn it FD fan 1 febrewaris moai útlein hoe’t it sit mei dy standerdisaasje fan it Frysk, it stiet ek op syn bloch.

Mar ik liet my der dochs noch ynluze. Yn sin 6 stie de term ‘typysk Fryske beskiedenheid’. Bliksem, seit Henk no in ‘-k’ yn ‘typysk’ of net? Ik hie earst automatysk in -k skreaun, uteraard, mar doe ynienen dy echo yn de holle: ‘Skrjo eksakt op wat ik sees’. Gelokkich, oan de ein waard de tekst noch in kear hielendal oerlêzen, ik doar der in eed op te swarren dat Henk dy -k yn typysk net útspriek. Dat, ik skras myn -k op it lêste stuit dochs noch gau. Mis! Dat wie wat de Dútsers sa moai in ‘Verschlimmbesserung’ neame. Henk sei wis wol ‘typysk’, sei er achternei. En, ik wit it no wer, ek al hie Henk ‘typys’ sein, dan noch hie ik ‘typysk’ skriuwe moatten, want dat is standert. It Frysk hat wol mear fan dy stomme stomme letters no? Ald, hjerst, hjir, ôf – de histoaryske kâns om dy der allegear út te mikken is yn 1976 ferskiten: ‘ôd’, ‘jest’, ‘jir’, ‘ô’, wurdbylden út lang ferfleine tiden.

De standert is ús Kollektyf Goed
Boppesteande lit moai dúdlik sjen dat de noarm foar de skriuwtaal losstiet fan de útsprutsen foarm. As ik it goed begrepen ha it ôfrûne jier, wolle de FA-lju allinne mar in foarkarsnoarm foar skriftlik Frysk yn it formele domein oanjaan; dêr bin ik ek foar. De Wâldsjer skriuwt dan ‘romte’ ek al seit er ‘rûmte’, de Klaaikert skriuwt dan ‘ôfwitte’ ek al seit er ‘ouwite’, de Dongeradielster skriuwt ‘grins’ ek al seit er ‘greans’ en ik, earmelytse Súdhoeker, skriuw ‘Ik ha him bûten rinnen sjoen’ ek al sis ik ‘Ik hew him buten ronnen sjoend’.
De staveringsdiskusje hat safolle krityk opsmiten tsjin de plannen foar in standertwurdlist fan it Frysk, dat men hast ferjitte soe dat dy standert der foar in (grut?) part al is. It is wier dat de maatskiplike posysje fan it Frysk oars is as dy fan it Nederlânsk, wat hieltyd mar wer beklamme wurdt. Mar it oare uterste, op skrift in fersnipeling yn dialekten, lykas by it Limburchsk of Grinslânsk, is hjir fansels absolút net oan de oarder. De foarbylden fan de histoarysk groeide standerdisaasje fan it Frysk binne de ôfrûne tiid genôch jûn. De essinsje dêrfan is: Gjinien fan ús skriuwt syn Frysk hielendal sa’t er it praat. De fêstige skriuwstandert ferbynt ús allegear, oer de dialektferskillen hinne, yn kombinaasje mei de ûnderlinge fersteanberens as wy it eigen Frysk prate. Us standert is in Kollektyf Goed. En it is dêr krekt sa mei as mei al it oar Kollektyf Goed: as elk syn priveebelang neijaget giet it deroan. Lit ús by alle emoasjes net weromfalle op ús thúsdialekt en dat ferhearlikje as wie dat it summum fan eigenheid.
Noch in konkreet foarbyld om út te lizzen hoe’t it neffens my sit. By in ynstelling wurkje twa minsken oan in nije ek-Frysktalige webside. Der komme allerhanne faktermen foarby. De iene (út Koudum) wol ‘ynlogje’ ha, de oare (út Burgum) ‘ynlogge’. Hoe no? As je dat gewurde litte en troch elkoar brûke, folget in sleep fan dûbelfoarmen dêr’t gjinien op sit te wachtsjen. Want: ynfinityf ynlogje, dan ek ‘ik logje yn’, ‘do loggest yn’, ‘hy logget yn’ en ‘hy hat ynlogge’; ynfinityf ynlogge, dan ek ‘ik loch yn’, ‘do lochst yn’, ‘hy locht yn’ en ‘hy hat ynlogd’. Wat in gribus, mei al dy ekstra staveringstûkelteammen fan g/ch. Leaver net! En dan is it moai dat der in Hânwurdboek is dat beskie jout. En dat docht it ek: it is ynlogge. En dus moat ik as Koudumer myn oanstriid om oeral -je tiidwurden te brûken mar wat bedimje, op skrift alteast. En dêr skik ik my graach yn. It Frysk leit my tige nei oan it hert, ik ûnderfyn de standert net as ferfrjemding mar as oaneigening.

Hânwurdboek 2008
De slotkonklúzje fan de Oproppers yn har stik fan 5 juny 2013 oer de standert is: ‘It Frysk hat in romme, mar yn de hjoeddeiske situaasje goed funksjonearjende skriuwtaalnoarm. Wa’t as skriuwer ferlet fan stipe oangeande de taalnoarm hat, kin yn de besteande wurdboeken en grammatika’s telâne.’ Sa is it mar krekt.
Op it mêd fan de wurdboeken hawwe de nijste publikaasjes fansels it measte te betsjutten. Yn 2008 ferskynde it Frysk Hânwurdboek, 2 dielen, 2391 siden. Dat is in mylpeal, omdat dêr foar it earst ús taal op brede wize (70.000 wurden) yn beskreaun wurdt yn de eigen taal sels. Foar elkoar bokst troch deselde wurdboekôfdieling fan de FA dy’t no mei de staveringshifker te set is. Sa’n hânwurdboek dat (yn tsjinstelling ta it WFT) net alle besteande foarmen opnimt en dûbelfoarmen yn in hiërargy pleatst, wurket altyd, hoe dan ek, normatyf. Ik ha de ôfrûne fiif jier fan net ien heard dat er krityk hie op dat Wurdboek, bygelyks dat by ‘rûmte’ stiet ‘→ romte’. En dat by ‘romte’ alle ynformaasje oer dat wurd stiet. Blykber is yn it Hânwurdboek ‘romte’ de foarkarsfoarm, om wat foar reden dan ek. Itselde patroan jildt foar party oare wurden. En, earlik sein, it makket my net folle út op wat foar grûn de kar makke is. Dat boek leit der, en elk kin it brûke.

Staveringshifker: dêr giet it om
Wat is der dan makliker as dit: Meitsje in staveringshifker op basis fan it troch elk akseptearre F-F Hânwurdboek út 2008, ynklusyf de markearringen dy’t dat wurdboek brûkt? As je de staveringshifker ferskillende ynstelmooglikheden meijouwe, kin elke brûker sels kieze oft er allinne de foarkarsfoarmen ha wol of dat er ek de njonkenfoarmen beskikber ha wol. Foar literêre skriuwers is de taal it middel ta persoanlike utering fan emoasjes, ynsichten en mieningen, in middel om wat moais of keunstichs of aparts te meitsjen. Sokken wolle maksimale frijheid fan taalgebrûk ha, en erfare blykber de trochgeand histoaryske trend ta normalisearring as ‘sovjetpraktyk’. Dat is begryplik. Mar skriftlik Frysk wurdt ek brûkt yn net-persoanlik kleure situaasjes, sa’t ik boppe sjen litten ha. Minsken dy’t dêr de noarm folgje wolle, brûke no al it Hânwurdboek, en it wurdt allinne mar makliker as dat yn digitale foarm beskikber komt. Sa is der neffens my in útwei út de polarisearre situaasje dy’t him no foardocht. Foar formele situaasjes is der in noarm, hús-tún-en-buorren brûkers fan skriftlik Frysk hawwe mear romte en as dy ‘lulk’ skriuwe wolle yn plak fan ‘lilk’, prima, en de skriuwers kinne yn literêre teksten skriuwe wat se wolle, sa’t it altyd al west hat. Tsead Bruinja kin ‘dânsje’ skriuwe en Jan Wybenga ‘sonder’; Janneke Spoelstra ‘leze’, Jan Kooistra ‘de lêste treen’ en Albertina Soepboer ‘it ider’ (oeps! dy lêste trije steane net iens yn it Hânwurdboek); Koos Tiemersma kin hûnen sels ‘barkje’ litte (ek net yn it wurdboek), Willem Schoorstra en in hiele rist lju nei him ‘weareld’ yn plak fan ‘wrâld’ skriuwe, Rink ‘heul’ en Trinus ‘dusse’ en Piter Duijff yn syn priveeteksten – bien etonné de se trouver ensemble – ‘hju’. En Abe? Dy skriuwt allang min ofte mear standert, krekt as de measten fan ús.

Net werom nei de krûddampen fan de jierren 70, a.j.w.
Yn 1976 hawwe Provinsjale Steaten in staveringswiziging fêststeld dy’t in ein makke oan in ‘oarloch’ dy’t wol sa’n 15 jier duorre hie. Dat waard doe heech tiid, want der kaam in nije Bibeloersetting oan, in hiele rige boeken mei folksferhalen, in WFT en it Frysk waard mei yngong fan 1980 ferplichte yn it basisûnderwiis. De wiziging gie lang sa fier net as de radikale herfoarmers fan doe ha woene (dy har systeem hjitte ‘Utstel I’, it wiene meast ûnderwiislju en in part fan de skriuwers dy’t dat propagearren). Foar de tjinstanners fan de no útstelde staveringsoanpassing hie ‘1976’ grif in ûntheisterjende ûnderfining west, ûnder oare mei it ferdwinen fan dy ‘ivichmoaie, typysk Fryske’ hw-, foar wiffe staverders in ûnding, omdat it Ingelsk yn deselde posysje wh- skriuwt.
Grutte feroaringen as yn 1976 lykje my no net mear mooglik. Yn de katalogus fan Tresoar krije de Frysktalige boektitels in synjatuer fan it format [rangnûmer fr], op folchoarder fan oanwinst. Yn 1980 lei dat nûmer op ca. 7000. No is it sa’n 14.500. Dat wol dus sizze dat de helte fan alle Frysktalige boekpublikaasjes yn de bibleteek fan Tresoar yn de Steatestavering is (even oannommen dat der nei 1980 net mâle folle titels fan foar 1980 yn de kolleksje opnommen binne). Mar as guon by de minimale miniwizigingen dy’t no foarsteld wurde moard en brân roppe dat it Frysk oantaast wurdt en ûndergiet, dan klinke my de echo’s fan fjirtich jier lyn wer yn de earen. Der binne doe hiel wat goede ferhâldingen fersteurd. Lit ús dat net wer oerkomme. Oan de oare kant jout it nei myn idee de Akademylju de plicht om elkenien dúdlik út te lizzen wêrom’t de ‘oanpassingen’ nedich binne dy’t se foarsteld ha. Is safolle gedoch om sa’n bytsje wol leanjend? En hoefolle rendemint smyt it op? Wurdt de stavering der wier learberder en praktysker fan?

Plak dy -t oan it wurd fêst
Minimale staveringswizigingen binne allinne mooglik, as se in grut rendemint ha. Ien dêrfan wol ik as beslút graach nei foaren bringe.
It skreaune Frysk tilt op fan de apostroffen. Dat binne ferfelende dingen by it skriuwen mei in toetseboerd (en dat docht elk langer). Se steane gauris op ’e kop wêr’t it net moat (sjoch bg. it omslach fan dit boek) en der misse spaasjes dy’t der wol hearre, of der steane spaasjes dy’t der net hearre. Foar in part komme al dy apostroffen en ferkearde spaasjes foar rekken fan it saneamde bynwurdmorfeem ’t. Myn útstel is om dat te ferfangen troch in -t oan it wurd fêst.
Wy krije dan bygelyks: De frou dyt dit lêst. It hûs dêrt se wennet. De fraach oft dat wol kin (oft: dat is no al gongber). Hy liet sjen hoet dat koe. Se snapten wêromt er dêr mei kaam. Wanneart dat ynfierd wurdt, skeelt dat in hoop ellinde. Wylst se deroer praten waard it nijs bekend (wylst: is no ek al gongber). Wêrt er dat weihat snap ik net. Kin ik dit wol sizze, noot it fjild der sa hinneleit? Waat dit lêst moat al even wenne. Ik freegje my ôf hoelangt dat duorje sil. En sa fierder.
It is wier, by it lêzen hat de ’t in synjaalfunksje: dy’t is in bynwurd en yt is in oar soarte foarm. Mar yn de kontekst lost dat him wol op. Boppedat, it Frysk hâldt syn bynwurdmorfeem, mar no as fêstplakte -t, en der is noch altyd goed lêsber ferskil tusken bgl. ‘wêr’ en ‘wêrt’. Dit foarstel betreft in lytse feroaring, mei amper oantaasting fan it wurdbyld, gjin grut probleem foar de lêsberens fan âldere teksten, mar grutte winst foar de skriuwberens (en typografearring) fan de takomstige teksten. Soe it op syn minst net leanje út te sykjen oft dit in reële opsje is?

 

2 reaksjes op “‘Skrjo eksakt op wat ik sees’

  1. Oppewal giet – fansels – foarby oan it kearnpunt: der ís al in taalnoarm. Dy is net oplein troch in ynstitút of oerheid, mar histoarysk groeid. Wy rêde ús der prima mei. Dy noarm is hjir en dêr fleksibel, en dat noasket de ûnderwizers net. Dy wolle REGELS hawwe, oars kinne se net ûnderwize. Dêrom, achte lêzer, moatte jo aansen kieze: skriuwe jo ‘romte’ of ‘rûmte’? Beide hearre by de noarm, mar dat mei net fan de ûnderwizers. Der moat der ien útkipere wurde! En foar dy’t no tinkt dat it mar om ien wurdsje giet, fout. Jo moatte jo gjin kompleks oanprate litte troch minsken dy’t miene dat in noarm mei ferskaat gjin noarm wêze soe, jo moatte josels net wize meitsje dat jo pas in ECHTE TAAL prate as de besteande noarm fan boppe-ôf oanpast wurde sil. De ûnderwizers fan it noarmerjende slach libje net yn harren eigen taal, mar yn it slachskaad fan it Hollânsk. En it ljocht wol harren sa’t skynt mar net opgean.

  2. Ha Teake,

    Ik fyn it moai dat myn diktee foer wie foar safolle prakkesaasjes. Ik moat ek sizze dat ik net sa wiis bin mei dy -k yn de útgongen -sk en -ysk. As er fakultatyf wurde soe, soe ik dat allinne mar prachtich fine. Yn it ‘Nederlandsch’ is de -ch yn ‘e útgong -sch ek skrast en it is wat apart dat er yn -isch noch wol stiet.

    Wy ûntkomme der lykwols op basis fan de offisjele staveringsregels foar it Frysk net oan en skriuw dy -k yn ‘typysk’ al. Ek as ik /tipis/ sis, moat ik ‘typysk’ skriuwe op basis fan de offisjele skriuwregels foar frjemde wurden. Yn de regeling dy’t PS op 25 novimber 1982 oannaam ha, stiet as foarskrift: “De útgongen -ief, -iek, -iel, -iem, -ien, -iep, -iet, -isch en -ijn yn it Nederlânsk wurde yn it Frysk stavere as -yf, -yk, -yl, -ym, -yn, -yp, -yt, -ysk en -yn.”

    Dat lit trouwens bûten kiif dat as ik dy -k net of net dúdlik útsprutsen ha, ik it jim ûnnoadich dreech makke ha. Ik doch almeast myn bêst om by diktees in bytsje te helpen mei de útspraak, ûnder oaren troch de útgong -heid út te sprekken as soe er rymje op ‘geit’.

    As it oer de leksikale noarm giet – en dat is in oare kwestje as dy fan ‘e stavering -, dan binne wy it neffens my fierhinne iens. Do herhellest wat wy as oproppers skreaun ha, nammentlik dat der al lang in funksjonearjende standert is, en seist terjochte dat wurdboeken troch har struktuer mei haad- en trochferwiislemma’s altyd in normative funksje hawwe.

    It iennichste punt dêr’t wy wol oer fan miening ferskille, is wat dy hjoeddeiske standert no krekt ynhâldt. Dat ‘ronne’ en ‘sjoend’ derbûten falle, dêr binne wy it tink wol oer iens. Ik doar der wol in potsje bier tusken te setten dat Anne, Pieter, Hindrik en Frits dy foarmen yn har korpus hast net tsjinkomme. Se binne yn skriuwtaal-Frysk sa seldsum dat wy tsjin learders prima sizze kinne dat se dy foarmen better net skriuwe kinne. Dat doch ik dan ek. “Minsken dy’t in soad Frysk lêze, sjogge dêr wat raar tsjin oan”, sis ik dan. De wurdboeken litte dy groeide noarm ek sjen: as ik myn FA-wurdboek F-N iepenslach, steane ‘ronne’ en ‘sjoend’ dêr net yn.

    It gefal ‘rûmte’ is lykwols fan in oare kategory. Dat wurd is net seldsum yn skriftlik Frysk. Anne-en-dy hawwe yn har presintaasjes sjen litten dat se dy foarm yn har korpus ek faak tsjinkaam binne. Net sa faak as ‘romte’, mar al behoarlik faak. Foar Fryskskriuwers en -lêzers is ‘romte’ ‘gewoan’ skriuwtaal-Frysk. ‘Romte’ en ‘rûmte’ meitsje blykber beide diel út fan de besteande skriuwtaalwurdskat. It soe my oandeare as in normale skriuwfoarm lykas ‘rûmte’ yn it formele domein ferbean wurde soe troch in oare foarm (‘romte’) ta de iennichste opsje te ferklearjen. Der soenen dan regels foar dat formele domein komme dy’t net strike mei de regels dy’t op dit stuit troch de Fryskskriuwers hantearre wurde. Normale skriuwtaalwurden lykas ‘rûmte’, ‘wite’ en ‘lulk’ wurde dan sûnder dúdlike reden taboe ferklearre yn bepaalde teksten.

    In fraach is oft sokke regels überhaupt kâns fan slagjen ha. Underfining mei ferlykbere regels yn Frankryk, Switserlân (Retoromaansk) en by de Sorben lit sjen dat se benammen in protte wjerstân oproppe, om’t se keunstmjittich binne, net stipe wurde troch it taalgebrûk sa’t minsken dat op oare plakken tsjinkomme.

    De provinsje tinkt, sa liket it, trouwens ek sa. Deputearre De Vries en de behanneljende amtners hawwe al in pear kear en public sein dat se in eventuele noarm net twingend foarskriuwe sille.

    Dat it wat raar liket as jo ‘ynlogje’ en ‘ynlogge’ yn deselde tekst of applikaasje of op deselde website brûke, dat stim ik dy fuort mei. Yn ‘e tiid dat ik foar eduFrysk wurke, binne wy dat gefal ek tsjinkaam. Ik ha der doe ek foar pleite om binnen dat systeem ien foarm te kiezen en dat wie net ien mei my ûniens. Op deselde manier soe ik ‘wite’ en ‘witte’ ek net yn deselde tekst ha wolle, likemin as ‘aksepteare’ en ‘akseptearje’. Sterker noch: om in tekst in profesjoneel uterlik te jaan ried ik altyd oan om in strikte kar te meitsjen: altyd ‘-eare’-tiidwurden, òf altyd ‘-earje’-tiidwurden. En ast by sa’n kar it wurdboek as skiedsrjochter brûke wolst, prima. Miskien liedt dat derta dat de taalmienskip dêrtroch úteinlik it haadlemma as iennichste skriuwtaalfoarm kiest. Dat is my dan ek prima.

    Fansels binne der allegear gefallen dy’t wat tusken ‘sjoend’ en ‘rûmte’ yn sitte, foarmen dy’t wol yn ‘e wurdboeken steane, mar dy’t op skrift dúdlik minder gebrûklik binne as oare foarmen. Abe en ik skriuwe graach ‘heel’, Pieter Duijff ‘dû’ en it Westereintsjer ‘Westereen’ hat it sels ta offisjele namme skopt. Do neamdest noch in pear fan sokke foarmen. De talige werklikheid is dat dy foarmen opfalle, mar wol sanksjonearre wurde troch de wurdboeken. Dy komplekse werklikheid bring ik ek oer oan de studinten. Ik ha der alle begryp foar as lesboeken dy werklikheid foar oerbelêste puberholtsjes of begjinnende Fryskskriuwers wat fersimpelje en inkeld ‘hiel’ en ‘do’ mar neame, mar ik wol dat folwoeksen Fryskskriuwers op basis fan in earlik byld fan de talige werklikheid in kar meitsje foar in bepaalde foarm en net ferplichte wurde ta in keunstmjittige noarm.

    Oer de omfang fan de staveringswiziging is in soad misferstân. Do hast it oer ‘minimale miniwizigingen’ en as it dat wienen, hie ‘k net oer de staveringswizigingsplannen praat. Dy fyn ik sowieso minder belangryk as de foarstellen foar in leksikale noarm, mar ûnbelangryk fyn ik se ek net. Probleem is dat der net goed oer neitocht is. Ik wit dat Anne en dy it my kwea ôfnimme dat ik dat sis, mar ast har regels letterlik nimst, krijst in heel soad wurden dy’t fan wurdbyld feroarje op in manier dy’t hast ûnlearber is. Dan soest neist ‘poes’ ek ‘pûke’ skriuwe moatte, neist ‘woeksen’ ek ‘folwûksen’, neist ‘refyzje’ en ‘revisearje’, neist de doetiid ‘groeven’ it mulwurd ‘grûven’. Boppedat soe fan allegear wurden net mear dúdlik wêze hoe’t se op basis fan ‘e foarstelde nije regels skreaun wurde moatte. ‘Bloeske’/’blûske’ is in foarbyld. En der is alle reden om de nije regels letterlik te nimmen, want dat docht de FA ek mei de besteande regels. Troch te wizen op wat in letterlike tapassing fan de besteande regels foar nuvere wurdbylden (‘pûs’) opsmite soe, motivearje se it ferlet fan nije regels. Ik soe sizze: lis de ynboargere foarmen gewoan as offisjeel fêst, dat is altyd better as it ferfangen fan in ynboargere ymperfekt systeem troch in nij en like ymperfekt systeem.

    Dyn plan om ‘wa’t’ en sa as ‘waat’ te skriuwen sprekt my trouwens wol oan. Ik soe dan sizze: stean dy skriuwwize ta neist de besteande, der is gjin reden om wat no gewoan is te ferbieden.

    By einsluten: Skanomodu moat mar ris faker in diktee organisearje. As der sokke nijsgjirrige oertinkingen achterwei komme, is it altyd de muoite wurdich.

    Groetnis fan Henk

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *