Spesjale Gysbert-Edysje Piksjitten op Snyp

logo.ensafh

Fan de roman Piksjitten op Snyp fan Gysbert Japicx-priiswinner Josse de Haan ferskynt in spésjale Gysbert-edysje dy’t fan dizze wike ôf yn in tal boekhannels foar in aksjepriis fan 10 euro te keap oanbean wurdt.

Piksjitten op Snyp kaam yn 1999 út by de Koperative Utjowerij yn Boalsert. De Friese Pers Boekerij hat de oerbleaune foarried boeken fan de KU oernommen en fersoarget de distribúsje. De KU bestiet net mear.

Neffens útjouwer Abe de Vries fertsjinnet it boek op ’e nij omtinken no’t ôfrûne tongersdei oan de skriuwer de GJ-priis útrikt is. ‘As in skriuwer sa’n priis kriget, moat syn bêste wurk fansels al yn ’e winkel lizze. Piksjitten heart ta de kanon fan it Fryske proaza. Mar út de reaksjes op de Gysbert-takenning oan Josse de Haan hat bliken dien dat in protte skriuwers syn wurk net kenne, dy achterstân kin no ynhelle wurde.’

Piksjitten op Snyp wurdt op it búkbantsje dat de Friese Pers Boekerij om it boek lein hat, oanpriizge as ‘it masterwurk fan ’e aventoerlikste skriuwer fan Fryslân’.

*

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *