Teleks: Brede stipe foar Taalweb Frysk en oanpaste stavering

logo.ensafh

Yn Provinsjale Steaten is in soad stipe foar it plan fan de Fryske Akademy foar Taalweb Frysk: in nije Fryske online wurdlist mei staveringshifker en online wurdboek. Neffens de measte partijen hat it ûnderwiis dêr in soad ferlet fan. Ek binne der yn Fryslân in soad minsken dy’t wol wat stipe brûke kinne by it skriuwen fan it Frysk.

De nije wurdlist moat lykwols net sjoen wurde as in ferplichte standerd, mar as in foarkarswurdlist. Der bliuwt romte foar regionale farianten lykas Wâldfrysk en Súdwesthoeks. De list giet begjin 2015 online.

De ôfrûne tiid wie der in soad diskusje oer it oanpassen fan de stavering, mar de Steateleden fûnen dat gjin beswier. “De diskusje jout oan dat it Frysk libbet”, sei Ingrid Wagenaar fan de PvdA. De Fryske Akademy sil it Taalweb tongersdei presintearje op it Frysk filologekongres yn de Koperen Tún yn Ljouwert.

Formeel moatte de Steaten der nije wike noch oer stimme, mar alle partijen binne foar.

Boarne: Omrop Fryslân

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *