Blog Henk van der Veer: Abe de Vries oer ensafh

logo.ensafh

Wear un bysonder opbouwend artikel over de Friese literatuur. Bovenstaand stukje staat fandaach in ut Friesch Dagblad.

Lês fierder by Henk van der Veer

IMG_NEW

5 reaksjes op “Blog Henk van der Veer: Abe de Vries oer ensafh

  1. “It liket wol of de redaksje bang is om te redigearjen. Of om stikken ôf te wizen.” skriuwt de Vries
    Ha,ik moat al wat gnize; wy hawwe in kear wat gedichten fan Abe weromstjoerd herinnerje ik my noch goed. Mei wat redaksjefoarstellen derby.
    Oei, dat wie mis. Wêr ‘t wy it lef weihellen. De Vries hat syn wurk fuortdaliks weromlutsen.
    Wat in gotspe dan om soks no te roppen.

  2. Geart Tigchelaar – it oanstoarmjend Fryske literatuertalint – hat neffens my yn dit nûmer in pear ynteressante bydragen –

    in 7-tal siden geane oer de poëzij fan Abe de Vries, en dan benammen oer ‘Ravensulver/Ravenzilver’.
    De dichter Abe de Vries kin net in soad beswier hawwe tsjin dit besprek, en dochs negearret er dizze foarriedige analyze.

    Ek de kritikus Abe de Vries soe werkenne kinne dat Geart Tigchelaar ut syn karavan yn Denemarken it Frysk noch altiten goed begrypt, en nijsgjirrige kommentaren skriuwt.
    No sa!

  3. Tige tank, Josse, foar dyn wurden.

    Freonlike groet út in op it stuit reinich Jutlân,
    Geart

  4. Ik ha my wol fermakke mei Geart syn besprek – mar ek wer net. Dat dûbele gefoel sil elk wol kenne dy’t tekst oer syn eigen wurk lêst. In resinsje yn it FD is lykwols net it bêste plak foar in meiwurker fan ‘e krante om ljocht skine te litten op in besprek fan syn eigen wurk. Fermakke, om’t Geart der wol wurk fan makke hat. Ek wer net, om’t ik tink dat in oeuvreskôging dochs wat oars wêze moat as in samling resinsje-oansetten lardearre mei persoanlike foarkarren dy’t fierder net ûnder de loep lein wurde.

    Wat is it dochs nuver, sa’t de redakteuren Edwin de Groot en Cornelis van der Wal reagearje op krityk. Dat wol sizze, net reagearje, oars as mei it blazen fan wat grutte wurden en leuke plaatsjes. Miskien soene se ús ynstee ferdútse kinne wat de redaksje krekt foarhie mei it tema ‘nij’, en hoe’t de redaksje tinkt de kommende temanûmers oan te pakken – op deselde wize?

  5. At Abe dit al grutte wurden fynt. Feit bliuwt dat Abe in krityske redaksje wol (terjochte) mar sels gjin krityk ferneare kin. Der sjit my in giele maitiidsblom yn ‘t sin. En wat it FDstik oanbelanget: gjin inkelde ûnderbouwing, allinne mar wat roppe. It fernuveret my dat it FD sokke earmoed publisearret.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *