Tryntsje van der Steege

Nij op ’e planke – april 2014

logo.ensafh

 

Poëzij

Tomke Dragt
25 Frisse Fryske Ferskes

Walraven de Granje, Grijpskerk 2014
ISBN 97890 8216 0918
Ferkeappriis € 12,45

tomkedragt

 

Under it pseudonym fan Tomke Dragt, mei in knypeachje nei sawol de namme fan de ferneamde berneboekeskriuwster Tonke Dragt as nei syn eigen lingte, publisearret Ihno Dragt, de direkteur-konservator fan de Stichting Musea Noardeast Fryslân in earste dichtbondel.

De titel is: 25 Frisse Fryske Ferskes: sa mar út myn Hollânske pinne drippele.
Dy ferriedt fuortdaliks al dat de skriuwer fan hûs út gjin Fries is. En dat jout, sa as in op dat mêd betûften-ien it útdrukte, somtiden net gebrûklike wurdkeppelingen op, dy’t in “native speaker” net gau betinkt. De auteur hat mei syn debútbondel net de pretinsje om heechsteande poëzy te bringen. Sterker noch: hy jout oan net iens te witten wat dêr foar trochgiet. Mar it is wol syn ambysje om syn plezier oan it skriuwen en dichtsjen yn de Fryske taal oer te bringen op de lêzer. En hy docht dat troch de wei fan rimelerij, ferrassende taalgrapkes en gûcheljen mei wurden.

By 16 fersen hat Tomke Dragt boppedat in yllustraasje makke. En om’t it opmeitsjen hielendal, ynklusyf it omslachûntwerp, troch himsels dien is, kin rêstich sein wurde dat it full-colour boekje fan 52 bledsiden yn alles syn stimpel draacht.

Fan de ferkeappriis is fjouwer euro, it bedrach dat oerbliuwt nei ôftrek fan de printkosten, ornearre foar de Stichting Markant Friesland.

Dy yn Bûtenpost fêstige stichting is in gearwurkingsferbân fan museums yn Noardeast-Fryslân. Sûnt in jier of fiif timmeret de stichting oan ’e wei om de organisaasje fan likernôch 25 oanslettene kultueroanbieders (yn seis gemeenten) en it belibjen fan de kultuerhistoarje nei in heger plan te tillen.

It boekje is te keap yn ’e winkel fan de museums yn Dokkum en Moddergat, mar ek te bestellen by info@museumdokkum.nl. De kosten foar it ferstjoeren binne € 3,50.

Non-fiksje

Ferskate auteurs
De vergeten tuinen van Gerrit Vlaskamp

Afûk, Ljouwert 2014
ISBN 97890 6273 9790
Ferkeappriis € 24,50

vlaskamp

Dit boek kent één hoofdpersoon: Gerrit Lambertus Vlaskamp (1834-1906): hovenier, tuinaanlegger en tuinontwerper. Hij legde in de tweede helft van de negentiende eeuw een groot aantal tuinen aan bij Friese notabele woningen, die tegenwoordig een bijzondere cultuurhistorische waarde hebben. Daarnaast is zijn naam ook verbonden aan de vermaarde Wilhelminaparken van Grou en Sneek. Zijn werk sluit naadloos aan bij de ontwikkeling van de Engelse landschapsstijl in Nederland.

Om meer zicht te krijgen op zijn loopbaan van hovenier tot tuinontwerper, moeten we Gerrit Vlaskamps portret in de lijst van zijn tijd zien te krijgen. Dat is precies wat diverse deskundige auteurs in verschillende bijdragen aan dit boek hebben gedaan.

Leendert Plaisier & Andries de Haan – met een inleiding van Geart de Vries
Leeuwarden tussen beide wereldoorlogen

Friese Pers Boekerij, Leeuwarden 2014
ISBN 97890 3300 4469
Ferkeappriis € 24,95

leeuwardenoorlogen

Tegenwoordig fotografeert bijna iedereen, maar in de eerste decennia van de twintigste eeuw legde slechts een klein deel van de bevolking, en dan vaak ook nog beroepsmatig, de directe omgeving vast op de gevoelige plaat. Een van deze fotografen was de Duits-Oostenrijkse fotograaf Charles Gombault (1880-1961), die van 1924 tot halverwege de Tweede Wereldoorlog in dienst was bij het Nieuwsblad van Friesland en het Leeuwarder Nieuwsblad, de kranten van mr. Mindert Hepkema uit Leeuwarden.

Gombault was geen echte nieuwsfotograaf, hij had vooral oog voor de meer algemene ontwikkelingen in Leeuwarden. Straatbeelden, het verkeer, sloop en nieuwbouw, vrije tijd en festiviteiten vormen een belangrijk onderdeel van zijn oeuvre. Daarnaast portretteerde hij veel mensen, van magazijnbediende tot burgemeester. Deze unieke fotocollectie is in bezit van het Historisch Centrum Leeuwarden.

Leendert Plaisier en Andries de Haan, die eerder de boeken Leeuwarden wat kwam, bleef en verdween 1 en 2 samenstelden, hebben een selectie gemaakt uit het bijzondere werk van Gombault en deze foto’s voorzien van informatieve teksten. Met deze uitgave is opnieuw een belangrijk stuk Leeuwarder historie voor een breed publiek toegankelijk gemaakt.

 

Jan Popkema
De Kristlik-Fryske Beweging yn de tweintichste ieu

Bornmeer, De Gordyk april 2014
ISBN 97890 5615 3205 (448 siden)
Ferkeappriis € 25,-

kristfryskebeweging

By it begjin fan de 20ste ieu wie it brûken fan Frysk yn it godstsjinstige sokssawat as flokke yn ’e tsjerke. De oprjochting fan it Kristlik Frysk Selskip yn 1908 brocht dêr feroaring yn: de eigen taal rekket it hert ommers folle mear. Dochs hat der yn ’e tsjerken in soad wjerstân west. Pas nei de Twadde Wrâldoarloch krige Frysk yn tsjerke in erkend plak(je). Yn dit boek giet de skriuwer de skiednis nei fan it Kristlik Frysk Selskip (1908-2012), it Roomsk Frysk Boun (1917-1997), it Grifformeard Frysk Selskip (1930-1945) en de Kristlike Fryske Mienskip op frijsinnige grounslach (1937-1963), mei omtinken foar foaral harren doelstellings en resultaten en hoe’t de tsjerken dêrop reagearre hawwe. Nei goed hûndert jier is Frysk yn tsjerke wol gewoan, mar noch altiten net fanselssprekkend. En dêrom hat in kristlik-Fryske beweging noch hieltyd reden fan bestean.

Jan Popkema (1942) is frisist en neerlandikus. Hy wurke ûnder oaren as leksikograaf by de Fryske Akademy en as learare-oplieder by de Noardlike Hegeskoalle yn Ljouwert. Eardere publikaasjes fan him binne û.o. Psalmbewurkingen yn it Frysk (1983), Basisgrammatica Fries (2006), Grammatica Fries (2006) en Mei it wiffe skip. Nei hûndert jier Kristlik Frysk Selskip (2008).

Rintsje Winia
Offenwier, doarp tusken Grienedyk en Aldfeart

April 2014 (212 siden)
Ferkeappriis € 22,50

 

Op 12 april 2014 is by it jubileumfeest foar de hûndertjierrige Feriening fan Doarpsbelangen Offenwier dit boek oer de histoarje en it heden fan Offingawier presintearre. Hast 25 jier sammeljen fan materiaal, foto’s, kranteknipsels, petearen, strune op ynternet en neiplúzje fan boeken stean oan de basis fan in prachtich boekwurk.

De Grienedyk, de Aldfeart, Snitsermar, Gravinneweg, Waterschappen en Sylen: hoe binne se ûntstien en wat is der feroare? In soad út it ferline is noch te sjen. Bysûnder is de ynformaasje oer de bewenningsskiednis fan alle wenten yn Offingawier. Mear as 200 pagina’s mei unyk fotomateriaal en in protte histoaryske kaartfragminten fertelle it ferhaal fan it doarp en syn bewenners. It boek is te bestellen fia de webside fan Doarpsbelang Offenwier.

Audioboeken

Ferskate auteurs
Fryske horror?

Audiofrysk, Easterwierrum april 2014
ISBN 97894 6038 0914
Ferkeappriis € 8,- (1 cd)

audiohorror

Live registraasje fan de Fryske Horrortour 2014, organisearre troch útjouwerij Regaad: Grins – Bernlef, Easterwierrum – de Tysker, Bitgummole – Ons Huis, Dokkum – Zero, Burgum – Kiehool. Audiofrysk hat live-opnamen makke fan de jûnen yn Easterwierrum en Bitgummole. Op de cd stean 6 ferhalen fan 4 auteurs/fertellers en 2 fragminten fan de oersetting fan De skacht en de slinger fan E.A. Poe.

Douwe Kootstra bringt in huveringwekkende stoarje út de Wâlden, dy’t him oan en by de Goddeleaze Singel ôfspilet, by wat no Noardburgum hyt. Willem Schoorstra skreau it ferhaal Chill, dêr’t it op in horribele wize misgiet. Gjin ferhaal om koart foar in jûntsje stappen te hearren. Aant Jelle Soepboer makke spesjaal foar dizze toernee it spannende ferhaal oer It kopke en de klok. Yn Syltocht fan Geart Tigchelaar giet de heit foar de lêste kear mei syn dochter op fakânsje. Foar de lêste kear? Urbex binne urban explorers, lju dy’t mei fotokamera deropút gean om foto’s yn ferlitten gebouwen te sjitten. Yn Sonnenborgh ha eartiids de kranksinnigen sitten. Of sitte dy der noch? Willem Schoorstra nimt jo mei ûnder de grûn. It twadde folksferhaal fan Douwe Kootstra spilet him ôf yn Selkirk, in lyts Skotsk stedsje, dêr’t de skuonlapper alles wit, oant er syn master fynt. Oan it begjin en oan de ein lêst Anne Tjerk Popkema twa fragminten fan it troch him oersetten De skacht en de slinger fan Edgar Allan Poe.

As jo it harkboek as dellaad keapje by Luisterrijk, krije jo as bonus twa skôgings oer it fenomeen horror en fertalen fan Willem Schoorstra en Henk Wolf derop ta.

Tiny Mulder
Tin iis (ynlêzen troch Geartsje de Vries)

Audiofrysk, Easterwierrum april 2014
ISBN 97894 6038 0884 (8 cd’s)
ISBN 97894 6038 0891 (MP3-cd)
Ferkeappriis € 20,-

tiniisaudio

Ferhalen oer de Dútske besetting (1940-1945) bliuwe almeast by anekdoates. Dêr is lykwols noch de helte net mei sein. Wichtiger is hoe’t minsken har hâlde en drage ûnder druk, hoe’t se reagearje as der in berop dien wurdt op har geastkrêft en hoe’t se it ferwurkje as se komme te stean foar de gefolgen as se ‘ja’ sein hawwe op dat berop.

Yn dit boek besiket de puber Klaske Jagersma, in helder famke mei kritysk each, te beskriuwen hokker ynfloed it ynheljen fan in Joadsk ûnderdûkerke, folge troch it mear en mear behelle wurden yn fersetsaktiviteiten, hân hat op harsels en de oare Jagersma’s. Se beskriuwt ek it gedrach fan oare minsken yn en bûten it ferset yn de bûtenwenstige omstannichheden. Se sparret har krityk net, as se dêr oanlieding ta sjocht. Sels fernimt se, hoe hurdhandich se folwoeksen wurdt troch de oarloch. De befrijing pakt de Jagersma’s nochris hurd oan.

En fierder…

Boek fan de Moanne – Yn maaie is It geloksbern fan Hilda Talsma it Boek fan de Moanne. Dit lêste diel fan de trilogy oer Elske, Ronny en Betty en harren belevenissen yn it fiktive doarp Frisum is no te krijen foar € 15,00 yn plak fan € 18,50 (as e-book € 8,50 – fia Elikser). Earder skreau Hilda Talsma De twadde hûd, wêryn’t Ronny en Elske inoar nei jierren wer treffe. Yn Flammen stiet har houliksfeest sintraal. En yn dit tredde diel komme de ferskillende linen byinoar.

KFFB – Op kommende wei binne It Sunhouse mystearje fan Anders M. Rozendal en Wy, dy’t bidde fan Anselm Grün. Foar dit lêste boek binne in tsiental gebeden út it boek Die Betenden fan de Benediktiner muonts Anselm Grün yn it Frysk en it Nederlânsk oerset troch Jacobus Knol en ds. Tjitske Hiemstra. Fotografe Nienke van der Meer hat by elts gebed in passende foto makke. Wy, dy’t bidde wurdt op sneon 10 maaie presintearre yn de Meniste Tsjerke, Wurdumerdyk 18 te Ljouwert om 14.30 oere. www.kffb.nl

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *