Dirk Jan Muntendam

Déjà-doch mar net

logo.ensafh

Besprek It Sunhouse Mystearje fan Anders M. Rozendal.

De mysterieuze titel en dito foarkant makken dat it boek my bot oanlake. In titel dêr’t fan alles fan te ferwachtsjen wie, in efterside dy’t ferhelle oer déjà-vu en déjà-vécu’s. It tinken dat je eat alris faker sjoen hawwe en it tinken dat je itselde al ris meimakke hawwe. Djipgong en útdaging, dat woe ik fine yn it boek en mei in soad entûsjasme sloech ik it iepen.

It boek ferhellet fan Janny dy’t nei in kuierfakânsje yn Ingelân ynienen dreambylden foar har sjocht dy’t op it ferline slaan. In soarte fan déjà-vu, mar dochs is dat krekt net genôch om te beskriuwen wat hja meimakket. By in tsjerkhou kin se op in ferware stien lêze hoe âld oft Everett Ambrose wie. Sels wit se eins net hoe’t se dat wit. As de fakânsjegongers by it yn de nederklits rekke hûs, Sunhouse, komme, wurdt it Janny tefolle en rekket se út ’e tiid. Net folle letter is se der wer. It is krekt as wie se hjir earder. Se hat it stee earder sjoen. Dit plak, dit stee, hjir is wat mei. Eat yn har wit dat se hjir net foar it earst komt! Mar hoe kin dat no? Har nochteren oanleine man Douwe wol der net de measte drokte fan meitsje. Hy tinkt dat it komt fanwegen it driigjend ûntslach op it wurk.

Weromkaam yn Fryslân blykt yndied dat har wurk der op sit, hja krijt dien. Dan komt Janny yn stil farwetter, mei inkeld har tinzen dy’t har dagen kleur jouwe. Se lêst boeken fan âld Ingelân. Sunhouse komt yn har dreamen hieltyd promininter foar. De dreamen dy’t begûnen yn Ingelân binne dêr net bleaun, hja binne sels helderder en sterker weromkommen en alle nachten – of mei in knipperke oerdeis – komt it werom. Hja is ynienen Tiffany, in jongfaam út it Ingelân fan likernôch om 1850 hinne. Yn har dreamen libbet hja hár libben. Sy is dochter fan in apteker en in frou fan kwizekwânzje dy’t har jerne ophâldt mei de oare notabelen yn it doarp. Heit komt faak op Sunhouse.
Janny rekket thús it paad wat bjuster mar kin by har man en twa soannen net rekkenje op al tefolle meilijen en kompasje. Hja pielt der wat mei om en beslút om it ferhaal te fertellen oan de buorfrou, dy’t wat mear yn dit soart saken thús is en stelt út en gean nei Ingelân om te sjen wat it no krekt betsjut. Hja tinkt dat it in déjà-vécu wêze kin; de tins dat de ûnderfining earder belibbe is. Janny wol der net oan, se is frou fan God. Lykwols wol hja wol graach witte hoe’t it kin. Yn Ingelân besykje de beide fruolju de finger efter it hoe en wêrom fan de dreamen fan Janny te krijen en wêrom’t hja faak oermand wurdt. Sunhouse wurdt it epysintrum fan it ferhaal. It andert moat dêr lizze. Hja moetsje wer de lêste telch fan it slachte Everett; in einzelgänger dy’t it ferhaal mar nuver fynt. Lykwols, yn Ingelân, sa seit buorfrou Bettinna, binne dit soart tinzen en dreamen in stik better ynboargere. Wat fierder yn it ferhaal reitsje Janny en Tiffany mear mei inoar ferweven en wurdt it dreech om de twa persoanlikheden útinoar te hâlden. Lang om let slagget it Janny dochs om foargoed ôfskied te nimmen fan Tiffany, de njoggentjinde iuwske geast dy’t har yn har harsens fêstbiten hat.

It ûnderwerp fan it boek is hiel ferrassend en in ferfrissend nij idee, net in ûnderwerp fan kom-al-den-dei. De útfiering is lykwols in stik minder. Dêr’t je as lêzer djipgong en útdaging sykje yn it hoe en werom fan dit ferhaal, bliuwt de skriuwer dêr fier wei fan. Dy nimt nammentlik de lêzer fan kop oant sturt by de hân en kôget him alles foar. It ferhaal bliuwt oergryslik oan de oerflakte. Der is gjin djipgong yn it plot, de beide ferhalen rinne mear njonkeninoar as yninoar ferweven. De lêzer krijt net in bân mei wa dan ek fan de personaazjes. Janny, de haadpersoan, is dreech, net leuk, saai. Hja wurdt as persoan net útdjipt. It libben draait by har allinnich mar om de mysterieuze dreamen sûnt se út Ingelân wei is. It wurk, dat yn it begjin in wichtige rol spile, komt hielendal net werom. It iennichste dat har dwaande hâldt binne de frjemde dreambylden.

“As wy ús letter deljouwe, behellet Tiffany my wer yn har libben. Ik kin net oars as my dêr folslein oan oerjaan”.
“Nijsgjirrich doch ik de eagen ticht. Mear hoech ik ek net te dwaan, de dream nimt opslach wer besit fan my”.

Der hie mear út de spanningen fan Janny en har isolemint yn har gesin helle wurde kind. De rêdende ingel dy’t de buorfrou is, it ûntslach, it komt allegearre tige goed út. It ferhaal fan de Ingelske frou Tiffany is op himsels goed delskreaun, de skriuwer hat grif yn dy omkriten west en de byldzjende styl fan beskriuwen makket dat de lêzer wol in goed byld krijt fan de tiid dêr’t it oare ferhaal yn spilet. Dêr’t it ferhaal fan Janny oan de oerflakte driuwen bliuwt, sa is it ferhaal fan Tiffany (in o sa nayf famke) like oerflakkich. Dat hie ek wol better mocht. Lykas it hjoeddeiske ferhaal ferrint it ferhaal yn 1850 gronologysk. Grutte happen wurde út it ferhaal nommen. Dêr’t it begjin noch o sa persys beskreaun wurdt, wurdt it op de ein in bytsje ôfraffele. Op in beskaat momint is it ferhaal alve jier fierder as wie der neat bard.

“In brief. In brief fan Benedict Everett (…). In útnoeging, no noch, nei âlve jier (…)”

Yn dit gefal is it spitich dat de lêzer dêr net folle mear prikkele wurdt om sels te tinken. It efkes weilizzen fan it boek of it fierder gean in pear pagina’s letter wurdt sa net ûnmooglik makke. Ek de kursive dielen (dy’t it ferliene ferhelje) meitsje dat it foar de lêzer fuort dúdlik wurdt dat der in oar ferhaal komt. Dat is steurend. Sa no en dan flarden fan de tiid fan doe, net gronologysk, hie it ferhaal mear kasjet jaan kinnen.
It hichtepunt fan it boek is dat Janny it hjir en no net mear ûnderskiede kin fan doe en letter. Hja mient Tiffany te wêzen en werkent de minsken dy’t by har binne yn it no net mear.

“Bist yn ’e war Janny, do bist Tiffany net. (…) Ik begryp har net, dit minske praat der nuver yn om. Of se sjocht my foar in oarenien oan.”

Dizze ferweving fan beide karakters makket dat it ferhaal in ferrassend ein krijt. De ein fan it boek, dêr mei de skriuwer grutsk op wêze, dêr hâldt it ferhaal einlings de oandacht fêst en wolle je jerne fierder lêze. Spitigernôch duorret dat net lang. Rozendal skriuwt bot út ien haadpersoan wei, wylst yn dit gefal, it folle oantrekliker wêze soe om it byld fan Janny júst te fertellen út it eachweid fan de oare personaazjes wei. Júst de Fryske nochterens lient him poerbêst om déjà-vu/déjà-vécu, en de swierrichheden dy’t dat opsmite kin, te ferheljen en sa de lêzer mei te krijen mei de haadpersoan. Miste kâns.
Lykas sein, it hie better west as de dreambylden har behindere hiene yn de alledeiske dingen. Dan hiene je as lêzer ek mear boeid wurde kinnen. De ein is it hichtepunt fan it boek en it is spitich dat de skriuwer net op dat nivo begûn is. Dan hie it in hiel aardich, lêzensweardich boek wurde kinnen.

itsunhousemystearje-web

Anders M. Rozendal
It Sunhouse-mystearje
KFFB 2014

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *