Tryntsje van der Steege

Nij op ’e planke – july 2014

logo.ensafh

Poëzij bliuwt in nijsgjirrich fenomeen. It alderearste kolleezje dêr’t myn stúdzje Ingelsk mei begûn wie ‘Academic Reading’, in fak dêr’t de grutten út de Ingelske literêre skiednis – Shakespeare, William Blake, T.S. Eliot – oan close reading ûnderwurpen wurden en wy as iverige studinten rigel foar rigel, wurd foar wurd op ’e siik gongen nei wat de dichter no krekt bedoeld hie, of bedoeld kind ha soe, of ûnbewust yn it gedicht stoppe hie. Wapene mei metafoaren, rymskema’s en leitmotiven gongen wy de gedichten te liif yn de ynterpretative striid.
Yn in folgjende stúdzje folge ik it kolleezje ‘Literaire Tekstinterpretatie’, itselde fak mar dan yn it Nederlânsk en mei Nederlânske dichters. Stylfigueren, enzjambeminten, aleksandrinen en alliteraasjes, ik snap wat it binne en hoe’t se wurkje, mar it wurket foar my net – alteast net faak.

Poëzij bliuwt in nijsgjirrich fenomeen. Want mei al dy teoretyske ûnderbouwing ha ik yn de praktyk noch hieltyd muoite mei it lêzen fan gedichten. It easket in beskate foarm fan konsintraasje en geduld en ferbyldingskrêft fan de lêzer dy’t ik gewoanwei mar dreech oproppe kin. Yn de simmer lykwols, as it hiele libben in pear fersnellings werom skeakelet, giet dat makliker. De nije gedichtebondel fan Eppie Dam en Klaas Bruinsma syn blomlêzing fan Spaanske poëzij lykje my dêrom hiel nijsgjirrich en gaadlik om op in waarme dei te lêzen, yn it skaad fan in grutte beam mei in sêft koeltsje dat troch de bledsjes rûzet. Foar de wissichheid stopje ik dan ek de KFFB-ferhalebondel, de sammele kollums fan Turfstekker en it fotoboek fan Abe de Vries yn ’e tas, foar as myn poëzij-geduld op is!

Poëzij

Eppie Dam
Fallend Ljocht
Friese Pers Boekerij, Ljouwert 2014
ISBN 97890 300 4537 (80 siden)
Ferkeappriis € 14,95

eppiedam

Eppie Dam dichtet oer ôfbrek en ferlies fan krúsjale funksjes, oer it ôfbroazeljen fan âlde godshuzen en it wurd dat ea betsjutting hie, en oer de dea dy’t ‘reusachtig en onbegrijpelijk’ is sa’t Cseslaw Miłosz dichte yn syn Theologische traktaat, dêr’t Eppie Dam njoggentjin fersen fan oersette. Yntusken giet it slûpspoar fan de slak streekrjocht nei de blomkoal ta.

(…) al krûpend witst dyn doel al,
eagen op stâltsjes, de stikeme noas
fan de lânferkenner –

en as ik even net sjoch, bist fierder as ik tocht.

(út Oan de slak yn myn tún)

Klaas Bruinsma (gearstaller en oersetter)
Blomlêzing út ’e Spaanse poëzij
Elikser, Ljouwert 2014
ISBN 97890 8954 6562 (132 siden)
Ferkeappriis € 13,50

spaansepoezij

Masteroersetter Klaas Bruinsma jout in oersjoch fan Spaansktalige poëzij fan de iere sechstjinde ieu ôf oant en mei ‘de belangrykste dichter op dit stuit yn Latyns-Amerika’. Neffens de útjouwer: ‘De treflike wielderige Spaanske gedichten binne in genot om te lêzen en de skientme fan de Fryske fertalingen foeget der in diminsje fan eigenens oan ta. Al mei al in oanwinst foar ús hieltyd waaksjende Fryske bibleteek.’

Proaza

Ferskate auteurs
It achtslaan wurdich
KFFB, Dokkum 2014
ISBN 97894 9197 1020 (96 siden)
Ferkeappriis € 10,00 (leden € 7,00)

achtslaan

Jubileumbondel mei de acht bêste fiksje-, non-fiksje- en reisferhalen fan de ferhalewedstriid ta gelegenheid fan tachtich jier KFFB.

Ferskaat

Abe de Vries
Friesland | Fryslân
Bekking & Blitz, Amersfoort 2014
ISBN 97890 6109 0007 (192 siden)
Ferkeappriis € 19,90

fryslan

Toeristysk fotoboek mei teksten yn it Nederlânsk, Frysk, Ingelsk en Dútsk.

Ype Jan de Vries
Wat ik sizze woe…
Pumbo, juny 2014
ISBN 97894 9116 4354 (75 siden)
Ferkeappriis € 19,95

sizzewoe

In seleksje fan kollums dy’t Ype Jan de Vries as ‘Turfstekker’ skreau foar De Skeakel, Pluskrant en Breeduit fan 2000-2013.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *